• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

3 jannewaris 2026: Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer

8 december 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Foto’s: Tresoar

Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer mei Tjitte de Vries en Henk van der Veer: En toch willen we liever hier blijven

Tjitte de Vries is de skriuwer fan it boek “En toch willen we hier liever blijven” (2022). De Vries fertelt it oangripende ferhaal fan syn Joadske foarâlden (Landau) dy’t foar de oarloch út Poalen flechten en yn Amsterdam in nij libben opbouden. Hja fielden har dêr feilich en thús mar fernamen al rillegau dat se ek dêr har libben net seker wiene. 

“Ik ha myn foarâlden en myn âlden better kennen leard. In byld krigen fan lokkige jierren dy de famyljes Landau en har freonen yn Amsterdam trochbrochten. Krantestikken en advertinsjes út dy perioade kleuren dy tiid ta in haadstik oer de my oant doe ta ûnbekende âldomke Mosiek Landau”. 

It is de winsk fan Tjitte de Vries dat in it boek lêze en sjen sille hoe maklik it giet om in groep minsken stap foar stap út te sûnderjen, te isolearjen en te fernederjen. Tagelyk priizget hy de minsken dy’t mei gefaar fan eigen libben syn Joadske famyljeleden ûnderdak ferlienden.

NB. It boek is yn it skoft foar € 15,00 te keap.

Tjitte de Vries en Henk van der Veer

Tjitte de Vries (1951) is berne yn Snits, soan fan in grifformearde heit en in Joadske mem, studearre rjochten yn Grins. Hy wurke 35 jier as miljeu-adviseur by de provinsje Grins.

Henk van der Veer (Snits 1954) sil dizze middei lieding jaan oan it petear mei ús gast en de harkers yn de seal gelegenheid jaan om him neier te befreegjen. Nei de Kweekskoalle (letter: De Him) yn Snits waard Van der Veer ûnderwizer oan de skoalle op De Hommerts (1978 – 2003). Skriuwe en dichtsje die er earder al mar benammen nei 2000 koe er syn earste leafde as skriuwer hielendal útlibje.

Mear ynformaasje

Belangstellenden binne fan herten wolkom by dizze presintaasje yn Tresoar, fan 13:30 oant 16:00 oere op sneon 3 jannewaris. De tagong is fergees en oanmelde is net nedich. De gearkomste is yn it Frysk, Hollânsk en Snitsers. De organisaasje fan dizze middei is yn hannen fan it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: Fryske Akademy, genealogysk wurkferbân, lezing, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d