• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Neerlandistiek. Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Categorie
    • Neerlandistiek voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Vacature: Postdoc ûndersiker op it mêd fan de Fryske letterkunde (0,5 – 1,0 fte)

19 januari 2023 door Redactie Neerlandistiek Reageer

Door Lwd-fotograaf – Eigen werk, CC BY 4.0

Functieomschrijving

Postdoc Fryske letterkunde
As fersterking fan ús ûndersyk op it mêd fan de Fryske letterkunde sykje wy in promovearre literatuerwittenskipper dy’t goed ynfierd is yn de Fryske literatuer, skiednis en kultuer en selsstannich in ûndersyksprojekt opsette en útfiere kin.

Wy nûgje dy út om sels mei ideeën te kommen foar it ûndersyksprojekt. Wy ferwolkomje sawol in teoretyske, empiryske as ferlykjende oanpak, mar sjogge it leafst in kombinaasje; dêrby achtsje wy it meinimmen fan de neikommende aspekten yn it bysûnder fan belang:

  • Maatskiplike relevânsje

It ûndersyk biedt ynsjoch yn de rol en posysje fan de Fryske letterkunde yn de maatskippij, yn relaasje ta tema’s lykas kultuer en identiteit, (ûn)belêzenheid, ûnderwiis en de posysje fan it Frysk as minderheidstaal.

  • Wittenskiplike relevânsje

It ûndersyk wurdt pleatst yn in bredere histoaryske en/of komparative kontekst en is wittenskiplik sjoen relevant, sawol foar de Fryske letterkunde as foar de literatuerwittenskip as ynternasjonaal fakgebiet.

  • Takomstich potinsjeel

It ûndersyk is potinsjeel út te wreidzjen en geskikt foar in langere ûndersyksline.

Taakstelling

  • untwerp en útfiering fan in maatskiplik relevant ûndersyksprojekt yn it ramt fan de Fryske letterkunde, yn oerlis mei begelieders en oare belanghawwenden
  • utfiering fan it ûndersyk: organisaasje, datasamling, -preparaasje (of -útwurking) en –analyze
  • tarieden en publisearjen fan peer-reviewed artikels
  • underhâlden fan kontakten mei relevante partners yn it Fryske en (ynter)nasjonale kennisfjild (yn Fryslân binne dat benammen Tresoar, de Fryske Akademy, Afûk en de NHL Stenden Hegeskoalle)
  • nei bûten bringen / falorisearjen fan it ûndersyksprojekt
  • organisaasje fan wurkbesites en konferinsjes
  • besite oan konferinsjes en akademyske gearkomsten
  • aktive rol binnen de ôfdieling Fryske taal en kultuer
  • fersoargjen fan kolleezjes oer letterkunde en begelieden fan ôfstudearskripsjes fan studinten Frysk.

Organisaasje
De Fakulteit Letteren hat in lange tradysje fan ûndersyk en ûnderwiis, dy’t mear as fjouwerhûndert jier weromgiet. It is ús missy om eksellint ûnderwiis oan te bieden en topûndersyk út te fieren. Wy binne sterk ynternasjonaal oriïntearre, mar ek stevich bewoartele yn Noard-Nederlân. Wy bouwe kennis op en diele dy mei de maatskippij. Wy wurkje yn in moderne, breed-oriïntearre en ynternasjonale organisaasje. Wy liede hast 6000 Nederlânske en ynternasjonale studinten op ta op ‘e takomst rjochte, kommunikatyf feardige en ûnôfhinklike akademisy. Wy foarmje in team mei in grut ferskaat dat bestiet út 700 entûsjaste, hurdwurkjende meiwurkers.

Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG)
By Fryske taal en kultuer oan de RUG is it ús opdracht om ûndersyk te dwaan en ûnderwiis te fersoargjen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Dêrby pleatse wy de taal, skiednis en kultuer fan dy minderheid yn Nederlân altyd yn in bredere ynternasjonale en histoaryske kontekst. Us ûndersyk bestrykt ferskate wittenskipsgebieten, lykas taalkunde, skiednis en letterkunde. Wy ûntwikkelje in sa folslein mooglik pakket fan op de Fryske taal en kultuer rjochte fakken, dat wy oanbiede oan in studintepublyk mei in grut ferskaat. Wy stribje by al ús aktiviteiten nei gearwurking mei partners yn sawol it Fryske as it bredere (ynter)nasjonale kennisfjild.

Functie-eisen

Funksje-easken

  • promovearre op in ûnderwerp yn de letteren, by foarkar op in Frysk letterkundich ûnderwerp
  • frysktalich of op syn minst by steat om it Frysk goed te ferstean en te lêzen en fierders ree en by steat om yn in Frysktalige kontekst folweardich funksjonearje te kinnen. Frysk skriuwe kinne is in pree
  • relevante akademyske publikaasjes
  • teamworker, noflik yn de omgong
  • ynternasjonaal oriïntearre, yn steat om it ûndersyk yn breder, ferlykjend perspektyf te pleatsen
  • by steat om it ûndersyk te ferbinen oan maatskiplike fraachstikken
  • kommunikatyf feardich en by steat om it ûndersyk te presintearjen, ek oan in breder publyk.

