
Wy hawwe net op alles in antwurd, mar wy witte wol dat wy tsjin allegear limiten oanrinne yn de wrâld en dêrmei ek yn Fryslân. Wêrom bestean dizze limiten, en hokker faktoaren spylje mei? Dit jier sil it tema fan it Krystkongres ‘Skyt oan de Limyt’ wêze, wêrby ferskate sprekkers ferskate limiten en harren aspekten beprate sille.
Sprekkers
De earste sprekker op it sympoasium is Marcel van Opzeeland, wethâlder fan Opsterlân en berne yn Frjentsjer. Hy sil ús fertelle oer de limyten fan de wolf, werby hy Fryske, nasjonale en Europeeske perspektiven en belangen belûke sil.
De twadde sprekker is Theun Scherjon. Ast oan de namme Scherjon tinkst, tinkt eltsenien fêst gelyk oan klompen. Mar der is noch eat dêr’t de namme Scherjon wol bekend mei is, en dat is it fierljeppen! De lêtste grutte ûntwikkeling yn it fierljeppen binne de hjoeddeistige stokken, de carbonpols. De ynisjatyfnimmer/betinker fan dizze ûntwikkeling is Theun Scherjon. Hy sil ûs op it Krystkongres alles fertelle oer hoe’t dizze ûntwikkeling ta stân kaam is, hokker limyten meispylje by it fierljeppen en of de ûntwikkeling noch fierder kin.
Tony Feitsmapriisútrikking
Der is in nije literatuerpriis foar jongerein: de Tony Feitsmapriis. It giet om in priis foar poëzij en proaza (ferhalen en essees). De priis is in mienskiplik inisjatyf fan it Feitsma Fûns, de Federaasje fan Fryske Studinteferienings en literêr tiidskrift Ensafh. De priisfraach stiet iepen foar jongerein en jongfolwoeksenen oant en mei 29 jier. De bedoeling fan de priis is foaral om it kreatyf skriuwen yn it Frysk te befoarderjen.
De Tony Feitsmapriis 2025 sil útrikt wurde op it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings yn Frentsjer op 29 desimber. It tema is dit jier ‘lânskip’. Der binne foar de winners trije prizen, dy’t besteane út in in oarkonde en in bedrach fan € 100,-. Foar de priiswinners is der de mooglikheid om har bydrage te publisearjen yn Ensafh en dêr begelieding by te krijen.


Laat een reactie achter