de loft berint aanst dwêst it ljochtik ha myn noeden by Jo brochtik doar se út te sprekken de jûn is rûzich en jout reinik ha myn skyld en swurd delleinik sykje om in tekken de tiid fan warberens is oerit wurdt al stil yn de natoerit ljocht is oan it brekkenas ier om ús de kjeld ferdwyntta teken dêr in stjerre skyntta wynsel is it lekken de loft berint aanst komt de … [Lees meer...] overWynsels • Tryntsje van der Veer
Poëzy
26 juny 2025: Fryske Poëzyslam
Wa is de bêste Fryske Poëzyslammer? Kom 26 juny nei de Fryske Poëzyslam! Op tongersdei 26 juny is by Tresoar de tredde edysje fan de Fryske Poëzyslam: tsien talintearre dichters nimme it tsjin elkoar op. It wurdt in jûn fol ferpletterjende foardrachten en poëtyske hichtepunten. Fans, famylje en freonen en alle poëzyleafhawwers binne fan herte wolkom! By de poëzyslam … [Lees meer...] over26 juny 2025: Fryske Poëzyslam
Peaskemoandei • Obe Postma
Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei;De pols op 't skouder, foarjiers-dronken.Ik bin te âld om dronken te wurden,Mar de reade kop fan in soerstâl stek ik op 'e jasEn wiid set ik de sinnen iepen.Ryk en bliid leit it lân,Griene teisters driuwe fan 'e wâl ôf de sleatten op;Ut it westen komt de fochtige wyn.Efter doarpstún en hiem bliuw ik stean.It âld stek en rou … [Lees meer...] overPeaskemoandei • Obe Postma
ynstjuaring • Joël Hut
beesta skruwrs foir fryssystyk jirkoirtlynd he k noch wer as n beydraagha lezn op a sayt, dear fualfoert op hufolla frymmltsjas aotjim dr wol net bruekka om m bytsjada galuedn guad op papyar ta kreyan ken daot net oars, friigha ik mey au dr binna lettrs dyt dr suevr wol abbomynnabl faon woerda en dr binna ikganaoach goeddns dyt at wer wiaghnom dr miar dinkjas op ta … [Lees meer...] overynstjuaring • Joël Hut
Smoarch ljocht • Arjan Hut
Smoarch ljocht (ferzje 1.5) dit gedicht(sis ik der fuortendaliks by)wol net by de U.S.A. hearre dit gedicht isútsoarte autonoomen lit him / har net platsmiteen betegeljefoar in fakânsjepark(al soene de winsten maksimaal wêze!) dit gedicht skûletyn sikehûzen, yn skoallen entsjerken engjin drone of skerpskutterkin it reitsje (sèls dêr net!) al stie it achter in … [Lees meer...] overSmoarch ljocht • Arjan Hut
Fedde Schurer • Fan de freonskip
Mar dit is freonskip, dy't de libbens bynt:As skouwe siel oan siel syn skruten tinzenBetrouwe doar, en grut betrouwen fynt,De ban ûntslein fan willemoedske grinzen.Yn 't siikjend wurd ferbûn op stille wacht.En djip fersteande ek wat gjin wurden neame;Twa skoftge hynders, dy't yn moannenachtFeriene by deselde hikke dreame. Ut: Samle fersen, 1974 … [Lees meer...] overFedde Schurer • Fan de freonskip
krûpruimte / kruiprûmte • Tsead Bruinja
krûpruimte dit weer smakket barmhartig as in fakbûn weelderich as in zon sinnige muiterij fret oan buik 'n rêch natuer arbeidet oan de installatie frysk makket fan werkwoorden tiidwurden aansens in útbaarnd décorfoar waans gelyk op de flakte waakst túchmei koppich blad dit rûmet net op it nederlands makketfan tiidwurden werkwoorden hollands laket … [Lees meer...] overkrûpruimte / kruiprûmte • Tsead Bruinja
Murns • Lieuwe Hornstra
wyt skûmjende mar!yn 'e lijte fan 'e bosktriljend in reebok Ut: Fersen, 1975 … [Lees meer...] overMurns • Lieuwe Hornstra
It ferrin • Janneke Spoelstra
Ik rin mei ús mem,sy hâldt de stap yn. … Us mem rint mei my,ik hâld de stap yn. Dit gedicht is yn 2021 skreaun foar dichterskollektyf RIXT, nei oanlieding fan de folgjende rigel fan Rixt: de hiele wrâld draach ik op ien fingers-ein, út it gedicht Yn ’t lêstoan. … [Lees meer...] overIt ferrin • Janneke Spoelstra
Yn ’t lêstoan • RIXT
Dy't altyd yn myn libben wie, my it neiste,myn taflecht fan ûneind'ge feiligens,yn al wat wiksele de fêstichheid,is no myn dochter waarn, is no myn bern. Tin sulver wyndert om myn fingers hinneen oer de leave lea, dy't me earen droegen,binn' soarchsum no myn hannen gear; o, 't lokfan har betrouwend rêsten yn myn noed. Ik hear har núnderjen: hiel âlde sankjesút bernetiid, … [Lees meer...] overYn ’t lêstoan • RIXT
