• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Twa nije publikaasjes oer it Frysk by Mercator Europeesk Kennissintrum

8 januari 2025 door Ydwine Scarse en Charlie Robinson-Jones Reageer

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) hat twa nije publikaasjes oer it Frysk: Sa leit it lân derhinne en in nije edysje fan it Regionale Dossier. It ynformaasjeboekje Sa leit it lân derhinne (Scarse & Ybema, 2024) jout in hânsum oersjoch fan de wetten, ôfspraken en ynstellings dy’t mei it Frysk te krijen hawwe. It Fryske Regionale Dossier (Riemersma, 2024) jout krekt in yngeand oersjoch fan it ûnderwiissysteem, it oanbod en ûntwikkelings op it mêd fan Frysk yn it ûnderwiis.

Sa leit it lân derhinne: It Frysk yn wet, bestjoer en kennisfjild 

Mei twa offisjele talen is Fryslân in unike provinsje yn Nederlân. De juridyske beskerming, bestjoerlike ôfspraken en ynstitúsjonele ynbêding fan it Frysk kinne op it earste each wat ûnoersichtlik wêze. Dêrom hat it Mercator Europeesk Kennissintrum in hânsum oersjoch makke fan de wetten, ôfspraken en ynstellings dy’t mei it Frysk te krijen hawwe: Sa leit it lân derhinne (Scarse & Ybema, 2024). 

It ynformaasjeboekje hat as doel om nuttige en up-to-date ynformaasje te jaan foar beliedsmakkers, bestjoerders, folksfertsjintwurdigers en oare belangstellenden. It boekje is net allinne beskikber yn it Frysk, mar ek yn it Ingelsk mei de titel Fryslân from a bird’s eye view: The Frisian language in law, governance, and knowledge infrastructure.

Regionale Dossier oer it Frysk yn it ûnderwiis

It Fryske Regionale Dossier fan 2024 jout in yngeand oersjoch fan it ûnderwiissysteem, it oanbod en ûntwikkelings op it mêd fan Frysk yn it ûnderwiis en is de 5e edysje yn de rige oer it Frysk. De skriuwtaal is it Ingelsk, mei in gearfetting yn it Frysk en Nederlânsk.

It Frysk hat geandewei in grutter plak krigen yn it ûnderwiis. Hjoed-de-dei is it Frysk ûnderwiis wetlike ferplichte yn alle jierren fan it basisûnderwiis en de earste twa jier fan it fuortset ûnderwiis (Wet op het primair onderwijs, 1981; Wet op het voortgezet onderwijs, 2020). Boppedat is it wetlik mooglik om it Frysk te ûnderwizen en/of as ynstruksjetaal te brûken yn it foarskoalsk ûnderwiis, basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, spesjaal ûnderwiis, hbû en universitêr ûnderwiis (Wet Kinderopvang, 2004; Wet op het primair onderwijs, 1981; Wet op het voortgezet onderwijs 2020, 2020; Wet op de Expertisecentra, 1982; Wet op het Hoger Onderwijs en Wetenschappelijk Onderzoek, 1992).

Nettsjinsteande de wetlike ferplichting op it basis- en fuortset ûnderwiis, biede minder as in tredde fan de reguliere basisskoalle en hast 45% fan de middelbere skoallen alle troch de oerheid fêststelde kearndoelen oan foar it Frysk (Varkevisser, Visser & Walsweer, 2023; Varkevisser, Visser, Walsweer & Sjoerdstra, 2023). Om dêr feroaring yn te bringen en it Frysk ûnderwiisoanbod op alle ûnderwiisnivo’s te fergrutsjen is Taalplan Frysk 2030 opset troch provinsje Fryslân (Projektteam Taalplan Frysk 2030, 2021).

Der is sadwaande in soad beweging yn it ûnderwiisjild: de provinsje stribbet nei dat 80% fan alle bernedei-opfanglokaasjes twatalich wurde, der binne skoalstipers oansteld op alle skoallen mei in wetlike ferplichting om Fryske les te jaan, der wurdt wurk fan makke om it Frysk op it mbû in plak te jaan mei it projekt Wy binne mbû en in praktoraat en der wurdt wurke oan it op ’e nij opsetten fan in bachelor Fryske taal en kultuer op universitêr nivo (BFTK 2019-2023, 2018; BFTK 2024-2028, 2024 Projektteam Taalplan Frysk 2030, 2021).

It Fryske Regionale Dossier is ûnderdiel fan de rige Regionale Dossiers. Dy Regionale Dossiers stypje de kearndoelen Mercator Europeesk Kennissintrum. It binne dokuminten dy’t net allinne ynformaasje jaan oer de wichtichste eleminten fan it ûnderwiissysteem yn regio’s mei in regionale of minderheidstaal, it wetlike en bestjoerlike ramt, resint ûnderwiisbelied, ynstitúsjonele en ûnderstypjende ynfrastruktuer, mar dy’t ek ynformaasje jaan oer skoallen, dosinten, learlingen en finansjele ympulzen wat de regionale of minderheidstaal oanbelanget. Op it stuit binne 58 regionale of minderheidstalen beskreaun yn ’e Rige fan Regionale Dossiers.

