
Middeis fan 14.45 oere kinst oanslute by de feestlike presintaasje fan de nijste roman fan Bart Kingma: Flarde, in ferhaal oer ferlet, ferlangen en ferbylding. Gerard de Jong giet mei Bart yn petear oer syn nije boek en fierder binne der bydragen fan dichter Syds Wiersma en theremin-spiler Gerben Gerbrandy. Oan ‘e ein fan it programma is der fansels gelegenheid om it boek te keapjen en sinjearje telitten. In boek keapje yn de boekewike is trouwens sowieso in oanrieder, want by oankeap fan € 17,50 oan boeken krigest it Boekenweekgeschenk kado. Dit jier is dat Piaggio fan nimmen minder as Hendrik Groen. By ús ek yn in prachtige Fryske oersetting!
Omdat it (nasjonale) boekewike is, is de Afûkwinkel dizze sneon (ekstra) iepen. Wy ferwolkomje dy graach tusken 10.30-17.00 oere.

Laat een reactie achter