Fan 1 o/m 26 septimber 2025 binne it wer de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? En it is ek nochris in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. It tema fan dit jier is ‘aventoer’. In werkenber tema foar eltsenien dy’t mei jonge bern te krijen hat!
Foar de pjutte-opfang
Foar pjutten (2-4 jier) ferskynt alle jierren in nij Tomke-boekje, fol mei ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. It tema fan 2025 is ‘aventoer’. Der is ek in Stellingwerfske, in Bildtske en in Franeker ferzje fan it Tomke-boekje. Sjoch foar mear ynformaasje oer Tomke op tomke.frl.
Alle pjutte- en berne-opfanglokaasjes yn Fryslân (én gastâlden dy’t har opjûn ha), krije nije Tomke-boekjes besoarge yn de wike foarôfgeand oan de Lês-mar-foar-wiken. Sy kinne dêrút foarlêze (litte) en de boekjes dêrnei oan de pjutten mei nei hûs jaan.
Foar skoallen
Keimpe de Krokodil hâldt fan Frysk lêzen! Keimpe stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, foar bern fan 4-8 jier en wol bern, âlders en learkrêften stimulearje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Mei de Lês-mar-foar-wiken ferskynt in nij boekje fan Keimpe mei ferhaaltsjes en spultsjes, yn it tema ‘fol aventoer’. Alle basisskoallen fan Fryslân krije it Keimpe-boekje en in byhearrende lêsbrief tastjoerd, dêr’t sy mei de Lês-mar-foar-wiken út foarlêze kinne. En kenne jim de Keimpe-rap al? Besjoch, lústerje en sjong mei en miskien winne jim wol in optreden fan Sytse en Melissa op jim skoalle!
Foar Thús
Foarlêzen, dêr begjint it mei! Tegearre in boekje lêze fersterket de bân mei dyn bern. En bern dêr’t as lytse poppe al oan foarlêzen wurdt, binne letter better yn taal. Asto wolst dat dyn bern yn it Frysk opgroeit, is foarlêzen is in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. Lês hjir mear oer meartalich opgroeien.
Op telefyzje
Op tsjil.omropfryslan.nl binne allegear leuke filmkes te besjen foar bern. Sa binne der 4 printeboekfilmkes, filmkes fan Hinke de Ko en de nije searje ‘Wat in aventoer!’. Op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út de Tomke-boekjes te hearren!
Yn de biblioteek
Mei de Lês-mar-foar-wiken is it ek wer feest yn de biblioteek! Dit jier binne der foarstellingen foar pjutten fan Willy van Assen (Danswil), Poppentheater Rozemarijn en fan Willy van der Meer. Pyke Kroes & Carel van Leeuwen sille harren foarstelling oer it populêre boek ‘Lampke’ wer opfiere foar de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis. It sil grif wer in sukses wurde!
It Lês-mar-foar-projekt
It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan de Tomke- en de Keimpe-wurkgroep en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier.
It Lês-mar-foar-projekt ynvestearret mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. www.taalplan.frl.
Laat een reactie achter