• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

5 maart 2025: Miny-sympoasium Hof van Friesland

11 februari 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

foto: Tresoar

It gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert draacht de biblioteek fan it Hof van Friesland oer oan Tresoar. Ta eare fan de oerdracht wurdt in miny-sympoasium organisearre yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert.

It Hof van Friesland fungearre oant 1811 as de heechste rjochtsprekkende ynstelling yn Fryslân. De biblioteek fan it Hôf bestiet út sa’n 2.000 bannen mei ferskate ûnderwerpen. Dêr sitte fansels in soad boeken oer rjocht tusken, mar ek neislachwurken en sels prachtige atlassen. Fan Wilhelminaplein nei Bûterhoeke

Fan it yngebrûk nimmen fan it Paleis fan Justysje oan it Wilhelminaplein yn 1850 ôf hat de biblioteek dêr húsfeste west, oant de grutte brân yn it Paleis yn 1919. Yn in uterst besykjen om safolle mooglik boeken te hoedzjen foar ferbrâning, waarden se út de ruten smiten en dêrtroch waarden in soad bannen swier skansearre. De presidint fan it Gerjochtshôf hat dêrnei de boekerij yn bewar jûn oan de Provinsje Fryslân, dy’t de boeken yn behear jûn hat oan de Provinsjale Biblioteek, ien fan de foarrinners fan Tresoar. Nei de biblioteekkolleksje al dy jierren bewarre te hawwen, is Tresoar bliid dat it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert de biblioteekkolleksje fan it Hôf op 5 maart offisjeel oan Tresoar oerdrage sil. Sprekkers 5 maart

By it sympoasium op dy dei set de presidint fan it gerjochtshôf de bewarjouwing fan de biblioteek fan it Hof van Friesland offisjeel om yn in skinking. Dêrneist stean der twa lêzingen op it programma. Drs. Anne Tjerk Popkema, spesjalist Aldfrysk en boekskiednis by Tresoar, hâldt in ynlieding oer de ynkunabelen fan de Hôfbiblioteek. De twadde sprekker is prof. dr. Hylkje de Jong, heechlearaar oan de Vrije Universiteit Amsterdam (VU). Sy hâldt in ynlieding oer de biblioteek fan it Hôf yn relaasje ta it projekt Hof van Holland, Utrecht en Friesland; in gearwurkingsprojekt fan de VU en Tresoar oer achttjinde-iuwske sivile prosesstikken fan dy trije gerjochtshôven. Tiden, lokaasje en oanmelde

It miny-sympoasiumis op 5 maart en duorret fan 19.45 oant 21.15 oere. Ynrin fan 19.30 oere ôf en nei ôfrin fan it plenêre programma in buorrel (oant 22.00 oere).

Lokaasje: Paleis fan Justysje, Wilhelminaplein 1, Ljouwert

De tagong is fergees, mar oanmelde is ferplichte.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: bibliotheek, Symposium, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d