• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Neerlandistiek. Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Categorie
    • Neerlandistiek voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Frisistyk

10-14 novimber 2025: Lêzingen Kadoboek 2025

7 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

‘Oan ’e ein fan De Oere’, it Kadoboek, skreaun troch Anne-Goaitske Breteler, foar de Fryske Boekewike (8 o/m 16 novimber 2025), fertelt it oangripende ferhaal fan de fjouwer bern fan de famylje Zwart. It grutste part fan harren libben wennen de net-troude broers Pieter, Jan, Dirk en harren suster Wytske mei-inoar op it âlderlik stee: in pleats yn Moddergat.   Troch … [Lees meer...] over10-14 novimber 2025: Lêzingen Kadoboek 2025

Undersyk nei non-binêre foarnamwurden yn de Fryske taal

6 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Taalwittenskippers fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utrecht binne yn oparbeidzjen mei Regenboogalliantie Fryslân en COC Friesland úteinset mei in taalkundich ûndersyk nei non-binêre foarnamwurden yn de Fryske taal. De measte minsken sille der net by stilstean. Bist in jonge of man, dan heart dêr it foarnamwurd ‘hy’ by. Bist in famke of frou, dan heart dêr ‘sy’ by. … [Lees meer...] overUndersyk nei non-binêre foarnamwurden yn de Fryske taal

Linda de Haan nije Berneboeke-ambassadeur

3 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Linda de Haan wurdt takom jier de nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Mei yngong fan jannewaris 2026 sil De Haan trije jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de eardere Berneboeke-ambassadeurs Lida Dykstra en Tialda Hoogeveen op. Linda de Haan: “Dit ambassadeurskip fielt as in fanselssprekkende stap en komt op in prachtich … [Lees meer...] overLinda de Haan nije Berneboeke-ambassadeur

9 novimber 2025: Foarstelling de Gjalp

3 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Moanne, Ensafh en Frysk Dichterskollektyf RIXT nûgje elk fan herten út foar in foarstelling mei de earste risseltaten fan De Gjalp – in projekt dat de Fryske literatuer op nije plakken in stim jaan wol. Dizze earste Gjalp ferbynt dichters en skriuwers mei film en biedt harren in poadium op it Noordelijk Film Festival (NFF). Nei in iepen oprop binne tsien makkers … [Lees meer...] over9 novimber 2025: Foarstelling de Gjalp

8 novimber 2025: EBLT presintearret Grienlânske film op NFF

2 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op sneon 8 novimber, draait it Noordelijk Filmfestival, NFF, de Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk. De fertoaning op sneontemiddei wurdt presintearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT). Nenets-antropologe en - aktrise Roza Laptander (Pudana, Last of the Line) sil de film ynliede. oer de film De Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk fan … [Lees meer...] over8 novimber 2025: EBLT presintearret Grienlânske film op NFF

8 novimber 2025: DINGtiidlêzing

31 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Hoe kinne de Fryske taal en sport inoar fersterkje? Oer dit tema organisearret DINGtiid syn jierlikse DINGtiid-lêzing op sneon 8 novimber 2025. Ferskillende sprekkers sille fertelle oer hoe’t sy de Fryske taal ynsette om harren sportdoelen te berikken. En oarsom: oer hoe’t sport in prachtich middel is om it Frysk te hearren en te sjen op it fjild of yn de sportkantine. Mar ek: … [Lees meer...] over8 novimber 2025: DINGtiidlêzing

Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

31 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Arjan Hut sil ek yn 2026 Dichter fan Fryslân wêze. Dêr hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân earder dit jier mei ynstimd. Dêrmei kin Arjan Hut, dy’t yn 2023 offisjeel ta Dichter fan Fryslân beneamd is, syn wurk en projekten as poëtysk ambassadeur in jier langer fuortsette. Sa iepenet er yn novimber op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in troch him gearstalde … [Lees meer...] overDichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

De earste Fryske taalkundige hiet fan Jan de Vries

30 oktober 2025 door Rolf Bremmer Reageer

Okkerlêsten kaam yn Gent in trettjinde-iuwsk hânskriftfragmint fan in kommentaar op de Institutiones grammaticae (‘Ynlieding ta de taalkunde’) fan Priscianus oan it ljocht. Oan ’e ein fan de Latynske tekst wurdt as auteur ien “Johannes de Frisia” neamd. Dy Jan de Vries koe dêrmei wolris de âldstbekende Fryske taalkundige wêze. Fragminten fan hânskriften binne foar … [Lees meer...] overDe earste Fryske taalkundige hiet fan Jan de Vries

Fakatuere: Undersyksmeiwurker foar it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

30 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Hasto ynteresse om by de Fryske Akademy en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen te wurkjen? Wurkje by ús betsjut wurkje yn in bysûndere, histoaryske omjouwing yn 'e mande mei ynspirearjende kollega's en partnerorganisaasjes. Wy binne in platte organisaasje dêr't meiwurkers selsstannich mei entûsjasme en passy yn gearwurkje. Kollegiale gearwurking … [Lees meer...] overFakatuere: Undersyksmeiwurker foar it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

Boekpresintaasje Janneke Spoelstra’s ‘Wêr bliuwe de froulju?’

