Skriuwer Hylke Speerstra hat de Fryske Anjer krigen. Hy stiet bekend as ‘ferhaleferteller pur sang mei in sterke sjoernalistike ynslach’. Hoe gie er te wurk om boeken te skriuwen foar in breed publyk? It argyf fan Tresoar jout ynsjoch: Tresoar - Diel 1: Neaken en bleat foar de dokter Tresoar - Diel 2: Kening op sokken Tresoar - Diel 3: Oare literêre winners fan de … [Lees meer...] overDossier Hylke Speerstra
Frisistyk Nijs
Rymwurdboek lansearre – In rymke by it rymwurdboek
Snein 12 novimber is it digitale Frysk rymwurdboek online gongen. Ter eare fan dy gelegenheid hat dichteres Janneke Spoelstra In rymke by it rymwurdboek skreaun. Sels ek in rymke meitsje? It rymwurdboek is streekrjocht te finen fia www.frysker.nl/rymje en fia www.rymwurdboek.nl . In rymke by it rymwurdboek Janneke Spoelstra Hjoed bin ik sneinsdichter, stedsdichter,mei … [Lees meer...] overRymwurdboek lansearre – In rymke by it rymwurdboek
Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân
Arjan Hut (Drachten, 1976) is tongersdei 16 novimber 2023 op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy 't ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân. Dichter fan Fryslân Arjan Hut: … [Lees meer...] overArjan Hut nije Dichter fan Fryslân
Fryske jongeren sette harren yn foar mear Frysk by it stimproses
22 novimber is it wer tiid om nei de stimbus ta te gean. Mar wêrom is de stimpas eins folslein yn it Nederlânsk? Oer dy fraach bûgden de studinten fan Yung Frysk harren de ôfrûne wiken. Dat late allinnich mar ta mear fragen: wat wurdt der eins dien mei it Frysk yn de stimproseduere? En wa bepaalt dat? Om dy fragen te beäntwurdzjen gienen de studinten op ûndersyk út. Dat … [Lees meer...] overFryske jongeren sette harren yn foar mear Frysk by it stimproses
Het leven van een vrije Friese vrouw in de middeleeuwen
Hoe seach it libben fan in frije Fryske frou der út yn de midsiuwen? As ûnderdiel fan syn promoasjetrajekt hat dr. Marvin Wiegand in podcast yn trije dielen makke oer dit ûnderwerp, mei gastoptredens fan dr. Oebele Vries en dr. Han Nijdam. Marvin Wiegand promovearre yn oktober oan de Vrije Universiteit op syn proefskrift The Reception of Learned Law in Fourteenth- and … [Lees meer...] overHet leven van een vrije Friese vrouw in de middeleeuwen
Foardrachten IBBY-Nederland foar IBBY Honour List 2024
De International Board on Books for Young people (IBBY) jout twajierliks de Honour List út: in oersjoch fan berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit út by IBBY oansletten lannen. Foar de IBBY Honour List 2024 draacht IBBY-Nederlân twa Fryske publikaasjes foar. Yn de kategory Tekst is it boek ‘Abe en de Aardichman’ skreaun troch Tialda Hoogeveen foardroegen en yn de kategory … [Lees meer...] overFoardrachten IBBY-Nederland foar IBBY Honour List 2024
Waarom schrijven in een kleine taal?
Jesse van Amelsvoort die PhD ûndersyk nei skriuwers yn minderheidstalen. Yn dizze podcast fan Studium Generale Leeuwarden mei Wytse Vellinga fertelt van Amelsvoort dêr mear oer. Fan syn hân ferskynde ek it boek Loft en lân: Gesprekken over Tsjêbbe Hettinga. Ut en troch diele wy earder ferskynde podcasts of oare media dy't it fertsjinje nochris ûnder de oandacht brocht te … [Lees meer...] overWaarom schrijven in een kleine taal?
