
‘Hagelslach’, de lêste dichtbondel fan Rients Gratama, mei tekeningen fan syn frou en keunstner Carla van der Heijde. Ein novimber is de bondel presintearre.
Sechstich jier bespile kabaretier en teäterman Rients Gratama alle poadia yn Nederlân mei gemiddeld ien kear yn ’e fjouwer jier in Frysk programma. Hy skreau yn syn libben mear as 60 programma’s, wêrûnder in tal toanielstikken en musicals, mei likernôch 750 lietteksten. Ek hie er rollen yn toaniel- en musicalproduksjes. In libben fan skriuwen en spyljen en no dus in bondel mei gedichten, skreaun en gearstald troch Rients sels, yn de lêste oardel jier fan syn libben.
Yn dy lêste oardel jier waard troch syn ôfnimmende sûnens dúdlik dat Rients syn teksten net mear sels op it toaniel bringe soe. Mar ideeën wiene der mear as genôch en skriuwe koe er noch wol. It waarden gedichten, want wêr’t in liet skreaun wurdt mei gefoel foar in muzikaal ritme en om in komponist freget, jout in gedicht alle romte foar gedachten. Foarmjûn yn de poëzij fan it wurd sels: in foarm dy’t paste by hoe’t Rients syn eigen libben oerseach yn al syn grutte en lytse fasetten, fan begjin ta de ein en alles der tuskenyn.
Troch it skriuwen oer ‘begjin ta de ein en alles der tuskenyn’, ûntstie by Rients Gratama it idee fan in bondel. Dóchs noch in programma, mar dan yn in boekbân. Hy frege syn frou Carla van der Heijde om der tekeningen by te meitsjen. It soe harren lêste mienskiplike projekt wurde.
Eksposysje
De orizjinele houtskoaltekeningen út de bondel binne de hiele moanne desimber noch te sjen op alle sneonen en sneinen fan 12.00 – 17.00 oere yn Atelier Carlavanderheijde, Oostergrachtswal 25, 8921 AA Ljouwert.

Laat een reactie achter