
Op 11 oktober wurdt de Gysbert Japicxpriis 2025 útrikt oan Elmar Kuiper foar de dichtbondel Ferlosboartsje. Dat is yn de Martinitsjerke yn Boalsert. By dy feestlike gelegenheid wurdt ek de Lytse Gysbert útrikt, de priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groepen 7 en 8. Yn de wike foarôfgeand oan de útrikking binne ferskate literêre aktiviteiten om de winner fan de Gysbert Japicxpriis en it wurk yn it sintsje te setten. Tresoar wurket dêrfoar gear mei partners as de Moanne, Leeuwarden Unesco City of Literature, Explore the North, de Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân en De Tiid.
Aktiviteiten
- Snein 5 oktober
Hommaazje Elmar Kuiper yn Kafee de Gouden Leeuw - Moandei en tiisdei 6 en 7 oktober
Berne-aktiviteit mei Tialda Hoogeveen yn Boalsert yn ‘e mande mei De Tiid - Sneon 11 oktober
Utrikking Gysbert Japicxpriis yn de Martinitsjerke yn Boalsert - Fan 4 oktober ôf
Eksposysje De Alve fan Gysbert: de alve gedichten dy’t nominearre binne foar de Lytse Gysbert Japicxpriis 2025 binne te sjen yn Tresoar - 5 oktober o/m 11 oktober
Yn de Gysbert Japicxpriiswike wurde by Mei-inoar lêze fan Leeuwarden City of Literature de teksten lêzen fan priiswinner Elmar Kuiper. Sjoch foar lokaasjes en data op de webside.
Oer de Gysbert Japicxpriis
De provinsjale Gysbert Japicxpriis is sûnt 1947 de heechste ûnderskieding foar oarspronklik Frysktalich wurk. De priis is neamd nei Gysbert Japicx (1603-1666) út Boalsert en wurdt twajierliks takend, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. De lêste trije winners binne Jetske Bilker (2023), Eeltsje Hettinga (2021) en Aggie van der Meer (2019).

Laat een reactie achter