Op tiisdei 10 oktober krije fjouwer nije stimmen yn de Fryske literatuer, en miskien wol takomstige Gysbert Japicxpriiswinners, it poadium by Tresoar. Se makken teksten ynspirearre troch Japicx syn libben en wurk, en syn betsjutting foar de (Fryske) taal. Elly de Leeuw, Gabriëlle Terpstra, Joël Hut en KUÒ litte in ferskaat fan sjenres yn ferskillende talen hearre. Lês mear op de webside fan Tresoar: tresoar.nl/bezoeken/agenda/nei-japicx
Laat een reactie achter