• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

22 novimber 2025: Masterclass én workshop oer it boek Kening & Kening

14 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Dit jier fiert it wrâldferneamde printeboek Kening & Kening in jubileum, it bestiet 25 jier! En om dêr by stil te stean jouwe beide makkers, Linda de Haan en Stern Nijland, in masterclass én in workshop. Do kinst der by wêze! 

It ferhaal fan Kening & Kening giet oer in kroanprins dy’t gjin nocht hat om te trouwen, mar as er kening wurde wol, sil dat al moatte. Syn mem lit de iene nei de oare prinses oerkomme, mar mei net ien sjocht er it sitten. Oant… er in knappe prins treft. In spetterjend houliksfeest folget en se libje noch lang en lokkich.

It boek wie it debút fan Stern Nijland en Linda de Haan. De tekst skreaunen se mei har beiden en ek de kleurige yllustraasjes makken se mei har beiden.

Yn dizze masterclass nimme Linda de Haan en Stern Nijland de dielnimmers mei yn de skiednis fa it klassike printeboek Kening & Kening, dat tagelyk yn it Nederlânsk, Frysk, Dútsk en Deensk ferskynde. It earste LGBTQI+ boek foar jonge bern is yn hiel wat talen oerset. It boek tsjinne as ynspiraasje foar ferskillende produksjes, fan iepenloft oant ballet en brocht de makkers in soad moetingen. Dêr fertelle se oer en ek fertelle se hoe’t se it printeboek makke hawwe: yn kollaazjetechnyk.

Nei dizze masterclass folget in workshop* en kinne de dielnimmers sels oan de slach om in eigen kollaazje te meitsjen. Kinst derfoar kieze om inkeld de masterclass te folgjen of de masterclass mei de workshop te dwaan. Jou by dyn oanmelding oan oftst de workshop ek folgje wolst! Foar de workshop is beheind plak.

Mear ynformaasje

  • datum: 22 novimber 2025
  • tiid: 14:00-16:00 oere
  • plak: Tresoar
  • tickets

*Foar dizze workshop jildt: fol=fol. 

De masterclass en workshop is foar folwoeksenen bedoeld.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: berneboek, LGBTQI+, workshop

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d