30 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Janneke Spoelstra ynterviewde tsien dichters oer harren poëzy en harren posysje yn de Fryske literatuer. Net tafallich binne it alle tsien froulju. Skriuwe froulju likefolle as manlju? Wurde se like maklik publisearre? Hawwe froulju tsjintwurdich like goede kânsen as manlju yn ’e Fryske literatuer? Datsoarte saken kamen oan ’e oarder yn de ynterviews. Op woansdei 12 novimber … [Lees meer...] overBoekpresintaasje Janneke Spoelstra’s ‘Wêr bliuwe de froulju?’

Temjitte

30 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

yn sa'n rjochting dat men immen moetet, yn 'e mjitteNederlânsk: tegemoet temjitte - WFT (Wurdboek fan de Fryske taal) … [Lees meer...] overTemjitte

PLURILINGMEDIA AI-kommisje ûnder Fryske lieding siket kandidaten

29 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Language Plurality In Europe’s Changing Media Sphere (PLURILINGMEDIA) is in ynterdissiplinêr ûndersyksnetwurk dat finansierd wurdt troch de Europeeske gearwurking op it mêd fan wittenskip en technology COST Association. PLURILINGMEDIA befoarderet ûndersyk nei media yn regionale en minderheidstalen. Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy sil no in spesjale ad-hoc AI-kommisje … [Lees meer...] overPLURILINGMEDIA AI-kommisje ûnder Fryske lieding siket kandidaten

7-16 novimber 2025: Frysk Boekefeest en Fryske Boekewike 2025

26 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Freed 7 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2025. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Oan ’e ein fan De Oere’ fan Anne-Goaitske Breteler presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 8 o/m 16 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15 … [Lees meer...] over7-16 novimber 2025: Frysk Boekefeest en Fryske Boekewike 2025

6 novimber: Silent Book Club Fryslân

24 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Lang om let lêzeIn oerke foar dysels? Soest wol wolle, mar wannear dan?Altyd mar drok? En gjin rêst om dy del te jaan?Hast in moai boek? Mar leit it noch altyd net lêzen yn 'e kast? Híel werkenber... Dêrom organisearje wy de earste Silent Book Club yn Fryslân! De Silent Book Club is in wrâldwide mienskip fan lêzers en boekleafhawwers, mei mear as 1500 lokaasjes yn mear as … [Lees meer...] over6 novimber: Silent Book Club Fryslân

Fryske berneboeken foar skoallen yn ‘e gemeente It Hearrenfean

22 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Freed 17 oktober krigen learlingen fan SLS De Feart yn Jobbegea in lêskoffer mei Fryske berneboeken kado út hannen fan Hedwich Rinkes, wethâlder fan Kultuer fan de gemeente It Hearrenfean, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn't alle basisskoallen fan de gemeente in fergeze lêskoffer oanbean krije. Njonken SLS De Feart … [Lees meer...] overFryske berneboeken foar skoallen yn ‘e gemeente It Hearrenfean

Es

21 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

yn 'e es, yn 'e es wêze mei In orde, ingenomen zijn Nederlânsk Esse: ontleend aan den lat. infinitivus esse, met de bet. zijn … [Lees meer...] overEs

2 novimber 2025: Feestlike lansearring audiokolleksje Ype Poortinga

18 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Fryslân is in lân fan ferhalefertellers. Fan generaasje op generaasje waarden ferhalen oer de natuer, duvels, dieren, spûken en tsjoenders winterdeis by it hurdfjoer dield. Benammen ‘op de heide’ wie in grutte rykdom fan ferhalen te finen. Stoere, sterke en spannende, mar ek oandwaanlike ferhalen as ferdivedearjend jûnspraat. Ferhalen mei nijsgjirrich meitsjende titels as … [Lees meer...] over2 novimber 2025: Feestlike lansearring audiokolleksje Ype Poortinga

1 novimber 2025: Literêre middei mei Durk van der Ploeg

16 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op sneon 1 novimber stiet de Fryske skriuwer Durk van der Ploeg (1930) sintraal op in literêre middei yn Tresoar. De noch altyd warbere skriuwer hat lêsten syn 95ste jierdei fierd en by dy gelegenheid is syn nijste roman ferskynd. Neist poëzy en novellen hat Van der Ploeg sa’n tritich romans skreaun. Yn 2011 krige er de heechste Fryske literêre ûnderskieding, Gysbert … [Lees meer...] over1 novimber 2025: Literêre middei mei Durk van der Ploeg

30 oktober 2025: stúdzjemiddei Fierder mei Frysk 2025

15 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en mbû, organisearre troch de VLLT seksje Frysk, de Learareoplieding Frysk fan NHL Stenden en Cedin. Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s. Hoe krije wy learlingen entûsjast om te skriuwen yn it Frysk? Dy fraach stie sintraal yn it projekt MultiLit … [Lees meer...] over30 oktober 2025: stúdzjemiddei Fierder mei Frysk 2025

