Op freed 25 oktober is in fariearre program yn teäter De Koornbeurs. Moarns wurdt it earste eksimplaar fan Pompster Psalmen, Dam syn autobiografy yn dichtfoarm, oanbean. Abe de Vries jout in laudatio en Omrop Fryslân toant de premjêre fan in FryslânDOK oer Dam. Jûns is der in soad ferdivedaasje mei optredens fan û.o. Inez Timmer, dy’t Fryske fertolkingen bringt fan Joni Mitchell en Leonard Cohen, en it folktrio Paddy’s Day Off mei Ierske balladen, oerset troch Dam en de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, draacht gedichten.
Op sneon 26 oktober is yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer in program mei geastlike lieten, kantates en liturgyen dy’t Eppie Dam skreaun hat. Op snein 10 novimber wurdt it Frysk Rekwiem ‘Wylst de wrâld fan wille skattert’, mei tekst fan Eppie Dam en muzyk fan Jan de Jong, útfierd yn de Martinitsjerke. Opnamen dêrfan wurde dyselde moanne troch Omrop Fryslân útstjoerd.
Yn de hiele moanne oktober binne yn Museum Martena portretten fan Eppie Dam te sjen en de Frjentsjerter biblioteek toant yn in lytse útstalling wurk út de privee-kolleksje fan Eppie Dam en linofiken fan Lienke Boot.
It program Oer Alles is in inisjatyf fan de Academie van Franeker yn gearwurking mei û.o. Theater De Koornbeurs, Franeker Bibliotheek, Museum Martena, PKN Franeker/Martinitsjerke, CSG Anna Maria van Schurman, Gemeente Waadhoeke, NHL Stenden en Tresoar.
Programma 25 oktober
Moarns 11.00 – 12.00, Teäter De Koornbeurs, Noord 2.
- Oanbieding autobiografy Pompster psalmen (Dokkum: Wijdemeer)
- Lofrede Abe de Vries
- Premjêre dokumintêre “Portret Epppie Dam” FryslânDOK/Omrop Fryslân
Presintaasje: Rolf Bremmer
Middeis 14.00 – 16.00
Workshops
- Linofiken meitsje mei yllustrator Lienke Boot, Teäter De Koornbeurs
- Bern meitsje dieregedichten, mei Arjan Hut, Dichter fan Fryslân, Bibliotheek Franeker
Jûns 20.15 – 22.00
“Oade oan Eppie Dam”, Teäter De Koornbeurs
- Bernekoar Seewyn û.l.f. Trudy Baard: Fjouwer dappere mûskes/Ticht by hûs bin ik geboaren”. Ferteller: Neeltje Bonnema
- Inez Timmer, mei kombo, sjongt Eppie Dam
- Learlingen CSG Anna Maria van Schurman presintearje harren reaksje yn wurd en byld op wurk fan Eppie Dam
- Arjan Hut, Dichter fan Fryslân, dichtet oer Eppie Dam
- Gerard de Jong, Pompster gedichten yn it Bilkerts
- Folktrio Paddy’s Day Off spilet Ierske balladen, oerset troch Eppie Dam
- Libbene kollums troch Liuwe Westra, AnnaMarije Bloem en Bert Looper,
Presintaasje fan it jûnsprogramma: Idske Bangma
Programma 26 oktober 20.00 – 22.00
“De stjerren fan ’e himel – sjonge mei Eppie Dam”
Kwartettekoar û.l.f. Feike van Tuinen, Con Amore Musica û.l.f. Gerben van der Veen
Fluit – Aafke Reinders, Piano – Sjoukje van der Velde, Alt – Femke de Boer, saksofoon – Jesse Elkerbout (Advendo), Oargel/Harmoanium – Jochem Schuurman, Harmoanium – Jan de Jong
Op it programma stean lieten fan Eppie Dam op muzyk fan Hindrik van der Meer, Jan de Jong, Feike van Tuinen, Gerben van der Veen, Joseph Haydn en Johann Sebastian Bach.
Presintaasje: Dineke Bos
Lokaasje: Martinitsjerke, Breedeplaats
Laat een reactie achter