Yn 2024 is it presys 10 jier lyn dat de Wet gebrûk Fryske taal yn wurking treden is. En dat betsjut dat ek DINGtiid syn earste desennium fiert. Reden foar in lyts feestje op woansdei 31 jannewaris 2024.
Hiel graach sjogge wy mei jimme werom op tsien jier Taalwet en DINGtiid. Wat is der yn dy perioade allegear berikt? En fansels wolle wy ek hiel graach foarút sjen. Us nijjiersresepsje is boppedat in moaie kâns om de tolve Asega’s fan ús jongereinpanel te moetsjen.
Us nijjiersresepsje fynt plak op woansdei 31 jannewaris 2024 fan 16.00-18.00 oere yn Haagens Lunchroom Leeuwarden oan Tesselschadestraat 35a yn Ljouwert. Oanmelde is ferplichte, en kin oant en mei woansdei 23 jannewaris fia de webside.
Laat een reactie achter