• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

29 november 2024: Sympoasium ‘Bezeten bruggenbouwer’ Libben en wurk fan prof. dr. Fokke Sierksma

20 november 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Dit sympoasium is folboekt, oanmelde is net mear mooglik.

Ta gelegenheid fan it ferskinen fan de biografy, skreaun troch Jan Gulmans, oer it libben en wurk fan prof. dr. Fokke Sierksma (1917-1977) beljochtet it sympoasium ferskillende fasetten fan dizze Fries dy’t yn hast fjouwer desennia in belangryk yntellektueel wie.

‘Wat men ook over Sierksma zou kunnen zeggen, niemand kan volhouden dat hij een afwezige is. Integendeel, hij was niet alleen duidelijk aanwezig tijdens zijn leven, maar hij is dit ook nu na zijn voortijdige dood nog steeds’, sa beskreau Theo van Baaren syn kollega en freon Sierksma yn 1977.

Dizze bliuwende oanwêzichheid fan Fokke Sierksma – faak in geastlik omnivoar neamd – troch syn ideeën, boeken, wurden en dieden, wie ien fan de driuwfearren om dizze biografy te skriuwen.

Yn tweintich haadstikken wurdt net allinne Sierksma syn libbensrin sketst, mar ek syn grutte oeuvre dat him beweecht op tal fan mêden: fan de Fryske en Nederlânske literatuer (fan Obe Postma, Douwe Tamminga en Anne Wadman oant en mei Gerrit Achterberg, Jacques Bloem en Adriaan Roland Holst), oarloch en ferset, akkulturaasje, ûngelikens fan de seksen, religieuze projeksje, moade en klean, skilderkeunst, kultuerkrityk, mystyk, oant en mei de kultuer fan Tibet.

Ek wurdt yngien op Sierksma syn rol yn de Twadde Wrâldoarloch; hy wie belutsen by de Luisterpost. Dizze fersetsgroep harke oan de ein fan de oarloch út boekhannel Wielenga yn de Nieuwe Oosterstraat de Dútske Sicherheitsdienst (yn it Burmaniahuis yn Ljouwert) ôf. Sierksma – yn syn minskefyzje sterk beynfloede troch dizze riskante perioade – beskreau de gong fan saken op dizze Luisterpost yn syn boek Grensconflict. Sierksma neamde himsels oait in oarlochsynfalide. De ûnderfiningen yn de perioade fan de Luisterpost hienen in traumatisearjend effekt op him en syn famylje.

Programma:

13.00 oere ynrin.

13.30 oere iepening troch Geart de Vries.

13.40 oere lêzing troch Yme Kuiper: ‘Drie ongelovige vrienden in de ban van religie en magie: Theo van Baaren (1912-1989), Fokke Sierksma (1917-1977) en W.F. Hermans (1921-1995).’

14.10 oere lêzing troch Wim Hofstee: ‘Bewondering zonder volgzaamheid. Fokke Sierksma en Gerardus van der Leeuw.’

14.40 oere skoft.

15.10 oere lêzing troch Huub Mous: ‘Secularisatie als bron van godsdienstwaan, Fokke Sierksma en the sixties.’

15.40 oere lêzing troch Jan Gulmans: ‘De blijvende aanwezigheid van Fokke Sierksma’. 

Oanslutend folget de oanbieding fan de biografy Bezeten bruggenbouwer. It boek is ek te keap.

16.10 oere ôfsluting en neisit (mei drankje en hapke).

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: lezing, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d