De 65ste rige Akademylêzingen set yn novimber útein. De rige bestiet út trije lêzingedagen fan 10.00 – 15.00 oere en wurdt holden yn twa groepen: groep 1 te Ljouwert en groep 2 op ‘e Jouwer.
De Akademylêzingen is in rige fan 6 publykslêzingen ferspraat oer it winterskoft. Elk jier slagget de wurkgroep Akademylêzingen der wer yn in oansprekkende rige gear te stallen yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes yn Fryslân.
De lêzingen binne foar elk tagonklik. De ûnderwerpen binne aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema’s, dêr’t sprekkers op eigen wize ynfolling oan jaan kinne.
Geertje Lycklama à Nijeholt / Infectie en immuniteit, afweer en bescherming
Op tiisdei 21 jannewaris komt dr. Johanneke Liemburg oan it wurd oer ‘Geertje Lycklama à Nijeholt, 1938- 2014 – Feministisch strategisch’. Prof.dr. Marien de Jonge, Radboud Universiteit Nijmegen, sil it hawwe oer ‘Infectie en immuniteit, afweer en bescherming’.
Opjaan en kosten
De kosten foar it bywenjen fan de hiele rige Akademylêzingen (3 dagen) komme op € 30. It is net mooglik om foar 1 dei een kaart te bestellen.
Laat een reactie achter