
Op sneon 1 novimber stiet de Fryske skriuwer Durk van der Ploeg (1930) sintraal op in literêre middei yn Tresoar. De noch altyd warbere skriuwer hat lêsten syn 95ste jierdei fierd en by dy gelegenheid is syn nijste roman ferskynd.
Neist poëzy en novellen hat Van der Ploeg sa’n tritich romans skreaun. Yn 2011 krige er de heechste Fryske literêre ûnderskieding, Gysbert Japicxpriis, takend foar al syn proaza. De sjuery priizge him foar syn net ôflittende ynset, sawol op it mêd fan taalrykdom as ynset en belutsenheid om ta oansprekkend wurk te kommen.
As syn sûnens it talit, fertelt Durk van der Ploeg dizze middei sels oer syn wurk. Ek wurde ferskate aspekten fan syn mânske oeuvre neier beljochte. De middei wurdt mei de Freonen fan Tresoar organisearre.
Sa fertelt Tresoar-fellow Eveline de Smalen oer har ûndersyk nei Durk van der Ploeg en de Waadsee. Yn Nederlân wurdt de Waadsee faak sjoen as de ‘lêste wyldernis’ fan ús lân. Ek yn de Nederlânske literatuer komt dat byld faak nei foaren. Mar is dat wol sa, of seit dizze fyzje mear oer ús, en hoe’t wy de Waadsee graach sjogge, as oer it gebiet sels? Yn it wurk fan Durk van der Ploeg spilet de Waadsee in hiel oare rol: syn personaazjes binne djip ferbûn mei it gebiet, op hiel ferskillende wizen. Dat smyt spanning op, sawol tusken personaazjes en har omjouwing as tusken personaazjes ûnderinoar.
In oare sprekker dizze middei is Tjibbe Stelwagen, ferbûn oan BirdEyes. It wittenskiplik en kreatyf sintrum besjocht de wrâld troch de eagen fan fûgels. ‘De see is God’, lêze we yn de roman It Boarkumer Fjoer. Hoe sjogge we dêr no tsjin oan? Wat leart it boek ús oer ús relaasje mei de see, as we it lêze mei de eagen fan in seebiolooch?
Mear ynformaasje en oanmelde
- datum: 1 novimber 2025
- tiid: 14:00-16:30 oere
- plak: Tresoar, Ljouwert
De literêre middei is fergees tagonklik. Wol freegje wy dy om in kaartsje te reservearjen. Oanmelde kin fia dizze link.

Laat een reactie achter