Mercator Europeesk Kennissintrum

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en hat as missy it opdwaan, tapassen en it fersprieden kennis op it mêd fan meartaligens en taallearen op skoalle, thús en troch kultuerpartisipaasje. De fokus fan Mercator leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa.

Nijsgjirrich?

Mei de publikaasjes makket it Mercator Europeesk Kennissintrum ynformaasje oer Fryslân en de Fryske taal beskikber foar bygelyks beliedsmakkers, ûndersikers, dosinten, studinten, sjoernalisten en alle oare minsken dy’t nijsgjirrich binnen nei it Frysk en Europeeske minderheidstalen yn it ûnderwiis.

De publikaasjes binne fergees beskikber. Sy binne online publisearre, mar printe eksimplaren binne teffens fergees beskikber by it Mercator Europeesk Kennissintrum.

  • Riemersma, A.M.J., Robinson-Jones, C. (red.), Scarse, Y.R. (red.), Ybema, J. (red.), Visser, M. (red.), & Schukking, A.F. (red.). (2024). The Frisian language in education in the Netherlands (5th ed.) [De Fryske taal yn it ûnderwiis yn Nederlân]. (Regional Dossier series). Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning. https://www.mercator-research.eu/en/regional-dossiers/frisian-netherlands/
  • Scarse, Y.R., & Ybema, J. (2024, septimber). Sa leit it lân derhinne: It Frysk yn wet, bestjoer en kennisfjild. Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. https://www.mercator-research.eu/frysk/
  • Scarse, Y.R., & Ybema, J. (2024). Fryslân from a bird’s eye view: The Frisian language in law, governance, and knowledge infrastructure. Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning. https://www.mercator-research.eu/frysk/

Referinsjes

Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019-2023. (2018, 30 novimber). https://www.rijksoverheid.nl/documenten/convenanten/2018/11/30/bestjoersofspraak-fryske-taal-en-kultuer-2019-2023

Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028. (2024, 2 april). https://www.fryslan.frl/bestjoersofspraak-fryske-taal-en-kultuer

Projektteam Taalplan Frysk 2030. (2021). Projektplan: Taalplan Frysk 2030. Provinsje Fryslân https://taalplan.frl/wp-content/uploads/2022/11/TF2030_Projectplan_2021_toegankelijk_totaal_beeldscherm.pdf

Wet Kinderopvang, BWBR0017017. (2004, 9 july). Delladen op 21 maart, 2024, fan https://wetten.overheid.nl/BWBR0017017/2023-01-01/0

Wet op de Expertisecentra, BWBR0003549. (1982, 15 desimber). Delladen op 21 maart, 2024, fan https://wetten.overheid.nl/BWBR0003549/2023-01-01

Wet op het Hoger Onderwijs en Wetenschappelijk Onderzoek, BWBR0005682. (1992, 8 oktober). Delladen op 21 maart, 2024, fan https://wetten.overheid.nl/BWBR0005682/2023-01-01/0

Wet op het primair onderwijs , BWBR0003420. (1981, 2 july). Delladen op 21 maart, 2024, fan https://wetten.overheid.nl/BWBR0003420/2023-01-01/0

Wet op het voortgezet onderwijs 2020, BWBR0044212. (2020, 30 septimber). Delladen op 21 maart, 2024, fan https://wetten.overheid.nl/BWBR0044212/2024-01-01/0

Varkevisser, N.A., Visser, F., Walsweer, A., & Sjoerdstra, W. (2023). It is mei sizzen net te dwaan: 1-meting voortgezet onderwijs. Lectoraat Meertaligheid & Geletterdheid. https://taalplan.frl/nl/brief-update-stan-fan-saken-taalplan-frysk-2030/

Varkevisser, N.A., Visser, F., & Walsweer, A. (2023). It is mei sizzen net te dwaan: 1-meting primair onderwijs. Lectoraat Meertaligheid & Geletterdheid. https://taalplan.frl/nl/brief-update-stan-fan-saken-taalplan-frysk-2030/

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Frisistyk Utljochte Tags: Frysk yn it ûnderwiis, Frysk yn wet en bestjoer, Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

Wynsels • Tryntsje van der Veer

de loft berint aanst dwêst it ljocht
ik ha myn noeden by Jo brocht
ik doar se út te sprekken
de jûn is rûzich en jout rein

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

13 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

11 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 juny 2025: Fryske Poëzyslam

26 juny 2025: Fryske Poëzyslam

6 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 juny 2025: deadline Lytse Gysbert Japicxpriis

20 juny 2025: deadline Lytse Gysbert Japicxpriis

2 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
19-21 juny 2025: Purity in Minoritised Languages

19-21 juny 2025: Purity in Minoritised Languages

26 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d