• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

25 & 26 oktober 2024: ‘Oer alles’ Evenementen rond Eppie Dam

12 oktober 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Ofbylding: Academie van Franeker

Op freed 25 oktober is in fariearre program yn teäter De Koornbeurs. Moarns wurdt it earste eksimplaar fan Pompster Psalmen, Dam syn autobiografy yn dichtfoarm, oanbean. Abe de Vries jout in laudatio en Omrop Fryslân toant de premjêre fan in FryslânDOK oer Dam. Jûns is der in soad ferdivedaasje mei optredens fan û.o. Inez Timmer, dy’t Fryske fertolkingen bringt fan Joni Mitchell en Leonard Cohen, en it folktrio Paddy’s Day Off mei Ierske balladen, oerset troch Dam en de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, draacht gedichten. 

Op sneon 26 oktober is yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer in program mei geastlike lieten, kantates en liturgyen dy’t Eppie Dam skreaun hat. Op snein 10 novimber wurdt it Frysk Rekwiem ‘Wylst de wrâld fan wille skattert’, mei tekst fan Eppie Dam en muzyk fan Jan de Jong, útfierd yn de Martinitsjerke. Opnamen dêrfan wurde dyselde moanne troch Omrop Fryslân útstjoerd. 

Yn de hiele moanne oktober binne yn Museum Martena portretten fan Eppie Dam te sjen en de Frjentsjerter biblioteek toant yn in lytse útstalling wurk út de privee-kolleksje fan Eppie Dam en linofiken fan Lienke Boot.

It program Oer Alles is in inisjatyf fan de Academie van Franeker yn gearwurking mei û.o. Theater De Koornbeurs, Franeker Bibliotheek, Museum Martena, PKN Franeker/Martinitsjerke, CSG Anna Maria van Schurman, Gemeente Waadhoeke, NHL Stenden en Tresoar. 

Programma 25 oktober

Middeis 14.00 – 16.00

Workshop

  • Bern meitsje dieregedichten, mei Arjan Hut, Dichter fan Fryslân, Bibliotheek Franeker

Middeis 16.00 – 17.30 Teäter De Koornbeurs, Noord 2.

  • Oanbieding autobiografy Pompster psalmen (Dokkum: Wijdemeer)
  • Kapelle Kwartet û.l.f. Gerben de Vries
  • Lofrede Abe de Vries
  • Oanbieding Achlum Nobusco en de monsternimmersen Boer Boaris en de sniepop oan deputearre Eke Folkerts
  • Premjêre dokumintêre “Portret Epppie Dam” FryslânDOK/Omrop Fryslân

Presintaasje: Rolf Bremmer

Jûns 20.15 – 22.00

“Oade oan Eppie Dam”, Teäter De Koornbeurs

  • Bernekoar Seewyn û.l.f. Trudy Baard: Fjouwer dappere mûskes/Ticht by hûs bin ik geboaren”. Ferteller: Neeltje Bonnema
  • Inez Timmer, mei kombo, sjongt Eppie Dam
  • Learlingen CSG Anna Maria van Schurman presintearje harren reaksje yn wurd en byld op wurk fan Eppie Dam
  • Arjan Hut, Dichter fan Fryslân, dichtet oer Eppie Dam
  • Eppie Dam’s Pompster gedichten fertaald deur Martsje de Jong (Frysk), Anneke Tulp (Franekers) en Gerard de Jong (Bildts)
  • Folktrio Paddy’s Day Off spilet Ierske balladen, oerset troch Eppie Dam
  • Libbene kollums troch Liuwe Westra, AnnaMarije Bloem en Bert Looper,

Presintaasje fan it jûnsprogramma: Idske Bangma

Programma 26 oktober 20.00 – 22.00

“De stjerren fan ’e himel – sjonge mei Eppie Dam”

Kwartettekoar û.l.f. Feike van Tuinen, Con Amore Musica û.l.f. Gerben van der Veen

Fluit – Aafke Reinders, Piano – Sjoukje van der Velde, Alt – Femke de Boer, saksofoon – Jesse Elkerbout (Advendo), Oargel/Harmoanium – Jochem Schuurman, Harmoanium – Jan de Jong

Op it programma stean lieten fan Eppie Dam op muzyk fan Hindrik van der Meer, Jan de Jong, Feike van Tuinen, Gerben van der Veen, Joseph Haydn en Johann Sebastian Bach.

Presintaasje: Dineke Bos
Lokaasje: Martinitsjerke, Breedeplaats

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: Academie van Franeker, Eppie dam, letterkunde

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

Wynsels • Tryntsje van der Veer

de loft berint aanst dwêst it ljocht
ik ha myn noeden by Jo brocht
ik doar se út te sprekken

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

20 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26-29 juni: Dichters in de Prinsentuin 2025

26-29 juni: Dichters in de Prinsentuin 2025

18 juni 2025 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

13 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

11 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 juny 2025: Fryske Poëzyslam

26 juny 2025: Fryske Poëzyslam

6 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d