• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Neerlandistiek. Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Categorie
    • Neerlandistiek voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Frisistyk Nijs

Foardrachten IBBY-Nederland foar IBBY Honour List 2024

18 november 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

De International Board on Books for Young people (IBBY) jout twajierliks de Honour List út: in oersjoch fan berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit út by IBBY oansletten lannen. Foar de IBBY Honour List 2024 draacht IBBY-Nederlân twa Fryske publikaasjes foar. Yn de kategory Tekst is it boek ‘Abe en de Aardichman’ skreaun troch Tialda Hoogeveen foardroegen en yn de kategory … [Lees meer...] overFoardrachten IBBY-Nederland foar IBBY Honour List 2024

Waarom schrijven in een kleine taal?

9 november 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Jesse van Amelsvoort die PhD ûndersyk nei skriuwers yn minderheidstalen. Yn dizze podcast fan Studium Generale Leeuwarden mei Wytse Vellinga fertelt van Amelsvoort dêr mear oer. Fan syn hân ferskynde ek it boek Loft en lân: Gesprekken over Tsjêbbe Hettinga. Ut en troch diele wy earder ferskynde podcasts of oare media dy't it fertsjinje nochris ûnder de oandacht brocht te … [Lees meer...] overWaarom schrijven in een kleine taal?

Media: Learlingen Frysk te gast by Op en Ut

8 november 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Learlingen Senne Everhard en Sofie Maret Smilde fan it Piter Jelles !mpuls yn Ljouwert hawwe keazen foar it fak Frysk. Op snein droegen se foar út eigen wurk op it troch it Feitsma Fûns organisearre Bûter yn 'e brij-festival. Sneon wienen se tegearre mei harren dosint en bestjoerslid fan it Feitsma Fûns Pieter Duijff te gast yn it radioprogramma Op en Ut fan Omrop Fryslân en … [Lees meer...] overMedia: Learlingen Frysk te gast by Op en Ut

Digitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers

5 november 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

De tiid fan dichtsjen en rymjen komt der wer oan as Sinteklaas ynkoarten foet oan wâl set. Yn it ferlet fan alle helpsinteklazen, hobbyrappers en aspirant-dichters wurdt no foarsjoen. Op sneintemiddei 12 novimber 2023, presintearret de Fryske Akademy, yn ‘e mande mei rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn maten Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, it ‘rymwurdboek’. De … [Lees meer...] overDigitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers

4 novimber 2023: DINGtiidlêzing ‘Frysk yn de rjochtspraak’ digitaal te folgjen en werom te sjen

3 november 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op sneon 4 novimber 2023 organisearret DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, in lêzing oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtspraak. Op papier liket dat regele, mar yn de praktyk blike alle partijen der mei te wrakseljen om’t net eltsenien yn it rjochtsproses de Fryske taal machtich is. Wat is der nedich om it Frysk yn de rjochtspraak duorsum te boargjen? De seal … [Lees meer...] over4 novimber 2023: DINGtiidlêzing ‘Frysk yn de rjochtspraak’ digitaal te folgjen en werom te sjen

Tresoarpodcast oer de Richthofenkolleksje

30 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Undersyksgroep Pastei ûndersocht yn opdracht fan Tresoar de Richthofenkolleksje, in bysûndere samling fan tsien midsiuwske hânskriften. Yn dizze podcast nimt Anne Tjerk Popkema dy mei yn it ferhaal fan de nammedrager fan dizze kolleksje, de Dútske rjochtsgelearde Karl Von Richthofen. De podcast is hjir werom te lústerjen. … [Lees meer...] overTresoarpodcast oer de Richthofenkolleksje

Media: Lit jim holtsjes wobbelje

29 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Pieter Gysbert Zijlstra (Sample Text) makke spesjaal foar Tresoar's Lytse Gysbertjapicxpriis (gedichtewedstriid foar bern út groep 7 en 8 fan it Fryske basisûnderwiis) in rap en fideo. Besjoch ‘Wobbelje’ hjir: … [Lees meer...] overMedia: Lit jim holtsjes wobbelje

