• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

10-14 novimber 2025: Lêzingen Kadoboek 2025

7 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

‘Oan ’e ein fan De Oere’, it Kadoboek, skreaun troch Anne-Goaitske Breteler, foar de Fryske Boekewike (8 o/m 16 novimber 2025), fertelt it oangripende ferhaal fan de fjouwer bern fan de famylje Zwart. It grutste part fan harren libben wennen de net-troude broers Pieter, Jan, Dirk en harren suster Wytske mei-inoar op it âlderlik stee: in pleats yn Moddergat.  

Troch it famyljeferhaal op te tekenjen, komt de lêzer ticht by in bysûnder gesin dat nettsjinsteande grutte feroaringen trou bleau oan it leauwen, oan elkoar en oan it âlde hiem. De tol dy’t sa’n libbenswize easke, wie foar elk gesinslid oars. Fan stille offers oant eksintrike útsprutsenheid, fan leafde dy’t net ta bloei komme mocht oant de stadige delgong fan in boerepleats dy’t mear en mear fertutearzet. 

It Kadoboek ‘Oan ’e ein fan De Oere’ jout in unyk ynsjoch yn in wrâld dy’t net wer weromkomt. It is in portret fan ferlies en fassinaasje – mar ek fan de fraach: wat betsjut it as in famylje, en harren erfgoed, ynhelle wurdt troch de tiid en driget wei te wurden?

It boek ferbynt mûnlinge skiednis, fotomateriaal en literêre non-fiksje ta in djippe refleksje oer tiid, ferlies en de krêft fan lytse ferhalen yn in grutte wrâld.

De skriuwer fan it Kadoboek, Anne-Goaitske Breteler, jout yn de Fryske Boekewike in tal lêzingen rûnom yn de provinsje. By de lêzing komme de personaazjes fan de famylje Zwart op in oansprekkende wize ta libben – yn wurden, bylden én unyk fideomateriaal. Yn in programma fan in oere wurdt it publyk meinommen yn it bysûndere libben fan in húshâlding dy’t net fergetten wurde mei.

Lêzingen ‘Oan ’e ein fan De Oere’ – Anne-Goaitske Breteler, Frysk Kadoboek 2025

  • 10 novimber, 19.30 – 21.00 oere, Bibliotheek Heerenveen, It Hearrenfean
  • 12 novimber, 20.00 – 21.30 oere, NUT Burgum, De Pleats, Burgum
  • 13 novimber, 20.00 – 21.30 oere, Podium Gorter, Balk
  • 14 novimber, 19.30 – 21.00 oere, Theaterkerk, Nes

Alle optredens binne fergees tagonklik en by alle optredens is in ferskaat oan Fryske boeken te keap. It Frysk Kadoboek ’Oan ‘e ein fan De Oere’ is de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan Fryske boeken.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: boeken fan Fryslân, Fryske boekewike, lezingen

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d