Media: Learlingen Frysk te gast by Op en Ut
Learlingen Senne Everhard en Sofie Maret Smilde fan it Piter Jelles !mpuls yn Ljouwert hawwe keazen foar it fak Frysk. Op snein droegen se foar út eigen wurk op it troch it Feitsma Fûns organisearre Bûter yn 'e brij-festival. Sneon wienen se tegearre mei harren dosint en bestjoerslid fan it Feitsma Fûns Pieter Duijff te gast yn it radioprogramma Op en Ut fan Omrop Fryslân en … [Lees meer...] overMedia: Learlingen Frysk te gast by Op en Ut
Digitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers
De tiid fan dichtsjen en rymjen komt der wer oan as Sinteklaas ynkoarten foet oan wâl set. Yn it ferlet fan alle helpsinteklazen, hobbyrappers en aspirant-dichters wurdt no foarsjoen. Op sneintemiddei 12 novimber 2023, presintearret de Fryske Akademy, yn ‘e mande mei rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn maten Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, it ‘rymwurdboek’. De … [Lees meer...] overDigitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers
4 novimber 2023: DINGtiidlêzing ‘Frysk yn de rjochtspraak’ digitaal te folgjen en werom te sjen
Op sneon 4 novimber 2023 organisearret DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, in lêzing oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtspraak. Op papier liket dat regele, mar yn de praktyk blike alle partijen der mei te wrakseljen om’t net eltsenien yn it rjochtsproses de Fryske taal machtich is. Wat is der nedich om it Frysk yn de rjochtspraak duorsum te boargjen? De seal … [Lees meer...] over4 novimber 2023: DINGtiidlêzing ‘Frysk yn de rjochtspraak’ digitaal te folgjen en werom te sjen
Tresoarpodcast oer de Richthofenkolleksje
Undersyksgroep Pastei ûndersocht yn opdracht fan Tresoar de Richthofenkolleksje, in bysûndere samling fan tsien midsiuwske hânskriften. Yn dizze podcast nimt Anne Tjerk Popkema dy mei yn it ferhaal fan de nammedrager fan dizze kolleksje, de Dútske rjochtsgelearde Karl Von Richthofen. De podcast is hjir werom te lústerjen. … [Lees meer...] overTresoarpodcast oer de Richthofenkolleksje
Media: Lit jim holtsjes wobbelje
Pieter Gysbert Zijlstra (Sample Text) makke spesjaal foar Tresoar's Lytse Gysbertjapicxpriis (gedichtewedstriid foar bern út groep 7 en 8 fan it Fryske basisûnderwiis) in rap en fideo. Besjoch ‘Wobbelje’ hjir: … [Lees meer...] overMedia: Lit jim holtsjes wobbelje
Rely Jorritsmaprizen útrikt
De Rely Jorritsmaprizen binne útrikt. Foar priisfraach wienen 89 ynstjoerings, 33 ferhalen en 56 gedichten ynkommen. De sjuery bekroande twa ferhalen (fan Koos Tiemersma en Tryntsje van der Steege) en fiif gedichten (fan Benny Holtrop, Fedde Dijkstra, Ypie Bakker, Remco Kuiper en Sytse Jansma). Lês mear op de webside fan Tresoar. … [Lees meer...] overRely Jorritsmaprizen útrikt
Media: A Frisian enclave in the USA? Friesland Wisconsin (1881-1945)
The West-Frisian language is spoken in the province of Fryslân in the north of the Netherlands. But, from about 1880 onwards, a community of Frisian speakers continued to speak their language in the wilds of Wisconsin, even naming their town 'Friesland' in honour of the province of their birth. But how was this possible in the predominantly Anglophone USA? Yn dizze nije … [Lees meer...] overMedia: A Frisian enclave in the USA? Friesland Wisconsin (1881-1945)
Ferskynd: Tiny Mulder – Ah, in lân
In 1983 verscheen van Tiny Mulder (1921-2010) een cyclus gedichten geïnspireerd door de ontstaansgeschiedenis van Venetië en Fryslân en welke rol de mensen hadden gespeeld. In een leporello, vorm voor het zich uitstrekkende wad is één vers, met zeker een actuele inhoud, opnieuw met enkele linosneden gedrukt in een oplage van 30 exemplaren bij uitgeverij Hynsteblom. Als … [Lees meer...] overFerskynd: Tiny Mulder – Ah, in lân
Fakatueres by it Nordfriisk Instituut
Als neue Abteilung baut das Nordfriisk Institut derzeit eine Einrichtung zur friesischen Spracharbeit auf. Für diese neue Abteilung suchen wir ab sofort: … [Lees meer...] overFakatueres by it Nordfriisk Instituut
Gysbert Japicxpriis útrikt oan Jetske Bilker