Organisatie

Arbeidsvoorwaarden

Wat biede wy?

Wy biede in salaris dat ôfhinklik is fan dyn kwalifikaasjes en wurkûnderfining, mei in minimum fan € 3.974, en in maksimum fan € 5.439, – (salarisskaal 11) bruto yn ‘e moanne by in fulltime oanstelling (CAO VSNU). Dêrneist krigest 8% fakânsjejild en 8,3% ein-fan-it-jier-útkearing en nimst diel oan it pensjoenfûns foar meiwurkers (ABP). Foar net-Nederlânske sollisitanten jilde mooglik oanfoljende geunstige belestingbetingsten. Wy biede 232 fakânsje-oeren jiers by in folsleine oanstelling.

De datum fan yn tsjinst kommen is leafst sa gau mooglik. Wy biede in kontrakt oan foar in perioade fan 3 jier. De fakatuereromte is 1 fte, mar fariaasjes yn omfang binne mooglik. It ferdielen fan de fte oer twa persoanen heart ek mei klam ta de mooglikheden. Wy nûgje elkenien dy’t minder as 1 fte beskikber hat dan ek fan herten út om te sollisitearjen.

Sollicitatie

Hoe kinst reagearje?
Kinst sollisitearje op dizze funksje oant moandei 27 febrewaris, 2023, 24.00 oere (Nederlânske tiid) troch it sollisitaasjeformulier op de webside fan de Ryksuniversiteit Grins yn te foljen.

Kinst it sollisitaasjeformulier ynfolje en de neikommende fjouwer dokuminten (PDF-formaat) uploade:

1. in motivaasjebrief
2. in CV, ynklusyf in list fan twa troch dysels keazen “bêste artikels”, in folsleine list fan publikaasjes, en de nammen en kontaktgegevens fan trije referinten;
3. de sollisitant wurdt frege om yn de sollisitaasje koart yn te gean op syn / har ûndersyksideeën (maksimaal ien A 4 );
4. in represintative en relevante publikaasje fan dyn hân (ek te uploaden ûnder “ekstra dokumint” op ’e website).

Allinnich folsleine sollisitaasjes wurde yn behanneling nommen.

De seleksjepetearen sille wêze yn de twadde helte fan febrewaris.

De RUG is in ynklusive organisaasje, in wurkjouwer foar alle groepen yn ‘e maatskippij. Wy ferwolkomje dêrom in ferskaat oan perspektiven, eftergrûnen en kennis. Wy hawwe in aktyf belied om it tal froulike wittenskippers te ferheegjen. Wy nûgje dêrom yn it bysûnder froulike kandidaten út om te sollisitearjen.

Foar ynformaasje kinst kontakt opnimme mei dr. A.A. (Anne) Merkuur: a.merkuur@rug.nl (dit e-mailadres net brûke foar it ynstjoeren fan de sollisitaasje).

Akwisysje nei oanlieding fan dizze advertinsje wurdt gjin priis op steld.

Informatie

Voor informatie kunt u contact opnemen met:

  • dr. A.A. (Anne) Merkuur, a.a.merkuur@rug.nl

Bovenstaand(e) e-mail adres(sen) gelieve niet te gebruiken voor het reageren op de vacatures.

Reageren op deze vacature

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Nieuws Tags: Fries, vacatures

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht van de dag

Dean Bowen • een leugen doorspookt …

een leugen doorspookt de welving waarin je jezelf thuis waant, dus verlaat je het huis in een poging terug te vinden wat je in kinderlijke onschuld moest achterlaten.

➔ Lees meer

Bekijk alle gedichten

  • Facebook
  • YouTube

Chris van Geel

VOORUITGANG

Precisie is de grondslag van de moderne industrialisatie.
– Zo is de poëzie nog ergens goed voor.

Bron: Barbarber, januari 1968

➔ Bekijk hier alle citaten

Agenda

27 februari 2026: Vriendenlezing – Leren met boeken

27 februari 2026: Vriendenlezing – Leren met boeken

24 februari 2026

➔ Lees meer
1 maart 2026: Voorleesmarathon uit het oeuvre van Astrid H. Roemer

1 maart 2026: Voorleesmarathon uit het oeuvre van Astrid H. Roemer

24 februari 2026

➔ Lees meer
27 maart 2026: Culturele verbeeldingen van het Waddengebied

27 maart 2026: Culturele verbeeldingen van het Waddengebied

23 februari 2026

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle agendapunten

Neerlandici vandaag

sterfdag
1966 Arie Bouman
➔ Neerlandicikalender

Media

Sinte Franciscus Leven van Jacob van Maerlant

Sinte Franciscus Leven van Jacob van Maerlant

24 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Waarom voelt prima zo passief aggressief?

Waarom voelt prima zo passief aggressief?

23 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek 1 Reactie

➔ Lees meer
De Twintigers: Juicy

De Twintigers: Juicy

22 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle video’s en podcasts

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d