• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

15 jannewaris 2026: Lunchlêzing | ‘Komt Heit hast yn?’

30 december 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De opkomst fan de treddepersoansoansprekfoarm

Foto: Tresoar

Yn Fryslân kinst ien net allinnich mei ‘do’ of ‘jo’ oansprekke, mar ek yn de tredde persoan, lykas yn ‘Mem, kin mem my helpe?’ Dat bart faak yn de famyljesfear, mar komt ek foar op de wurkflier of op skoalle, lykas in studint dy’t oan Gerbrich freget: ‘Hat Gerbrich de tentamens al neisjoen?’ Dy gewoante makket de Fryske oansprekfoarmen in nijsgjirrich ûnderwerp fan ûndersyk.  

Want wêrom gjin ‘do’ of ‘jo’? Yn de lunchlêzing dy’t Gerbrich de Jong op 15 jannewaris hâldt, lit se sjen hoe’t dy oansprekfoarm brûkt waard yn de tiid fan it Midfrysk en Nijfrysk. De literêre kolleksje fan Tresoar wie foar har datasamling fan grutte betsjutting, sawol foar it Midfrysk as foar it Nijfrysk (nei 1800).

Gerbrich de Jong wurket as learare-oplieder Nederlânsk en Frysk by NHL Stenden Hogeschool en krige yn 2023 in NWO Promotiebeurs voor leraren om promoasje-ûndersyk te dwaan nei Fryske oansprekfoarmen.Lunchlêzing

Mear ynformaasje en oanmelde

De lêzing begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (in lúks broadsje* en 1 konsumpsje). De lunch stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunch binne € 7,50, te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Yn ferbân mei it yn it foar bestellen fan de lunch, is it net mooglik om op de dei sels in lunch te bestellen – dat moat foarôf.

* De broadsjes binne geskikt foar fegetariërs.

Oanmeldtips:

  • In Eventbrite-account is net nedich.
  • Jou by it oanmelden oan mei hoefolle persoanen oftst komst. Kinst meardere tickets yn ien kear bestelle.
  • Bestelst in lunch, dan hoechst net in los ticket te bestellen: lunch en ticket binne tegearre ien bestelling.
  • De befêstiging fan de bestelling duorret soms wat langer. Check ek dyn spam/net-winske mailbox!
  • Utprintsjen fan de tickets is net nedich.

Oanmelde kin fia Tresoar/Eventbrite

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Agenda, Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: aanspreekvormen, lezing, midfrysk, Nijfrysk, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

15 jannewaris 2026: Lunchlêzing | ‘Komt Heit hast yn?’

15 jannewaris 2026: Lunchlêzing | ‘Komt Heit hast yn?’

30 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
9 jannewaris 2026: ynformaasjejûn “Skriuw in essay”

9 jannewaris 2026: ynformaasjejûn “Skriuw in essay”

29 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
8 jannewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

8 jannewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

12 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
3 jannewaris 2026: Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer

3 jannewaris 2026: Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer

8 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

5 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d