• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Meslânzer Woardeboek sjocht op 14 maart it ljocht

7 maart 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Neidat der jierren oan wurke is, is it safier dat der in wurdboek fan it dialekt fan Midslân op Skylge presintearre wurde kin. Dat sil wêze op 14 maart yn “Het Wapen van Terschelling” yn Meslâns, sa’t Midslân lokaal neamd wurdt.

Skylge is dialektologysk in apart gefal. West-Skylge en de eastlike doarpen binne fanâlds Frysktalich, al is dat dan ek in Frysk dat flink fan dat op ‘e fêstewâl ôfwykt. Boppedat ferskille it Westers en it Aasters ek noch wer faninoar. Dêrtuskenyn wurdt der yn Midslân en byhearrende doarpen en buorskippen in taal praat dy’t heart by de Nederlânsk-Fryske mingdialekten lykas it Stedsfrysk, it Bilts en it Amelânsk. Binnen dat gehiel hat it Meslânzers in eigen karakter. Sa wurde de begjinlûden g– en sk– op syn Nederlânsk útsprutsen, oars lykop mei de útspraak yn it Westers en Aasters. Bysûnder is ek dat de saneamde einûntstimming faak mist. Sa wurdt it wurd “brief” as briiv yndied mei in v-lûd útsprutsen.

Fierders hat it Meslânzers in grut tal hiel eigen wurden. Dy binne yn it wurdboekpart fan sa’n 150 siden byinoarbrocht. Se binne troch in yndeks ek oer it Nederlansk op it spoar te kommen. It boek, dat meiinoar 286 siden telt, hat njonken in ynlieding ek in oersjoch fan útspraak en grammatika.

Oan it wurdboek is sûnt 2008 wurke troch Triny Martens, Gettje Pals, Nel Swart en Piet Smit, mei de stipe fan in klankboerdploech fan dialektsprekkers. In fiif jier lyn krigen se ek de help fan de doe krekt pinsjonearre Siebren Dyk. De âld-meiwurker fan ‘e Fryske Akademy soarge dat de oarspronklike wurdlisten yn in wurdboekformaat oerbrocht waarden, en hy rette ek mei it grammatikale part.

It Meslânzer Woardeboek wurdt útjûn troch de AFÛK, as nûmer 1142 fan ‘e Fryske Akademy en as diel 14 yn ‘e Rige Fryske Dialekstúdzjes. It boek is hjir te bestellen.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Nieuws Tags: afûk, dialect, Fryske Akademy, leksikografy, Meslânzer woardeboek, Wadden

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

Wynsels • Tryntsje van der Veer

de loft berint aanst dwêst it ljocht
ik ha myn noeden by Jo brocht
ik doar se út te sprekken

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

20 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26-29 juni: Dichters in de Prinsentuin 2025

26-29 juni: Dichters in de Prinsentuin 2025

18 juni 2025 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

13 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

11 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 juny 2025: Fryske Poëzyslam

26 juny 2025: Fryske Poëzyslam

6 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d