de loft berint aanst dwêst it ljocht
ik ha myn noeden by Jo brocht
ik doar se út te sprekken
de jûn is rûzich en jout rein
ik ha myn skyld en swurd dellein
ik sykje om in tekken
de tiid fan warberens is oer
it wurdt al stil yn de natoer
it ljocht is oan it brekken
as ier om ús de kjeld ferdwynt
ta teken dêr in stjerre skynt
ta wynsel is it lekken
de loft berint aanst komt de dei
dy bringt it rea en fûgels mei
en fjoer om oan te stekken
Mei tastimming fan © Tryntsje van der Veer.
Dit prachtige verstillende lied wordt elke avond op klooster Westerhûs (bij Hilaard) gezongen. Het voert ons de stilte van de nacht in.
Tige tank Tryntsje!