Maaie op it iis • Pieter Jelles Troelstra
Joech de maitiid folle wille,Ek de winter is my djoer;As 'k dy sjoch, sa moai en krigel,D'eagen fol fan heger fjoer. Mei de faam der oer te waaien,Wat in wille foar in Fries!Binn' de beammen keal en neaken -Dat is: maitiid op it iis. 1881. Pieter Jelles Troelstra, út: It sie fan moarn, geselecteerde gedichten, 1999 … [Lees meer...] overMaaie op it iis • Pieter Jelles Troelstra
oars bin ik mei dy / anders ben ik met jou • Tsead Bruinja
oars bin ik mei dy eigen bin ik dy net langer frjemdomjûn ûntjûn opjûn troch dymei wa't it dik oan is mei wa't ik troch it libben geanmei wa't ik troch it libben moatbin ik oars oars bin ik mei dyoars en neaken eigen bin ik dyûntsifere besifereopnaam dield eigen net langer frjemd beam fiich en blêd binne wybleat yn ús genedige feltsjes fan ljocht strûpt … [Lees meer...] overoars bin ik mei dy / anders ben ik met jou • Tsead Bruinja
Studentikoas intermezzo • Sybe Sybesma
It Krystkongres to Frjentsjeris altyd in moaije boel:wy sitte fol soarch om Fryslân,mar hat it winliken doel? Yn'e Bogt fan Guné binn' de famkesoannimliker as oeral oars;myn Fryske probleem dêr is ditte:in oarenien sjit yn'e roas. Men kin better frije as tinke,wol men op'e takomst ta - theoryën binn' moai foar gelearden,mar it libben wol neiteam ha. Forjow my, dou Anke … [Lees meer...] overStudentikoas intermezzo • Sybe Sybesma
In winternarratyf • Janneke Spoelstra
Wurdt de grûn hyt ûnder de soallen,hâld de holle koel.Wurd sniebal, wês iis yn ’e sleat.Bist de redens, of de spikes?Glyd as iisblokje by in hals of nekke yn. Wês de skos dy’t fêstset,in baan oer in hynste-izen mar,in iispylk dy’t oan in oesdrip groeit,in wek dat tichtfriest. De wrâld hat der ferlet fan. Wurdt dy in reis oanbean, makkest de reis?Yn ’e frede wolst in lân … [Lees meer...] overIn winternarratyf • Janneke Spoelstra
Har sang • Simke Kloosterman
In boat driuwt fier fan hûs,Wat lokket it weachgesûs,De skipper is mymrjend allinneMei loft en weagen en sinne, In boat driuwt oan op 't strân,Him wachtet lok op it lân!De wille, syn sin, syn Marije...De lokjende weagen swije... Hy fynt yn it doarp syn faam;As frjemdling is hy der kaam;Hja lake sa wyt en sa derten,Him hat s' al jierren fergetten! In boat driuwt fier … [Lees meer...] overHar sang • Simke Kloosterman
30 jannewaris – 5 febrewaris 2025: Fryske Poëzywike
De lêste tongersdei fan jannewaris is it Gedichtedei. Sûnt 2013 betsjut dat ek de start fan de Poëzywike. De Fryske Poëzywike slút oan by it tema fan de lanlike Poëzieweek, dat is dit jier Liiflikheid. Ek binnen Taalplan Frysk wurdt der oandacht oan bestege, troch it oanbieden fan materiaal fia de webside fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis. It is bedoeld foar alle … [Lees meer...] over30 jannewaris – 5 febrewaris 2025: Fryske Poëzywike
Ien lân? • Obe Postma
Der binne rju lânen dy't ik mines neam,Dêr't ik swalke en my dellein ha;In part, dat namme hawwe mei,Fan it ierdryk bestrike hja. Yn it iene haw ik myn sangen dreamd,Om my hinne it ljochte gea;In liddige ruter, in swervend man,Dy't fynt oan 'e wei syn brea. Yn it oare haw ik de wiisheid sochtEn reizge de skoallen ôf;In jonge mûnts, gong ik op en delYn it koele … [Lees meer...] overIen lân? • Obe Postma
Rein-liet • Eeltsje Halbertsma
Reintsje, reintsje, brûs,Wy sitt' hjir waarm yn hûs!De do sit yn de beam te koeren,In poes sit ûnder 't tek te loeren:Reintsje, reintsje, brûs,Wy sitt' hjir waarm yn hûs! Reintsje, rein en meitsje wiet,Wat rûkt dat yn 'e bosken swiet!Blomkes hingje slieprich slopEn beslut har yn de knop:Reintsje, reintsje wiet,wat rûkt de bjirk hjir swiet. Reintsje, reintsje, sûsFan … [Lees meer...] overRein-liet • Eeltsje Halbertsma