Oproep: invloed onderwijs Fries op vaardigheden en attitudes
Aangezien onderwijs een belangrijk deel is van taalpolitiek, doet Tea, laatstejaarsstudente neerlandistiek aan de Universiteit van Zagreb, een onderzoek naar de invloed van het onderwijs Fries op taalvaardigheden, taalattitudes en taalgebruik. [Lees meer...] over Oproep: invloed onderwijs Fries op vaardigheden en attitudes
Twa nije publikaasjes oer it Frysk by Mercator Europeesk Kennissintrum
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) hat twa nije publikaasjes oer it Frysk: Sa leit it lân derhinne en in nije edysje fan it Regionale Dossier. [Lees meer...] over Twa nije publikaasjes oer it Frysk by Mercator Europeesk Kennissintrum
Albert Walsweer te gast by De Taalstaat
Lektor Albert P. Walsweer te gast by programma De Taalstaat [Lees meer...] over Albert Walsweer te gast by De Taalstaat
Eksterne kommisje oer Fryske Akademy: “Yndrukwekkend sterk”
Yn juny fan dit jier is de Fryske Akademy fisitearre troch in ûnôfhinklike eksterne kommisje. Dizze fisitaasje neffens it saneamde Strategy Evaluation Protocol, ûntwikkele troch VSNU, KNAW en NWO, is in ferplichte ûnderdiel fan de kwaliteitsboarging fan wittenskiplike ynstituten yn Nederlân [Lees meer...] over Eksterne kommisje oer Fryske Akademy: “Yndrukwekkend sterk”
Minderheidstalen krije op ‘e nij plak yn it Europeesk Parlemint
Der moat op ‘e nij in Europeesk diskusjeplatfoarm foar minderheidstalen komme, sa hat it Europeesk Parlemint hjoed besletten yn Straatsburch. Fia de saneamde ‘yntergroep’ krije fertsjintwurdigers fan etnyske minderheden en minderheidstalen de romte om harren belangen op in Europeesk nivo te behertigjen. Deputearre Eke Folkerts fan de provinsje Fryslân en de Fryske Europarlemintariër Raquel García Hermida-van der Walle (D66) binne entûsjast. [Lees meer...] over Minderheidstalen krije op ‘e nij plak yn it Europeesk Parlemint
YnSicht earste tmbû-skoalle mei Frysk as eksamenfak yn beropsrjochte profilen
YnSicht, skoalle fan OSG Piter Jelles (ûnderdiel fan OVO Fryslân-Noard), sil as earste tmbû-skoalle yn Fryslân it Frysk as eksamenfak oanbiede yn de beropsrjochte profilen op it tmbû. Deputearre Eke Folkerts: “YnSicht hat sjen litten dat der yn koarte tiid grutte stappen set wurde kinne oangeande it Frysk. Wy binne bliid mei safolle ynset en entûsjasme. Wy hoopje dat alle tmbû-skoallen yn Fryslân it foarbyld fan YnSicht folgje sille.” [Lees meer...] over YnSicht earste tmbû-skoalle mei Frysk as eksamenfak yn beropsrjochte profilen
Sprekende stenen wint LC-publykspriis by Vredeman de Vriespriis
Literatuerprojekt Sprekende stenen hat woansdei 11 desimber by de útrikking fan de Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing 2024 yn Museum Joure de LC-publykspriis wûn. Boppedat wie der in earfolle fermelding fan de sjuery. Ineke van der Blom (ûntwerp / foarmjouwing) en Sytse Jansma (konsept) hawwe dit projekt yn opdracht fan Ljouwert UNESCO City of Literature ûntwikkele. [Lees meer...] over Sprekende stenen wint LC-publykspriis by Vredeman de Vriespriis
Fakatueres: Projektmeiwurker en relaasjebehearder/projektkoördinator Taalpromoasje
In sterke ferbining mei it bedriuwslibben, de soarchsektor en oare sosjaal-maatskiplike en kulturele organisaasjes fine wy essinsjeel. Mei ús taalpromoasje-aktiviteiten wolle wy minsken, bedriuwen en organisaasjes bewust meitsje fan har eigen taal en identiteit en harren stimulearje om it Frysk aktyf te brûken en sichtber te meitsjen. Foar dy aktiviteiten sykje wy op koarte termyn in Projektmeiwurker Taalpromoasje en in Projektkoördinator Taalpromoasje [Lees meer...] over Fakatueres: Projektmeiwurker en relaasjebehearder/projektkoördinator Taalpromoasje
Nelleke IJssennagger bysûnder heechlearaar Kultuerskiednis yn Grins
Op 1 jannewaris 2025 wurdt dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm beneamd ta bysûnder heechlearaar Kultuerskiednis fan it súdlike Noardseegebiet yn de iere midsiuwen en Fikingtiid oan de Fakulteit Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins. De learstoel is ynsteld troch de Fryske Akademy. [Lees meer...] over Nelleke IJssennagger bysûnder heechlearaar Kultuerskiednis yn Grins
Fakatuere: Post doc – The History of Anglo-Frisian
De vroege geschiedenis van het Fries is nauw verbonden met die van het Engels en de Scandinavische talen. De afgelopen anderhalve eeuw taalhistorisch onderzoek heeft veel inzichten opgeleverd over de aard en omvang van die relaties. Daaraan ten grondslag ligt steeds begrip van de geschiedenis van het Fries zelf. Sommige vragen zijn echter nog onopgehelderd, of zijn door nieuwe inzichten weer opnieuw open. Die nieuwe inzichten kunnen ontstaan door een andere kijk op taalhistorische problemen, door de beschikbaarheid van nieuwe data (grotere corpora, nieuwe runenvondsten), maar ook door informatie uit de archeologie die een nieuw licht kan werpen op de herkomst van mensen en de relaties die ze onderhielden. Deze post-doc positie is bij uitstek bedoeld om te trachten enkele van die openstaande vragen uit de Friese taalgeschiedenis op te lossen. [Lees meer...] over Fakatuere: Post doc – The History of Anglo-Frisian