Rely Jorritsmaprizen útrikt

27 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Rely Jorritsmaprizen binne útrikt. Foar priisfraach wienen 89 ynstjoerings, 33 ferhalen en 56 gedichten ynkommen. De sjuery bekroande twa ferhalen (fan Koos Tiemersma en Tryntsje van der Steege) en fiif gedichten (fan Benny Holtrop, Fedde Dijkstra, Ypie Bakker, Remco Kuiper en Sytse Jansma). Lês mear op de webside fan Tresoar. … [Lees meer...] overRely Jorritsmaprizen útrikt

Media: A Frisian enclave in the USA? Friesland Wisconsin (1881-1945)

26 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

The West-Frisian language is spoken in the province of Fryslân in the north of the Netherlands. But, from about 1880 onwards, a community of Frisian speakers continued to speak their language in the wilds of Wisconsin, even naming their town 'Friesland' in honour of the province of their birth. But how was this possible in the predominantly Anglophone USA? Yn dizze nije … [Lees meer...] overMedia: A Frisian enclave in the USA? Friesland Wisconsin (1881-1945)

Ferskynd: Tiny Mulder – Ah, in lân

25 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

In 1983 verscheen van Tiny Mulder (1921-2010) een cyclus gedichten geïnspireerd door de ontstaansgeschiedenis van Venetië en Fryslân en welke rol de mensen hadden gespeeld. In een leporello, vorm voor het zich uitstrekkende wad is één vers, met zeker een actuele inhoud, opnieuw met enkele linosneden gedrukt in een oplage van 30 exemplaren bij uitgeverij Hynsteblom. Als … [Lees meer...] overFerskynd: Tiny Mulder – Ah, in lân

Fakatueres by it Nordfriisk Instituut

24 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Als neue Abteilung baut das Nordfriisk Institut derzeit eine Einrichtung zur friesischen Spracharbeit auf. Für diese neue Abteilung suchen wir ab sofort: … [Lees meer...] overFakatueres by it Nordfriisk Instituut

Gysbert Japicxpriis útrikt oan Jetske Bilker

24 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Jetske Bilker krige 14 oktober de Gysbert Japicxpriis útrikt foar har roman Spegel en sonde. It wie in feestlike en fleurige middei yn de  Martinitsjerke yn Boalsert. Neist it ferslach fan de advyskommisje wienen der taspraken fan deputearre Eke Folkerts en Jetske Bilker. Lês fierder op de webside fan Tresoar. … [Lees meer...] overGysbert Japicxpriis útrikt oan Jetske Bilker

Nij skriuwtalint krijt les fan Gysbert Japicxpriiswinner

19 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Jetske Bilker is wiis mei de Gysbert Japicxpriis 2023 dy’t se 14 oktober krige foar har roman Spegel en sonde. As fakdosint draacht se graach har leafde foar literatuer oer op studinten fan de Skriuwersfakskoalle (in gearwurking tusken Schrijversvakschool Groningen, Leeuwarden City of Literature en Tresoar). Lês mear op de webside fan Tresoar: … [Lees meer...] overNij skriuwtalint krijt les fan Gysbert Japicxpriiswinner

Promoasje: Aldfrysk en geleard rjocht yn 15de iuwsk Fryslân

17 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Histoarikus Marvin Wiegand ferdigenet syn proefskrift The Reception of Learned Law in Fourteenth- and Fifteenth-Century Frisia op tiisdeitemiddei 17 oktober 2023 oan de Vrije Universiteit Amsterdam. De begelieding fan it promoasjetrajekt wie yn hannen fan promotor prof. mr. Jan Hallebeek (Vrije Universiteit) en de ko-promotors dr. Han Nijdam (Fryske Akademy) en prof. dr. mr. … [Lees meer...] overPromoasje: Aldfrysk en geleard rjocht yn 15de iuwsk Fryslân