Oprop: takomstige âlders socht foar ûndersyk nei taaloerdracht

14 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Nederlânsk, Frysk of in oare taal: hokker taal of talen wolle takomstige âlders yn Fryslân mei harren bern prate? En hokker faktoaren bepale dy taalkar? Foar ûndersyk nei taaloerdracht yn ’e opfieding binne de Afûk, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Fryske Akademy) en it European Centre for Minority Issues (ECMI) op ’e syk nei âlders dy’t … [Lees meer...] overOprop: takomstige âlders socht foar ûndersyk nei taaloerdracht

25 oktober 2025: Poëzie Zaterdag, Marktzicht

13 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Eens in de zoveel tijd organiseert Erik Poëzie Zaterdag; hét poëzie-evenement van Drachten!Poëzie Zaterdag is een gezellig samenkomen van tal van woordkunstenaars die hun kunsten laten zien en poëzieliefhebbers die aan hun trekken komen. Een poëtische avond met een hoog ‘open mic’ gehalte, bijzondere ontmoetingen en literaire verrassingen op een bijzondere locatie; Café … [Lees meer...] over25 oktober 2025: Poëzie Zaterdag, Marktzicht

Optinksel

13 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Eat dat men sels betocht hat, gauris mei negative lading. optinksel - WFT (Wurdboek fan de Fryske taal)optinke - WFT (Wurdboek fan de Fryske taal) … [Lees meer...] overOptinksel

23 oktober 2025: Lunchlêzing Reitze Jonkman: Obe Postma taalsosjologysk besjoen

12 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Obe Postma taalsosjologysk besjoen Obe Postma is yn de frisistyk bekend as Frysk dichter, mar net as Frysk beweger. Oars as syn tiidgenoaten Douwe Kalma en Fedde Schurer liket er him net as aktivist foar it Frysk ynset te hawwen, mar hoe stie er dêrfoaroer? Jonkman sil besykje om Obe Postma taalsosjologysk yn syn tiid fan it maatskiplik opkommen fan it Frysk te pleatsen, ek … [Lees meer...] over23 oktober 2025: Lunchlêzing Reitze Jonkman: Obe Postma taalsosjologysk besjoen

17-18 oktober 2025: Friezekongres 2025

12 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op 17 en 18 oktober 2025 fiert de Ynterfryske Ried it hûndertjierrich jubileum fan it earste Fryske Kongres yn de moderne tiid. Dizze histoaryske gearkomste, dy’t yn 1925 ôffurdigen út West-, Noard- en East-Fryslân byinoar brocht, wurdt beskôge as in mylpeal yn de bopperegionale gearwurking tusken de Fryske regio’s. Der is noch plak op it Frysk Kongres 2025 yn Jever: hûndert … [Lees meer...] over17-18 oktober 2025: Friezekongres 2025

15 oktober 2025: Ynspiraasjedei Wy binne mbû 2025 

12 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Meartaligens yn beweging Wy binne mbû en Praktoraat Frysk & Meartaligens nodigen je graag uit voor de Ynspiraasjedei 2025. Van Fries en Duits tot jongerentaal en vaktaal; meer taal, meer perspectief in een meertalig en taalvriendelijk mbo in Fryslân. What to expect? In dei fol ynspiraasje, taal en takomst!13.30 – 13.45 Inloop deelnemers 13.45 – 14.45 Iepening14.45 … [Lees meer...] over15 oktober 2025: Ynspiraasjedei Wy binne mbû 2025 

« Vorige
Volgende »

Primaire Sidebar

Gedicht van de dag

Elise Vos • Het bewaren van een mens

uit je botten bouwde ik
twee nieuwe lichamen
profeten van een oud geloof
een tweeling die bestond
uit goed en kwaad

➔ Lees meer

Bekijk alle gedichten

  • Facebook
  • YouTube

Chris van Geel

LENTEKOU

Er is niets dan de wind.
De tuinen zijn doorzichtig,
men ziet hun achterkanten leven. [lees meer]

Bron: Spinroc en andere verzen, 1958

➔ Bekijk hier alle citaten

Agenda

27 maart 2026: Culturele verbeeldingen van het Waddengebied

27 maart 2026: Culturele verbeeldingen van het Waddengebied

23 februari 2026

➔ Lees meer
13 maart 2026: Westerse boeken met een Japans tintje

13 maart 2026: Westerse boeken met een Japans tintje

23 februari 2026

➔ Lees meer
28 februari 2026: Lezing Die Wrede Een met die Rode Baard en sy viervoetige jambes

28 februari 2026: Lezing Die Wrede Een met die Rode Baard en sy viervoetige jambes

22 februari 2026

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle agendapunten

Neerlandici vandaag

geboortedag
1930 Dana Constandse
sterfdag
2007 Bert Vanheste
➔ Neerlandicikalender

Media

Waarom voelt prima zo passief aggressief?

Waarom voelt prima zo passief aggressief?

23 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
De Twintigers: Juicy

De Twintigers: Juicy

22 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Safae el Khannoussi Translation Project

Safae el Khannoussi Translation Project

21 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle video’s en podcasts

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact