• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Neerlandistiek. Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Categorie
    • Neerlandistiek voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Vacatures: twa promoasjeplakken op it mêd fan de Fryske taal en kultuer

11 januari 2022 door Redactie Neerlandistiek Reageer

De Stifting Fryske Akademy docht wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân en leveret dêrmei in kritysk-opbouwende bydrage oan it ynternasjonale wittenskiplike debat en oan hoe’t de mienskip him ûntjout. Al is de Fryske Akademy oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) liearre, it ynstitút sit stevich yn de regio bewoartele.

Yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam binne wy op syk nei

twa promovendy
foar twa projekten

Funksje ynformaasje

De Fryske Akademy biedt yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam twa promoasjeplakken foar fjouwer jier op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Ast op syk bist nei in nijsgjirrich wurkplak dêr’tst selsstannich ûndersyk dwaan kinst en dêr’t belangstelling foar de Fryske taal ferbûn wurdt mei eigentiidsk ûndersyk oan ien fan de Europese topuniversiteiten op it mêd fan Taalwittenskip, dan biede wy no twa unike mooglikheden. Troch de gearwurking fan FA en UvA krijst tagong ta in sterke, ynternasjonale ûndersyksomjouwing en tagelyk ta spesjalistyske kennis oer Fryslân en de Fryske taal.

Wy biede twa plakken om twa fan fiif mooglike ûndersyksprojekten dy’t yn de projektbeskriuwing ‘The Remarkable Resilience of Frisian’ beskreaun wurde, út te fieren (taheakke by dizze advertinsjetekst). Do skriuwst yn fjouwer jier in proefskrift oer ien fan de fiif ûnderwerpen út de projektbeskriuwing

Dêrfoar binne wy op syk nei kandidaten dy’t goed thús binne yn de Fryske taal – foar in pear projekten op native nivo – en in eftergrûn yn of dúdlike affiniteit hawwe mei de taalkunde of letterkunde (histoaryske taalkunde/filology, fonology/fonetyk, taalfariaasje, taalsosjology/ sosjolinguistyk).

Funksje-easken

  • in mastertitel mei treflike sifers yn in oanbelangjend fakgebiet;
  • fereaske talekennis: sjoch de projektbeskriuwingen;
  • treflike akademyske skriftlike en mûnlinge feardichheden;
  • goede sosjale en organisatoaryske feardichheden;
  • grutte belangstelling foar in wittenskiplike karriêre.
  • oanfoljende easken per projekt steane yn de projektbeskriuwing.

Ynljochtingen


Foar mear ynformaasje kin kontakt mei prof. dr. Arjen Versloot opnommen wurde; hy sil as earste promotor fan dit projekt optrede: mailadres: a.p.versloot@uva.nl. Website: www.fryske-akademy.nl

Stânplak

De promovendy komme foar in part by de Fryske Akademy yn Ljouwert en in part by de Universiteit van Amsterdam te wurkjen. Yn oerlis en mei each foar dyn persoanlike omstannichheden sil dat oer dy fjouwer jier tusken de 40 en 60% yn Ljouwert of Amsterdam wêze. De promoasje is oan de UvA.

Oanstelling

De promovendy wurde foar in perioade fan 4 jier oansteld. Yn earste ynstânsje wurdt in kontrakt fan 1 jier oanbean, mei in ferlinging foar de folgjende jierren op grûn fan in evaluaasje fan, ûnder mear, in skriftlik ûndersyksresultaat. Wy biede in foltiidske promovendus-oanstelling (38 oeren wyks) foar 4 jier, leafst begjinne op 1 april 2022.
It salaris is, by in folsleine oanstelling, yn it earste jier € 2.443,- P skaal 0 smoarch yn ‘e moanne, oprinnend oant € 3.122,- smoarch yn it lêste jier. Geunstige arbeidsbetingsten hâlde yn: fakânsjejild en einjiersútkearing, neffens de cao Nederlandse Universiteiten. Wy biede in rom pakket fan sekundêre arbeidsbetingsten.

