• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

18 maart 2025: kursus Berne- en jeugdliteratuer

6 maart 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Foto: Skriuwersfakskoalle

Altyd alris in ferhaal foar bern skriuwe wollen? Stiest iepen om dat mei oaren te learen? Dan is de nije kursus berne- en jeugdliteratuer fan de Skiuwersfakskoalle wat foar dy.

Yn dizze skriuwkursus bringt skriuwer en dichter Paul van Dijk dy yn oanrekking mei alle aspekten fan de berne- en jeugdliteratuer. Troch lês- en skriuwopdrachten komst achter alle mooglikheden yn dit sjenre. We behannelje printeboeken, it skriuwen foar midden- en boppebou en gedichten. Mei foarbylden út besteande berne- en jeugdboeken ûndersykje we wat it belang is fan spanning, ritme en fantasy. Dûk yn de betoverjende wrâld fan it skriuwen foar bern en skriuw dy yn.

Oer de dosint

Paul van Dijk is in kreative tûzenpoat. Hy makke berneboeken, koarte ferhalen, printeboeken, strips en teäterteksten yn it Frysk foar bern en hy sette mearkes út it Ingelsk oer. Yn syn wurk foar bern sit in soad fantasy, spanning en humor, By syn ferhalen makket er yllustraasjes. Dat each foar it fisuele komt him ek fan pas by it skriuwen fan senario’s foar it wykblêd Donald Duck. As dichter makket er wurk foar folwoeksenen. Foar syn gedichten ûntfong Van Dijk meardere prizen en syn printeboeken ferskynden ek yn oare talen. Fan syn hân ferskynden û.o. De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter en Omke Ule sjocht stjerren.

Ynformaasje en ynskriuwe

By de losse kursussen fan de Skriuwersfakskoalle is elkenien wolkom, der is gjin foaroplieding nedich.

Dosint: Paul van Dijk
Lesdata: 18 en 25 maart, 8 en 15 april, 6, 20 en 27 maaie, 10 juny 2025, 18:45-21:45 oere
Lesjild: €520,-
Leslokaasje: Tresoar, Ljouwert
Fiertaal: Frysk

Ynskriuwe kin oant 10 maart 2025 (kies stúdzjejier 1).

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: berneboek, city of literature, cursus, kinderliteratuur, skriuwersfakskoalle

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d