• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

21 maaie 2024: Publykslêzing – Tusken kust en kitsch

27 april 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Ier midsiuwsk Frisia troch de eagen fan Fikingen, it Aldfrysk en de hjoeddeistige ûndersiker

Yn ‘e iere midsiuwen stie ús kustgebiet bekend as Frisia. Oer see wie dat Frisia nau ferbûn mei de wrâld fan Fikingen en oare Noardseekustbewenners, it belang fan de kust as wengebiet stie sintraal. Nettsjinsteande regionale ferskillen wie de ferbûnens fan de kusten sa grut dat wy sels sprekke kinne fan in Noardseewrâld. Tagelyk waard Frisia ûnderdiel fan it grutte kontinintale Frankyske ryk, dat in tsjinhinger foarme fan dizze Noardseekrâld. Wat betsjutte dit foar de posysje fan Frisia? Hoe witte wy dat Frisia sa sterk ferbûn wie mei oare kusten, mar ek ûnderdiel wie fan it kontinint? En wat sizze Friezen, Fikingen, Franken en oaren hjiroer? 

Om Frisia yn de perioade fan de achtste oant de alfde iuw goed te begripen, moatte wy ferskate perspektiven neist inoar lizze. Net allinnich de perspektiven fan bygelyks Fryske kustbewenners, Frankyske machthawwers en foarbyfarrende Fikingen, mar ek dy fan de hjoeddeiske ûndersiker. Yn dizze lêzing nimt dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm (direkteur Fryske Akademy) dy fia materiële kultuer, mûnlinge tradysjes, taal en it maritime lânskip mei nei dizze wichtige en yntrigearjende wrâld fan Frisia en nei it ûndersyk dat dêrnei dien wurdt. 

Wat kitsch hjirmei te krijen hat? Dat fertelt se dy graach yn de lêzing.

19.30 – 20.00 Ynrin publykslêzing

20.00 – 21 .30 Lêzing

21.30 – 22 .00 Ofsluting mei buorrel

Oanmelde kin hjir.

Pinkstertiisdei

Dizze lêzing makket diel út fan Pinkstertiisdei: in dei yn it ramt fan de Fryske midsiuwen – ús dielde skiednis. Dit tema wolle wy fan no ôf alle jierren ûnder de oandacht bringe by publyk en professionals op ‘Pinkstertiisdei’. Want op de tiisdeis nei Pinkster, sa witte wy út midsiuwske boarnen, teagen rjochters út alle Fryske regio’s alle jierren nei de ‘Ustalsbeam’ – in plak by it East-Fryske Aurich – dêr’t se rjocht sprutsen en nije ôfspraken makken. De perfekte dei dus om nije ‘Aldfryske’ netwurken te smeien!

Yn 2024 is Pinkstertiisdei yn it ramt fan edukaasje. It middeisprogramma is tige nijsgjirrich foar professionals yn it ûnderwiis en ûnderwiisprofessionals yn spee, mar ek foar oare professionals op it mêd fan skiednis en minderheidstalen.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Agenda, Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: aldfrysk, frisia, lêzing, skiednis, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d