Hoe kinne it Frysk en oare regionale talen de kwaliteit fan de soarch befoarderje?
Sneon 9 novimber 2024 – 10.00 oere Auditoarium fan sikehûs Nij Smellinghe, Drachten
Hoe kinne it Frysk en oare regionale talen de kwaliteit fan de soarch befoarderje? Wat betsjut it foar de pasjint en wat foar de organisaasje? Oer dat tema organisearret DINGtiid, it Ryksadvysorgaan fan de Fryske taal, in lêzing mei paneldiskusje op sneon 9 novimber 2024. Sprekkers binne Nynke Boonstra, Thomas Müller en Annemieke Hofs.
Oer de sprekkers
Nynke Boonstra is heechlearaar Ferplegingswittenskip yn ‘e GGZ (UMCU), lektor Soarch & Ynnovaasje yn de psychiatry (NHL Stenden), en direkteur Soarch en ferpleechkundich spesjalist by KieN. Se ûndersiket en ûntwikkelet metoaden om de soarch foar minsken mei psychyske kwetsberens te ferbetterjen.
Thomas Müller is urolooch yn sikehûs Nij Smellinghe. Hy groeide op yn Dútslân. Foar syn wurk yn Drachten ferdjippe er him yn de Fryske taal en kultuer. Frysktalige pasjinten nûget er út om Frysk te praten. Wat leveret him dat op?
Annemieke Hofs is klinysk psycholooch yn sikehûs Nij Smellinghe en trainer fan it resint opsette programma ‘Noflike Taal’. Se leart soarchprofessionals hoe’t sy mei ynset fan tûke kommunikaasje pasjinten better op harren gemak stelle kinne. Hokker rol spilet taalkar dêryn?
Oer DINGtiid
DINGtiid is oprjochte by de Wet gebrûk Fryske taal (2014). Us wetlike taak is de likense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen. Wy advisearje dêroer oan Ryk, Provinsje Fryslân, bestjoersorganen en rjochterlike ynstânsjes. Dêrneist befoarderet DINGtiid de maatskiplike diskusje oer it Frysk.
Programma
Ynrin fan de lêzing is om 10.00 oere yn it auditoarium fan sikehûs Nij Smellinghe (Compagnonsplein 1, Drachten. Entree fia haadyngong). It programma set om 10.30 oere útein. Wy slute om 12.30 oere ôf mei in lunsj.
Oanmelde
Wy sjogge jo oanmelding graach foar freed 25 oktober 2024 yn ‘e mjitte fia ús online oanmeldformulier.
Laat een reactie achter