
Op sneintemiddei 26 april ferskynt Elmar Kuiper syn achtste bondel; Wytbekroek, by útjouwerij Hispel. Do bist fan herte wolkom yn Tresoar, fan 14.30 oere ôf.
Lara Kool, Sipke de Schiffart, Abe de Vries en Gerrit de Vries sille fersen foardrage. De muzyk wurdt fersoarge troch Jetze de Vries. De útjouwer, Piter Boersma (Hispel) sil yn petear mei Kuiper oer Wytbekroek.
Sintraal tema yn Wytbekroek is de dea. Dizze fûgel (roek) jout mei syn stim en eigen aksint, boadskippen oan ’e dichter en lêzer troch. Elmar Kuiper tekenet lyrysk en ritmysk, bonkich en liiflik op wat de fûgel sa al skrast en bekrast. Hy praat mei syn heit en mem, wikselet kaaimominten út syn jeugd, koart en krekt beskreaun, ôf mei mominten út it hjir en no. Guon fersen ferwize nei oare dichters. Yn oare fersen lit er de noed oer de wrâld en de leafde foar syn bern trochklinke.
Wytbekroek is Kuiper syn achtste Frysktalige bondel. Foar Ferlosboartsje (2024) waard him yn 2025 de Gysbert Japickspriis takend. Ut it sjueryrapport: ‘Yn Ferlosboartsje is poëzij gjin fersiering fan ’e natoer, mar lit it syn earlike oanwêzigens sjen. De minske is gjin ynferieure God, ek gjin superieur bist, mar gewoan lykas sweltsjes, hazzen, hynders, kij of hoannen. De bondel is sawol in earnstige inerlike syktocht as in boarterstún fan taal. En ast dat kinst as dichter, dan bist in hiele bêstenien.’
Wêr: De Gouden Liuw, Tresoar
Wat: Bondelpresintaasje Wytbekroek fan Elmar Kuiper
Wannear: snein 26 april tusken 15.00 en 17.00 oere (14.30 ynrin)
Tagong fergees
Wytbekroek: 108 pagina’s (full colour)
Utjouwerij: Hispel
Ferkeappriis: 25 euro

Laat een reactie achter