• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 door Redaksje Frisistyk Reageer

Yn de maitiidslêzing fan de Freonen fan Tresoar fertelt Tresoar-fellow Sieger Vreeling oer de útkomsten fan syn ûndersyk nei brieven fan Nynke van Hichtum. Ek binne der presintaasjes en is der in fraachpetear mei oare sprekkers: Tialda Hoogeveen, Rixt van der Heide en Linda de Haan komme oan it wurd. In tige nijsgjirrige jûn mei Nynke van Hichtum en berneliteratuer yn ’e haadrol! 

Sieger Vreeling

Fellow Sieger Vreeling sil op de foarjierslêzing in presintaasje jaan fan syn ûndersyk nei sa’n twahûndert Dútsktalige brieven fan Nynke fan Hichtum. Sy skreau dy oan Paul Geheeb, direkteur fan de ferneamde kostskoalle Landerziehungsheim yn Haubinda (yn de omkriten fan Dresden). Beide bern fan Piter Jelles Troelstra en Nynke fan Hichtum hawwe op dy kostskoalle sitten. Nei oanlieding fan syn ûndersyk hat Vreeling it boek ‘School zonder tranen’ publisearre. 

Sieger Vreeling (1987) studearre boukunde yn Ljouwert en dêrnei arsjitektuer- en stêdebouskiednis yn Grins. Foar dy lêste stúdzje slagge hy cum laude. Hy promovearre op it proefskrift Geen stijl. Pleidooi voor een rijkere architectuurgeschiedenis. Hy wie konservator fan it Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer en dêrnei fan it Universiteitsmuseum yn Grins. Hy wurket no foar himsels en hat ferskate boeken en artikels skreaun oer arsjitektuer, kultuer en wittenskip om 1900 hinne. Yn 2024 waard er beneamd ta Nynke fan Hichtum-fellow by Tresoar. 

Tialda Hoogeveen

Nynke fan Hichtum is ien fan de twahûndert froulju fan wa’t in biografy opnommen wurdt yn it jubileumboek fan it Keninklik Frysk Genoatskip dat yn 2027 twahûndert jier bestiet. Tialda Hoogeveen (1974) sil as haadredakteur en projektlieder fan dat jubileumboek fertelle oer it projekt en oer it plak fan Nynke fan Hichtum yn it boek. Tialda is skriuwster en publisearret yn it Frysk en Nederlânsk, foar jong en âld. Op it stuit skriuwt se in boek oer har pake, dy’t turfstekker wie, en oer alle oare anonime hannen dy’t Nederlân foarmjûn hawwe.

Rixt van der Heide

Rixt van der Heide (2001) is opgroeid yn Assen. Yn 2019 is sy begûn mei de bachelor ‘literatuurwetenschap’ en dêrnei de ‘research master comparative literary studies’ yn Utert. No wurket sy by de RUG oan har promoasje-ûndersyk nei Fryske en Nederlânske berneliteratuer.Sy sil fertelle oer har ûndersyk en de earste ynsichten mei ús diele.

Linda de Haan 

Linda de Haan (1976) sil ynterviewd wurde oer har wurk as berneboekemakker en yllustrator. Yn 2000 ferskynde har earste printeboek ‘Kening & Kening’, dat se makke tegearre mei Stern Nijland. De Haan yllustrearre ferskate Fryske en Nederlânsktalige berneboeken. Ferline jier ferskynde ‘WETTER’, ek in printeboek. Har boek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ (2024) waard selektearre foar de White Ravens fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen fan bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer. It boek is ek nomineare foar de klimaatboekepriis. De Haan is de nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân en sil de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan.

Programma

19.00 Ynrin
19.30 Programma mei presintaasjes en fraachpetearen
21.00 Neisit / buorrel
22.00 Ein Ynformaasje

  • Datum: 24 maart 2026
  • Tiid: ynrin fan 19.00 oere ôf
  • Lokaasje: Tresoar, Ljouwert
  • Kosten: fergees foar de Freonen fan Tresoar en oare belangstellenden
  • oanmelde

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: berneboek, Berneboeke-ambassadeur, literatuer, Nynke fan Hichtum

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d