Skriuwersfakskoalle: It sykjen nei in eigen stim

16 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Tryntsje van der Steege fertelt oer de oplieding dy’t se folget by de Skriuwersfakskoalle, har leafde foar lêze en literatuer. Kinst it leare om te skriuwen? ‘Ik tink datst it wol in bytsje yn dy hawwe moatst en dan kinst it better leare.’ Lês mear op de webside fan Tresoar:  https://www.tresoar.nl/nieuws/de-zoektocht-naar-een-eigen-stem … [Lees meer...] overSkriuwersfakskoalle: It sykjen nei in eigen stim

Ynput frege: Frysk-Ingelske fertaalapp

15 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

It Frysk krijt ek ynternasjonaal omtinken en dat liket ta te nimmen. Om dy reden hat de Fryske Akademy wurke oan it digitaal beskikber meitsjen fan it Frysk Ingelsk wurdboek dat op frisian.eu te finen is. Dit digitale wurdboek is folslein standerdisearre, mar net hiel brûkersfreonlik. Om dy reden wurket de Fryske Akademy op it stuit oan in fertaalapp. De ûntwikkelders hearre … [Lees meer...] overYnput frege: Frysk-Ingelske fertaalapp

Alzheimer yn de Fryske literatuer

14 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Foto: boekcover Spegel en sonde Yn de roman Spegel en sonde dêr’t Jetske Bilker dit jier de Gysbert Japicxpriis foar krijt, is demintsy in tema. Soks helpt om it besprekber te meitsjen, om’t it net allinnich de persoan treft dy’t de sykte krijt, mar ek de neisten. Lês op de webside fan Tresoar oer mear boeken oer dit tema: … [Lees meer...] overAlzheimer yn de Fryske literatuer

Lida Dijkstra wint Thea Beckmanpriis foar bêste histoaryske jeugdboek

11 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Foto: Lida Dijkstra De Nederlânsktalige jeugdroman Schaduw van Toet is it bêste histoaryske jeugdboek fan it jier. Lida Dijkstra krige de Archeon Thea Beckmanpriis foar har ferhaal oer farao Toetanchamon en de wrâld fan it âlde Egypte. In Fryske oersetting soe se prachtich fine. Lês mear op de webside fan Tresoar: … [Lees meer...] overLida Dijkstra wint Thea Beckmanpriis foar bêste histoaryske jeugdboek

Dossier BFTK 2024-2028: Fryslân nei De Haach

11 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Oankommende tongersdei organisearret de Kommisje Ynlânske Saken fan de Twadde Keamer in saneamd rûnetafelpetear oer it Frysk. Underskate spilers út it fjild wei binne útnûge om nei De Haach te kommen om de keamerleden by te praten oer de stân fan saken, knipepunten en ambysjes oangeande it Frysk. Dat wie in oanrekommendaasje fan de Ried fan Europa út syn lêste … [Lees meer...] overDossier BFTK 2024-2028: Fryslân nei De Haach

Sytze de Haas winner fan Lytse Gysbert Japicxpriis 2023

10 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Foto Sytze de Haas (Siemon Bleeker) Sytze de Haas (11 jier) út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch learlingen út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 14 oktober kriget er ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde. Lês mear op de webside fan Tresoar: … [Lees meer...] overSytze de Haas winner fan Lytse Gysbert Japicxpriis 2023

Henk Wolf oer it Sealterfrysk op Radio 2

8 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Sneon 7 oktober wie Henk Wolf te gast yn Grins yn de Stadsschouwburg, by in útstjoering fan it radioprogramma Spijkers met Koppen op radio 2, om dêr te fertellen oer 'Het kleinste taaltje van Europa. Hjir werom te lústerjen en sjen. … [Lees meer...] overHenk Wolf oer it Sealterfrysk op Radio 2

Fakatuere: Undersyksmeiwurker Mercator (0,8 fte)

