
Bist skriuwer, útjouwer, of op in oare wize belutsen by literatuer yn Fryslân? Dan is Lettertreffen wat foar dy. Op tongersdei 26 maart organisearret Leeuwarden City of Literature de fjirde edysje fan dit jierlikse netwurkmomint. Dizze middei bringe wy de sektor byinoar: neist skriuwers en útjouwerijen, ek biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes. Wy diele ús plannen en minsken út it fjild komme oan it wurd. En fansels is der in soad tiid om inoar te moetsjen en te praten.
Utjaan. Ut of yn?
Dit jier stiet Lettertreffen yn it teken fan útjaan. De tradisjonele keten fan útjaan feroaret. Neist de bekende rûte fia útjouwerijen sjochst mear makkers harren eigen wei sykjen: selsstannich publisearje, ferhalen as podcast ferspriede, of eksperimintearje mei nije platfoarms. Wat betsjut dit foar skriuwers, lêzers, útjouwers, boekhannels en oaren yn de literêre sektor? Yn dizze edysje dûke wy yn (nije foarmen fan) it útjaan en besjogge wy it tema fan ferskate kanten.
Programma
Under lieding fan skriuwer/dichter Esmé van den Boom fynt der in paneldiskusje plak oer nije en fertroude wizen fan it útjaan fan literêr wurk. Panelleden binne: Marleen Nagtegaal (Explore the North), Lolies van Grunsven (literêr agint), Tsjerk Bottema (de Moanne) en Tomias Keno (skriuwer en singer-songwriter). Niels ‘t Hooft jout in lêzing. Dizze ‘hybride skriuwer’ bringt syn wurk ûnder mear yn de foarm fan boeken, games en apps. Hy ûntwikkelet nije wizen fan útjaan en is mei-oprjochter fan lêsapp start-up Immer. Lês ek de bio’s ûnderoan dizze side.
Eigen boek útjûn?
Hast dyn eigen boek útjûn (yn hokker foarm dan ek)? By genôch oanmelding organisearje wy by de ôfslutende buorrel in lytse merk dêr’tst dyn boek presintearje en ferkeapje kinst. Wat foar dy? Jou by oanmelding oan datst meidwaan wolst, dan reservearje wy in plakje foar dy.
Tiden
- 14.30 oere: ynrin mei kofje/tee
- 15.00 oere: plenêr programma mei:
- werom- en foarútblik projekten Leeuwarden City of Literature
- paneldiskusje o.l.f. Esmé van den Boom oer (it nije) útjaan
- lêzing troch Niels ’t Hooft
- 16.30 oere: borrel
- 18.00 oere: ein programma
Bio’s
Esmé van den Boom (1993) skriuwt gedichten, proaza en ferskes. Har wurk draait altyd om fassinaasje en ûntdekking, in ûndersyk nei it fertroude. Se stie op ferskate poadia lykas Noorderzon, Read My World, Dichters in de Prinsentuin en de Frankfurter Buchmesse. Esmé wie Huisdichter fan de Ryksuniversiteit Grins, finalist fan Write Now! en dielnimmer oan it Simmerkamp fan Das Mag en de Parysresidinsje fan deBuren. De gemeente Grins wiisde har it Hendrik de Vriesstipendium ta foar har bondel Eigen kamers, oer de takomstdreamen en -eangsten fan Grinzer froulju. Yn 2024 en 2025 wie Esmé stêdsdichter fan Grins. Dêrneist wurket Esmé as adviseur kolleksje en meiwurker publykssintrum by Forum Grins.
Tomias Keno (1990) is auteur, singer-songwriter en senarioskriuwer, en beweecht him op it snijflak fan literêre fiksje en sciencefiction. Yn 2025 wûn er de earste priis by de Dubai Future Stories Awards foar it ferhaal Above a Simulated Nile, útrikt by it Dubai Future Forum. Syn ferhalen ferskynden yn Nederlânske literêre tydskriften as Op Ruwe Planken, DwB, de Optimist, en deFusie, en hy is finalist foar de Clark Closser Memorial Literature Award 2026. Yn 2022 lansearre er Astronaut, in multidissiplinêr projekt dat in roman, in fiksjepodcast en in popalbum omfettet. De roman krige fjouwer stjerren yn NRC en de byhearrende podcast groeide út ta de meast beharke fiksjesearje yn Nederlân en Belgie. Dêrneist waard de podcast nominearre foar de Rose d’Or, de NTR Podcastprijs en de Belgian Podcast Awards.
Niels ’t Hooft (1980) is ‘hybride skriwer’, gamesaakkundige en mei-oprjochter fan Immer – in ynnovatyf systeem om digital lêzen oantrekliker te meitsjen. It snijflak fan literatuer en technology is wêr’t Niels him thús fielt. Hy die bygelyks ûndersyk nei lêzersfeedback en skermteksten. In ‘scan’ fan de digitale literatuer waard publisearre troch KVB Boekwerk. Fierder skreau er de ideeënthriller De verdwijners, de novelle Lotus dy’t publisearre waard as eksperimintele iOS-app, en Radio Laika, in ‘experimentele micro-mockumentary anthology-audioshow’.
Marleen Nagtegaal (1981) is artistyk lieder fan festival, poadium en produksjehûs Explore the North, dat him rjochtet op ynterdissiplinêre projekten mei literatuer, meartaligens en taal as reade tried – dy’t faak hiel oare foarmen oannimme as in boek.
Lolies van Grunsven (1971) wie lange tiid redakteur foar ferskillende literêre útjouwerijen, foar’t se yn 2010 begûn mei har eigen literêr agintskip Van Grunsven Creative Management, en wit as gjin oar hokker – nije & âlde – wegen nei in suksesfolle publikaasje liede.
Tsjerk Bottema (1978) is oersetter, tekst-/toanielskriuwer en regisseur yn it Fryske amateurtoaniel. Sûnt desimber 2024 is er einredakteur fan kultureel tydskrift de Moanne – al 25 jier in fêste wearde yn de Fryske literatuer, mar hoe kombinearje je in papieren tydskrift mei digitale ferskiningsfoarmen?

Laat een reactie achter