Jetske Bilker krige 14 oktober de Gysbert Japicxpriis útrikt foar har roman Spegel en sonde. It wie in feestlike en fleurige middei yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Neist it ferslach fan de advyskommisje wienen der taspraken fan deputearre Eke Folkerts en Jetske Bilker. Lês fierder op de webside fan Tresoar. … [Lees meer...] overGysbert Japicxpriis útrikt oan Jetske Bilker
Nij skriuwtalint krijt les fan Gysbert Japicxpriiswinner
Jetske Bilker is wiis mei de Gysbert Japicxpriis 2023 dy’t se 14 oktober krige foar har roman Spegel en sonde. As fakdosint draacht se graach har leafde foar literatuer oer op studinten fan de Skriuwersfakskoalle (in gearwurking tusken Schrijversvakschool Groningen, Leeuwarden City of Literature en Tresoar). Lês mear op de webside fan Tresoar: … [Lees meer...] overNij skriuwtalint krijt les fan Gysbert Japicxpriiswinner
Promoasje: Aldfrysk en geleard rjocht yn 15de iuwsk Fryslân
Histoarikus Marvin Wiegand ferdigenet syn proefskrift The Reception of Learned Law in Fourteenth- and Fifteenth-Century Frisia op tiisdeitemiddei 17 oktober 2023 oan de Vrije Universiteit Amsterdam. De begelieding fan it promoasjetrajekt wie yn hannen fan promotor prof. mr. Jan Hallebeek (Vrije Universiteit) en de ko-promotors dr. Han Nijdam (Fryske Akademy) en prof. dr. mr. … [Lees meer...] overPromoasje: Aldfrysk en geleard rjocht yn 15de iuwsk Fryslân
Skriuwersfakskoalle: It sykjen nei in eigen stim
Tryntsje van der Steege fertelt oer de oplieding dy’t se folget by de Skriuwersfakskoalle, har leafde foar lêze en literatuer. Kinst it leare om te skriuwen? ‘Ik tink datst it wol in bytsje yn dy hawwe moatst en dan kinst it better leare.’ Lês mear op de webside fan Tresoar: https://www.tresoar.nl/nieuws/de-zoektocht-naar-een-eigen-stem … [Lees meer...] overSkriuwersfakskoalle: It sykjen nei in eigen stim
Ynput frege: Frysk-Ingelske fertaalapp
It Frysk krijt ek ynternasjonaal omtinken en dat liket ta te nimmen. Om dy reden hat de Fryske Akademy wurke oan it digitaal beskikber meitsjen fan it Frysk Ingelsk wurdboek dat op frisian.eu te finen is. Dit digitale wurdboek is folslein standerdisearre, mar net hiel brûkersfreonlik. Om dy reden wurket de Fryske Akademy op it stuit oan in fertaalapp. De ûntwikkelders hearre … [Lees meer...] overYnput frege: Frysk-Ingelske fertaalapp
Alzheimer yn de Fryske literatuer
Foto: boekcover Spegel en sonde Yn de roman Spegel en sonde dêr’t Jetske Bilker dit jier de Gysbert Japicxpriis foar krijt, is demintsy in tema. Soks helpt om it besprekber te meitsjen, om’t it net allinnich de persoan treft dy’t de sykte krijt, mar ek de neisten. Lês op de webside fan Tresoar oer mear boeken oer dit tema: … [Lees meer...] overAlzheimer yn de Fryske literatuer
Lida Dijkstra wint Thea Beckmanpriis foar bêste histoaryske jeugdboek
Foto: Lida Dijkstra De Nederlânsktalige jeugdroman Schaduw van Toet is it bêste histoaryske jeugdboek fan it jier. Lida Dijkstra krige de Archeon Thea Beckmanpriis foar har ferhaal oer farao Toetanchamon en de wrâld fan it âlde Egypte. In Fryske oersetting soe se prachtich fine. Lês mear op de webside fan Tresoar: … [Lees meer...] overLida Dijkstra wint Thea Beckmanpriis foar bêste histoaryske jeugdboek
Dossier BFTK 2024-2028: Fryslân nei De Haach
Oankommende tongersdei organisearret de Kommisje Ynlânske Saken fan de Twadde Keamer in saneamd rûnetafelpetear oer it Frysk. Underskate spilers út it fjild wei binne útnûge om nei De Haach te kommen om de keamerleden by te praten oer de stân fan saken, knipepunten en ambysjes oangeande it Frysk. Dat wie in oanrekommendaasje fan de Ried fan Europa út syn lêste … [Lees meer...] overDossier BFTK 2024-2028: Fryslân nei De Haach
Sytze de Haas winner fan Lytse Gysbert Japicxpriis 2023
Foto Sytze de Haas (Siemon Bleeker) Sytze de Haas (11 jier) út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch learlingen út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 14 oktober kriget er ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde. Lês mear op de webside fan Tresoar: … [Lees meer...] overSytze de Haas winner fan Lytse Gysbert Japicxpriis 2023