6 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, syket in:  Undersyksmeiwurker (0,8 fte / 30,4 oeren p/w of mear) - slutingsdatum: 9 oktober 2023. Taken De taken binne, ûnder oare:- meiwurkje oan nije en besteande projekten, bygelyks op it mêd fan taalbewustwêzen fan bern;- meiwurkje oan … [Lees meer...] overFakatuere: Undersyksmeiwurker Mercator (0,8 fte)

32 Utsteld gelok-ferhalen sammele yn blomlêzing

6 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Yn de earste edysje fan kultuermanifestaasje Arcadia brocht Ljouwert UNESCO City of Literature ‘Utsteld gelok’: 100 nij skreaune ferhalen, foarlêzen yn 100 tunen yn Fryslân. De ferhalen foelen yn de smaak by it talrike publyk. Om se foar noch mear minsken beskikber te meitsjen frege de organisaasje letterkundige en skriuwer Henk Pröpper om in seleksje te meitsjen foar in … [Lees meer...] over32 Utsteld gelok-ferhalen sammele yn blomlêzing

Tryater zoekt Friese taalvarianten voor Europees project

6 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Voor een communityproject over taal zoekt Tryater mensen van divers pluimage die een Friese streektaal beheersen en daar van januari tot en met maart 2024 iets moois mee willen maken. In het kader van het Europese project Phōnē produceert Tryater de performance Wurden, over het Fries en al zijn variaties. Na een aantal uitvoeringen in maart in het eigen gebouw in Leeuwarden … [Lees meer...] overTryater zoekt Friese taalvarianten voor Europees project

7 oktober 2023: Lêzing: Wêr komt ‘Tsiis’ wei?

6 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Stik oangeande feehâlderij út in wetstekst út de midsiuwen. Boarne: Herzog August Bibliothek Wolfenbüttel Xb 4827 f. 17r Histoarysk taalkundige dr. Alex Kerkhof jout op sneon 7 oktober 2023 in lêzing yn it ramt fan it Weekend van de Wetenschap: 'Wêr komt 'Tsiis' wei?' Wat leart de oarsprong fan de Fryske lânbouwurden ús oer it fiere ferline?  Buorkerijwurden binne … [Lees meer...] over7 oktober 2023: Lêzing: Wêr komt ‘Tsiis’ wei?

« Vorige
Volgende »

Primaire Sidebar

Gedicht van de dag

Hugo Claus • West-Vlaanderen

Blonde omheining
met de doofstomme boeren bij de dode haarden
die bidden ‘Dat God ons vergeve voor
wat hij ons heeft aangedaan’.

➔ Lees meer

Bekijk alle gedichten

  • Facebook
  • YouTube

Chris van Geel

OVER HONDEN

Wat ik wil is wat honden doen:
op vloeren liggen en bekomen
van niets dan van een eindje los,
een lang eind aan de ketting om.

Bron: Enkele gedichten, 1973

➔ Bekijk hier alle citaten

Agenda

16 april 2026: Oratie Catherine van Beuningen

16 april 2026: Oratie Catherine van Beuningen

29 maart 2026

➔ Lees meer
18 april 2026: Symposium Stille Steunpilaren

18 april 2026: Symposium Stille Steunpilaren

28 maart 2026

➔ Lees meer
17 april 2026: Proefcollege Ecolinguïstiek

17 april 2026: Proefcollege Ecolinguïstiek

24 maart 2026

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle agendapunten

Neerlandici vandaag

geboortedag
1857 Roeland Kollewijn
1860 Cornelis Kaakebeen
1931 Olga Krijtová
1936 Jacobus Knol
1944 Gerrit Komrij
1949 Jos Hermans
1951 Johan Diepstraten
➔ Neerlandicikalender

Media

Aan het einde van de oorlog

Aan het einde van de oorlog

29 maart 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Jannah Loontjens en Marleen de Vries over Juliana Cornelia de Lannoy

Jannah Loontjens en Marleen de Vries over Juliana Cornelia de Lannoy

28 maart 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Samenvattingsvragen in het examen Nederlands

Samenvattingsvragen in het examen Nederlands

26 maart 2026 Door Arnoud Kuijpers Reageer

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle video’s en podcasts

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact