• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

10 april 2026: KFG-Sieperda-sympoasium: ‘It lân fan dream en winsken? Friezen en de Feriene Steaten (1776-2026)’

27 maart 2026 door Redaksje Frisistyk Reageer

It Keninklik Frysk Genoatskip, de redaksje fan De Vrije Fries, Tresoar en de Fryske Akademy hjitte elkenien fan herte wolkom by it KFG-Sieperda-sympoasium op freed 10 april 2026 yn Tresoar, Ljouwert. Dit jier giet it sympoasium oer de opfallende bân dy’t no al 250 jier lang bestiet tusken Fryslân en de Feriene Steaten.

Dit jier is it 250 jier lyn dat trettjin Amerikaanske steaten har ûnôfhinklik fan de Britske monargy ferklearren. Yn Fryslân bestie daliks sympaty foar dat stribjen. In iuw letter sochten in soad Friezen in bettere takomst oan de oare kant fan de oseaan yn wat it Lân fan Dream en Winsken neamd waard. Op dit KFG-Sieperda-sympoasium komme ferskate foarbylden oan bod fan Friezen dy’t yn Amearika in nije takomst fûnen. 

Oandacht is der ek foar Friezen dy’t in pear generaasjes lang besocht hawwe om de bân mei it heitelân fêst te hâlden. Se dienen dat bygelyks troch ûnderinoar it Frysk te brûken. In protte Friezen hawwe it noait oandoard om te emigrearjen, mar ûndergienen wol de kulturele ynfloeden fan Amerikaanske skriuwers en tinkers. 

De opfallende bân dy’t der no al 250 jier lang bestiet tusken Fryslân en de Feriene Steaten wurdt op dit sympoasium ûndersocht en yllustrearre troch fjouwer sprekkers. De organisaasje leit yn hannen fan it Keninklik Frysk Genoatskip, yn ’e mande mei de redaksje fan De Vrije Fries, Tresoar en de Fryske Akademy.

Programma 

13:00 Ynrin mei kofje en tee
13.20 Iepening troch Joop Koopmans (foarsitter KFG en sympoasiumfoarsitter)
13:25 Ynlieding tema troch Annemieke Galema
13.35 Jelte Olthof, “The people of that province have been ever famous for the spirit of liberty”: De Friese en Verenigde Staten in tijden van revolutie
14:00 Hanneke Hoekstra, Nei Amearika: it drama fan de Fryske banneling Jan Stap (1859-1908)
14:25 Skoft
14:50 Peter de Haan, Bekende Friezen in Amerika
15:15 Doeke Sijens, Wêrom’t Reinder Brolsma net emigrearre is (mar oare skriuwers wol)
16:40 Diskusje
16:00 Sluting
16:05 Buorrel

Praktyske ynformaasje

Wêr: Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert)
Wannear: freed 10 april 2026 (13:20-17:00 oere)
Opjefte: uterlik 7 april 2026 fia mail nei info@friesgenootschap.nlen daliks betelling:
Kosten: KFG-leden, stipers fan de Fryske Akademy en studinten: €5,-. Oare belangstellenden: € 7,50.
Oer te meitsjen op bankrekken NL33ABNA 0450289001 o.n.f. Keninklik Frysk Genoatskip te Ljouwert.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: Amerika, De Vrije Fries, Friezen, Fryske Akademy, keninklik Frysk genoatskip, Symposium, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Gleed

Gleed: fan ‘e gleed (fan ‘e wize); oan ‘e gleed wêze (oan ‘e gong wêze); oan ien gleed (wei) (sûnder op te hâlden); op gleed komme/reitsje (op gong komme/reitsje)

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

10 april 2026: KFG-Sieperda-sympoasium: ‘It lân fan dream en winsken? Friezen en de Feriene Steaten (1776-2026)’

10 april 2026: KFG-Sieperda-sympoasium: ‘It lân fan dream en winsken? Friezen en de Feriene Steaten (1776-2026)’

27 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
9 april 2026: Bildts kafee & diktee

9 april 2026: Bildts kafee & diktee

25 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
2 april 2026: Silent Book Club Fryslân

2 april 2026: Silent Book Club Fryslân

23 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
2 april 2026: deadline essaywedstriid

2 april 2026: deadline essaywedstriid

21 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
30 maart 2026: falbile Transpoesie – Skriuwersbûn

30 maart 2026: falbile Transpoesie – Skriuwersbûn

20 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d