Johannes Keekstra fertelt oer François HaverSchmidt, ofwol Piet Paaltjens. François HaverSchmidt (1835-1894) waard yn Ljouwert berne. Al by syn libben wie François Haverschmidt ferneamd. Net as de talintfolle dûmny, syn berop, mar as dichter Piet Paaltjens. Dat wie syn ropping. HaverSchmidt soe ek auteur wêze fan it geheimsinnige boek Oera Linda, dêr’t de Fryske skiednis yn ferhearlike wurdt. De measte eksperts binne it der tsjintwurdich wol oer iens dat dit boek net echt is en dat it om in 19 de-iuwske falsifikaasje giet. Likegoed sprekt it manuskript hjoed-de-dei noch hieltyd ta de ferbylding.
It Oera Linda boek is dizze jûn ek te besjen.
Johannes Keekstra produsearre as makker en skriuwer it projekt Grauwe Hemel, mei dêryn in boek (útjouwerij Wijdemeer, 2021) en in lokaasjefoarstelling (Foudgum, 2022) oer de beruchte dichter-dûmny.
Dizze lêzing, dy’t Tresoar mei it Histoarysk Sintrum Ljouwert organisearret, wurdt holden yn it ramt fan de jierlikse Maand van de Geschiedenis. Yn 2024 stiet it tema Echt nep sintraal.
De lêzing is fergees by te wenjen. Wol wurdt der frege om in kaartsje te reservearjen yn ferbân mei de sealkapasiteit. Sjoch foar mear ynformaasje de webside fan Tresoar.
Laat een reactie achter