• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

20 november 2024: WikiWomen en Fryske edit-a-thon

8 november 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op 20 novimber wurde yn Ljouwert twa eveneminten holden dy’t bydrage oan in ynklusivere Wikipedia mei tagelyk mear taalferskaat. It middeisprogramma fan WikiWomen en de jûn fan de Fryske edit-a-thon rjochtsje har op it fersterkjen fan de represintaasje fan froulju en it behâld fan minderheidstalen op Wikipedia, mei bysûndere oandacht foar de Fryske taal en kultuer.

WikiWomen: Minderheden yn de Spotlight

Datum: 20 novimber, 15:00 – 17:00
Lokaasje: Stadskas, Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert

It WikiWomen Erasmus+ projekt nûget dosinten, fertsjintwurdigers fan musea en taalorganisaasjes en oare belangstellenden út om te ûntdekken hoe’t Wikipedia ynset wurde kin foar it fersterkjen fan digitale feardichheden, sosjale belutsenens en taalbehâld. By dit evenemint diele Ierske, Baskyske en Fryske learlingen en dosinten harren ynsichten en ûnderfiningen mei it fersterkjen fan frouljusrepresintaasje en minderheidstalen fia Wikipedia.

Spesjale projektmaterialen lykas it WikiWomen Student Curriculum, de WikiWomen Teacher Toolkit, en de WikiWomen GLAM Toolkit wurde presintearre. Dy boarnen biede konkrete helpmiddels foar ûnderwiis en kultuersektor om Wikipedia te brûken yn harren wurk.

Fryske Edit-a-thon: Skriuw de Froulju Yn!

Datum: 20 novimber, fanôf 19:30
Lokaasje: Stadskas, Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert

De jûns giet de oandacht út nei de Fryske Wikipedy mei de Fryske Edit-a-thon. Under begelieding fan eksperts fan Wikimedia út Ierlân en Baskelân leare dielnimmers hoe’t sy sels artikels skriuwe en bewurkje kinne. It doel is om froulju mear sichtber te meitsjen en it brûken fan it Frysk as minderheidstaal te fersterkjen. Yn dizze workshop krije dielnimmers de kâns om daliks oan ’e slach te gean mei it skriuwen fan artikels oer ynspirearjende froulju, spesifyk foar de Fryske Wikipedia.

De jûn stiet iepen foar elkenien dy’t de krêft fan Wikipedia ûntdekke wol en him/har ynsette wol foar in heterogene, ynklusive en Fryske online wrâld!

Beide eveneminten binne fergees en biede in unike kâns om by te dragen oan in Europeeske beweging foar gelikensens en taalbehâld.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda, Frisistyk Utljochte Tags: emancipatie, minderheidstalen, Wikipedia, wikiwomen

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d