• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

11 april 2025: KFG-Sieperda-sympoasium

31 maart 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Ofbylding fan Wikimedia

Op freed 11 april organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip / Koninklijk Fries Genootschap yn ’e mande mei de redaksje fan De Vrije Fries, Tresoar en de Fryske Akademy it folgjende KFG-Sieperda-sympoasium oer Fryske kontakten yn de ôfrûne iuw oer de wrâld hinne.

Ferlet fan ferbining: Fryske kontakten, 1925-202

Hûndert jier lyn waard it earste Grut Frysk Kongres hâlden om de bannen tusken de trije Fryslannen oan te heljen. It gie dêrby foar in part om nostalgy mar likegoed om fierdere fersteviging fan de Fryske Beweging. Der wienen yn dy jierren mear inisjativen om Fryske kontakten bûten de provinsje oan te heljen. Yn 1923 waard bygelyks it Frysk Boun om Utens (wer)oprjochte, sadat men fier fan hûs dochs it Frysk-eigene hoedzje koe. Sa’n ferlet wie der ek al rillegau ûnder lânferhúzers yn Noard-Amearika ûntstien. En yn 1925 – dus ek hûndert jier lyn – waard yn Grins de Fryske Studinteferiening Bernlef oprjochte om as Friezen ûnderinoar kontakt te hâlden. It tema sil yn in Europeesk perspektyf pleatst wurde, want wat de Friezen diene wie perfoarst net unyk. Sa wie der yn deselde tiid de beweging dy’t de Europeeske naasjes tichterbyinoar bringe woe: de Paneuropeeske Uny, oprjochte yn 1923. In tal kundige sprekkers sil op dit sympoasium it opfallende ferlet oan ferbining fan sa’n hûndert jier lyn ûndersykje en sa mooglik ferklearje. Sy sille boppedat besjen wat de trochwurking fan de Fryske kontakten nei de oarloch west hat, ek mei oare taalminderheden yn Europa.

Programma

13:00 Ynrin mei kofje en tee

13.30 Iepening en wolkomswurd troch Joop Koopmans (foarsitter KFG en sympoasiumfoarsitter)

13:40 Jelle Krol, De Grutfryske Kongressen yn it ynterbellum

14:05 Ine Megens, Tussen hoop en vrees: Nationale minderheden en Europese samenwerking na de Eerste Wereldoorlog

14:30 Jurjen van der Weg, 100 jier Bernlef (1925-2025): Fryske stúdzje, Fryske aksje of Fryske wille?

14:55 Skoft

15:15 Jelte Olthof en Peter Postma, “Wrâldfriezen”: De Amerikaanse Droom van een Greater Fryslân tijdens en na de Tweede Wereldoorlog

15:40 Alex Riemersma, Fryske spinnen yn it web fan de Europeeske minderheidstalen sûnt 1980

16:05 Diskusje

16:25 Sluting
16:30 Buorrel

Datum, plak en opjefte

Wêr: Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert)

Wannear: freed 11 april (13:30-17:00 oere)

Opjefte: uterlik 8 april 2025 fia info@friesgenootschap.nl (tagelyk mei betelling)

Kosten: € 5,- foar KFG-leden, stipers fan de Fryske Akademy en studinten; € 7,50 foar oare belangstellenden, oer te meitsjen op bankrekken NL33ABNA 0450289001 o.n.f. Keninklik Frysk Genoatskip te Ljouwert

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: De Vrije Fries, Fryske Akademy, keninklik Frysk genoatskip, Symposium, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d