
It Skriuwersbûn hat yn ’e mande mei Tresoar in wedstriid “Skriuw in essay” opsetten, dy’t op 9 jannewaris 2026 úteinset mei in ynformaasjejûn. It tema fan it essay moat wêze: “Ferhalen fertelle”. Hokker fraach hjirby past? Dat is oan de dielnimmers! Foar de winners hawwe wy mei tank oan Tresoar in moaie jildpriis en it doel is om de beste essays ek te publisearjen.
Op freedtejûn 9 jannewaris is der in ynformaasjejûn yn ’e boppeseal fan Proeflokaal Wouters yn Ljouwert. Fan 19.30 oere ôf binne jim wolkom.
Doeke Sijens sil dan mear fertelle oer it skriuwen fan essays en ek wat tips diele. En fansels is dit in fantastysk momint om te sjen wa’t de konkurrinsje wurdt… Oanmelde foar de ynformaasjejûn is net ferplichte, kom lekker del, mar it lit ús wol even witte hoefolle stuollen wy delsette moatte.
Nijsjirrich? Kom dan op 9 jannewaris! Der is dan ek alle gelegenheid om fragen te stellen.

Laat een reactie achter