• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

21 maaie 2026: Lunchlêzing – In fergetten roman fan in fergetten skriuwster

27 april 2026 door Redaksje Frisistyk Reageer

Gerda van der Wijk. Foto fia Tresoar

Gerda van der Wijk jout in lêzing oer in fergetten roman fan in fergetten skriuwster: it ferhaal fan freule Cecilia Johanna van Heemstra (1767-1836).
Yn 1925 ferskynt de dokumintêre roman Het Vergeten Proces. It boek is skreaun troch in skriuwster mei in frjemd pseudonym: L.E. It docht al gau bliken dat de letters steane foar Lite Engelberts (1880-1929). Se hat in tal ferhalen publisearre yn tydskriften en in pear histoaryske romans skreaun. Fierder is net folle oer har bekend. En dat is sa bleaun, want L.E. is krekt as har grutte roman oer freule Cecilia van Heemstra totaal fergetten.

It ferhaal is út de Frânske Tiid en spilet him ôf yn Fryslân, op Fogelsanghstate yn Feankleaster. Yn de twadde helte fan de 18de iuw wennet dêr Cecilia mei har dominante mem, har heit is jong ferstoarn. Mem sjocht har iennichste dochter graach trouwen mei har folle neef Willem van Sytzama fan Driezum. Cecila hat lykwols Willem van Haren troffen, grytman te Wolvegea. En mei him wol se trouwe ek al is hy 20 jier âlder as har. Lykwols har mem wegeret tastimming te jaan en Cecilia sjocht mar ien útwei: flechtsje nei Emden yn East-Fryslân. As Willem van Haren har achternei reizget, trouwe se dêr úteinlik. Yntusken docht Willem van Sytzama Cecilia in proses oan fanwege troubrek. In saak dy’t mear as tsien jier duorje sil en formeel noait ôfsletten is. Het Vergeten Proces is in bysûnder leafdesferhaal fan in Fryske freule.Lunchlêzing

De lêzing begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (in lúks broadsje* en 1 konsumpsje). De lunch stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunch binne € 7,50, te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Yn ferbân mei it in it foar bestellen fan de lunch, is it net mooglik om op de dei sels in lunch te bestellen – dat moat foarôf.

Dizze lêzing is yn it Frysk.

* De broadsjes binne geskikt foar fegetariërs.Oanmeldtips

  • In Eventbrite-account is net nedich.
  • Jou by it oanmelden oan mei hoefolle persoanen oftst komst. Kinst meardere tickets yn ien kear bestelle.
  • Bestelst in lunch, dan hoechst net in los ticket te bestellen: lunsj en ticket binne tegearre ien bestelling.
  • De befêstiging fan de bestelling duorret soms wat langer. Check ek dyn spam/net-winske mailbox!
  • Utprintsjen fan de tickets is net nedich.

Oanmelde kin fia dizze link.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: lunchlezing, roman, skriuwster, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Gleed

Gleed: fan ‘e gleed (fan ‘e wize); oan ‘e gleed wêze (oan ‘e gong wêze); oan ien gleed (wei) (sûnder op te hâlden); op gleed komme/reitsje (op gong komme/reitsje)

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

21 maaie 2026: Lunchlêzing – In fergetten roman fan in fergetten skriuwster

21 maaie 2026: Lunchlêzing – In fergetten roman fan in fergetten skriuwster

27 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

24 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 maaie 2026: Deadline Gjalp

10 maaie 2026: Deadline Gjalp

16 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

14 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d