Yn 2023 krige Jetske Bilker de heechste literêre ûnderskieding fan Fryslân foar har Frysktalige roman Spegel en sonde: de Gysbert Japicxpriis. Op freed 18 oktober fynt de presintaasje plak fan de Nederlânske oersetting. Ek wurdt dy middei it keunstwurk ûntbleate dat neffens tradysje diel útmakket fan it winnen fan de priis. Elkenien is wolkom by dizze feestlike middei, dêr’t Jetske Bilker en fakgenoate Vrouwkje Tuinman op ynterviewd wurde troch sjoernaliste Kirsten van Santen. Yn it wurk fan beide skriuwsters komme tema’s as leafde, âlderdom en demintens foarby.
Yn it koarte en ôfwikseljende programma lêst Jetske Bilker ek foar út har priiswinnende boek en fersoarget Vrouwkje Tuinman in koarte foardracht. Keunstner Mark Bunder ljochtet koart it troch him makke portret ta.
Tiden en fergees reservearje
It (foar it grutste part Nederlânsktalige) programma op freed 18 oktober duorret fan 14.30 oant 15.30 oere. Ynrin fan 14.00 oere ôf en nei ôfrin boekferkeap en sinjearjen, ûnder it genot fan in hapke en in drankje. De eintiid is 17.00 oere. De tagong is fergees, mar reservearje yn it foar wol efkes in plak. Lokaasje: Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert.
Reservearje dyn fergeze ticket(s) op de webside fan Tresoar.
Laat een reactie achter