• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

10 maaie 2026: Deadline Gjalp

11 april 2026 door Redaksje Frisistyk Reageer

Dit jier in iepen oprop foar skriuwers en dichters om ynstjoerings mei it tema It Waad. Makkers kinne in gedicht ynstjoere, of in idee foar in festivalproduksje. Ynstjoerders meitsje kâns op publikaasje én op in presintaasje op ferskate festivals, sa as it Dudeljo festival op Lauwerseach en Meet me at the Lighthouse op Skiermûntseach.

De Gjalp poëzy

Foar de Gjalp poëzy is de oprop om in fers of rige fersen te skriuwen mei as tema: It Waad, plakken priuwe. It gedicht (of de rige gedichten) kin selektearre wurde foar performance op literêre festivals yn it Waadgebiet. Skriuw dêrom poëzy dy’t sterk ferbûn is mei it gebiet en brûk dêrby ek it sintúchlike.

De Gjalp produksje

Foar dizze Gjalp wurde skriuwers socht mei ideeën foar in literêre festivalproduksje mei as tema: It Waad, tusken tiid en tij. De foarm is folslein frij. Fan in optreden mei taal, en fan muzyk oant animaasje-eksperimint: alles kin, salang’t it Frysk (of in streektaal) en it literêre, de muzikaliteit en it tëatrale yn elkoar gripe.

  • Ferskillende sjuery’s beoardielje de ynstjoerings, foar de gedichten bart dat anonym
  • Foar elk selektearre gedicht of idee is der € 500,- beskikber foar in earste útwurking
  • De winnende gedichten fan de Gjalp poëzy wurde publisearre yn Ensafh en/of de Moanne
  • Foar de Gjalp produksje is der budzjet foar fierdere ûntwikkeling en begelieding yn oanrin nei in festival
  • Foar beide Gjalpen jildt dat der in mooglikheid is foar residinsjes yn it Waadgebiet om dyn performance of idee fierder út te wurkjen!

Meidwaan? Stjoer dyn bydrage uterlik 10 maaie op nei: gjalp25@gmail.com

De Gjalp is in gearwurking tusken demoanne.nl, ensafh.nl en rixt.frl

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: De Moanne, dichterskollektyf RIXT, Ensafh

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Gleed

Gleed: fan ‘e gleed (fan ‘e wize); oan ‘e gleed wêze (oan ‘e gong wêze); oan ien gleed (wei) (sûnder op te hâlden); op gleed komme/reitsje (op gong komme/reitsje)

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

10 maaie 2026: Deadline Gjalp

10 maaie 2026: Deadline Gjalp

11 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

10 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
18 april 2026: lezingen en concert rond ‘Fries en Friezen in Fryslân’ aan de ULiège

18 april 2026: lezingen en concert rond ‘Fries en Friezen in Fryslân’ aan de ULiège

5 april 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
23 april: Twalûk ‘Moard en deaslach yn de Fryske literatuer’

23 april: Twalûk ‘Moard en deaslach yn de Fryske literatuer’

3 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 april 2026: Deadline Rely Jorritsmapriisfraach

15 april 2026: Deadline Rely Jorritsmapriisfraach

3 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d