Op sneon 16 novimber is by Tresoar de fyftjinde Fedde Schurerlêzing. Flip van Doorn en Sietske Poepjes jouwe beide in lêzing oer it tema De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks. Piter Wilkens fersoarget it muzikaal yntermezzo.
It programma begjint om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere) en duorret oant 15.30 oere. Neisit oant 16.45 oere. Tagong fergees, mar oanmelde fia dizze link is nedich. Lokaasje: Tresoar, Bûterhoeke 1 te Ljouwert.
Foar mear ynformaasje oer de sprekkers, sjoch de webside fan Tresoar.
Laat een reactie achter