Ferskaat & Ynklusy

De FA achtet in wurkomjouwing wêryn’t elkenien him wolkom en wurdearre fielt fan grut belang. In wurkomjouwing dêr ’t omtinken yn is foar yndividuele kwaliteit en dêr ’t ûntwikkelmooglikheden foarop steane. Mei-inoar stribje wy nei in ynklusive kultuer dêr ’t wy ferskillen yn omearmje. Wy nûgje dan ek graach kandidaten út dy ’t troch harren eftergrûn en ûnderfining hjiroan in bydrage leverje wolle. By gelikense geskiktheid giet de foarkar út nei de kandidaat dy ’t it ferskaat binnen de FA op dy wize fersterket.

Sollisitaasjes

Do kinst sels ien of twa fan de fiif ûnderwerpen útkieze, dêr’tsto fan tinkst dat dat it bêst by dyn kennis en feardichheden oanslút. Do skriuwst oer it ûnderwerp fan dyn kar in ynhâldlike skôging fan likernôch 500 oant heechstens 1000 wurden, dêr’tst dyn fizy op it ûnderwerp en de oanpak beskriuwst. Dêrneist ûntfange wy fan dy graach in persoanlik motivaasjebrief en in CV, in oersjoch fan behelle diploma’s en behelle sifers, in relevante ûndersykspaper en/of masterskripsje, mooglik mei in publikaasjelist en ien of twa referinsjes.

Op basis fan dy stikken nûgje wy kandidaten út foar in petear. It earste petear sil online plakfine. Ut dy earste seleksjeomgong selektearje wy maksimaal 4 kandidaten (foar de twa plakken tegearre), dy’t frege wurde om in wiidweidiger projektútstel yn te tsjinjen. Details dêrfoer sille yn dat stadium bekend makke wurde.
Sollisitaasjes foar 7 febrewaris 2022 ynstjoere nei de Fryske Akademy, foar Nora Pratley, P&O-adviseur

Sollisitaasjepetearen binne pland yn de wike fan 14 febrewaris.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Nieuws Tags: Fries, vacatures

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht van de dag

Sint Nicolaas

Zie eens, Mietje! wat al lekkers
U, Sint Nicolaas al bragt;
Omdat ge’ als gehoorzaam Meisje,
Uw verpligting hebt volbragt.

➔ Lees meer

Bekijk alle gedichten

  • Facebook
  • YouTube

Chris van Geel

De koeien schemeren door de heg,
het paard is uit taaitaai gesneden,
in ieder duindal ligt dun sneeuw.

De branding vlecht een veren zee
waar zon over omhoog stijgt, licht waarin
geen plaats om uit te vliegen is.

Bron: Uit de hoge boom geschreven, 1967

➔ Bekijk hier alle citaten

Agenda

11 december 2025: Anne Frank, schrijfster

11 december 2025: Anne Frank, schrijfster

3 december 2025

➔ Lees meer
11 december 2025: Proefcollege Nederlands

11 december 2025: Proefcollege Nederlands

2 december 2025

➔ Lees meer
5 december 2025: Intreerede Jolyn Philips

5 december 2025: Intreerede Jolyn Philips

28 november 2025

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle agendapunten

Neerlandici vandaag

geboortedag
1946 Dick Wortel
➔ Neerlandicikalender

Media

Dichter Esther Jansma (24 december 1958-23 januari 2025)

Dichter Esther Jansma (24 december 1958-23 januari 2025)

2 december 2025 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
De postkoloniale podcast met Remco Raben over Pramoedya Ananta Toer

De postkoloniale podcast met Remco Raben over Pramoedya Ananta Toer

30 november 2025 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Peter van Zonneveld over Tjalie Robinson/Vincent Mahieu (1993)

Peter van Zonneveld over Tjalie Robinson/Vincent Mahieu (1993)

29 november 2025 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle video’s en podcasts

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d