Wa wint dit jier de felbegearde Gouden Fear? Alle bern út de groepen 7 en 8 fan basisskoallen yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025. Foar skoallen dy’t meidwaan wolle oan dizze dichtwedstriid, is der in online lesbrief mei wurkblêden, te gekke filmkes én in dosintehantlieding beskikber. Leaver in fergeze workshop Frysk dichtsjen op … [Lees meer...] overDichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025
frysk
Deputearre Folkerts en Douwstra as earste fertsjintwurdigers fan provinsjaal bestjoer mei nei Hilgelân
Fan 23 oant 25 maaie 2025 komme Friezen fan Fryslân, Ostfriesland en Noard-Fryslân byinoar op Hilgelân (Helgoland) foar in feestlik en kultureel evenemint: it Friesendroapen. Dit jier sil deputearre Folkerts en Douwstra meigean wêr't sy ûnder oare bydrage sil oan in kulturele workshop. Ek binne der spesjale optredens fan Fryslân út fan de band KASPAR, dy’t nei û.o. in … [Lees meer...] overDeputearre Folkerts en Douwstra as earste fertsjintwurdigers fan provinsjaal bestjoer mei nei Hilgelân
22 maart 2025: presintaasje postume bondel Willem Abma
Op sneontemiddei 22 maart wurdt Willem Abma syn lêste dichtbondel Bewarre postúm presintearre. By dy gelegenheid sil Marcus Veenstra mei in gelegenheidskoar in part fan Requiem ta treast útfiere. De teksten skreaun troch Abma binne troch Veenstra op muzyk set. Foarich jier simmer ferstoar skriuwer-dichter Willem Abma op twaëntachtichjierrige leeftyd. Abma publisearre by syn … [Lees meer...] over22 maart 2025: presintaasje postume bondel Willem Abma
Op syn Frysk en Nedersaksysk
Besprek fan it proefskrift fan Raoul Buurke* Frisian and Low Saxon in Flux. Grins 2025.** In hiel bysûnder taalsosjologysk en sosjolingwistysk (promoasje)ûndersyk is krekt lyn útfierd troch Raoul Buurke fan de Ryksuniversiteit Grins. It jout ûnder oaren in beskaat ynsjoch yn de resinte stân fan saken fan it Frysk en fan it Nedersaksysk wat it persintaazje sprekkers … [Lees meer...] overOp syn Frysk en Nedersaksysk
Nasjonaal Boekewikegeskink ‘De krater’ ferskynt ek yn it Frysk
It Nasjonale Boekewikegeskink ferskynt ek dit jier wer yn it Frysk. De Fryske oersetting fan ‘De krater’is makke troch Jetske Bilker. De kommende Boekewike is de 90e edysje. Foar dizze ekstra feestlike -en ekstra lange - wike lansearre de CPNB in wedstriid foar skriuwers. It winnende manuskript fanGerwin van der Werf waard úteinlik keazen as Boekewikegeskink foar de Nasjonale … [Lees meer...] overNasjonaal Boekewikegeskink ‘De krater’ ferskynt ek yn it Frysk
22 maart 2025: Kofjemoarn mei Durk van der Ploeg
Yn de Nationale Boekenweek (12-23 maart) komt skriuwer Durk van der Ploeg op sneon 22 maart moarns nei de Afûk winkel ta. Hy sil fertelle oer syn boeken, op fersyk foarlêze en syn wurk sinjearje. Ek is der romte om fragen te stellen. Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra sil de moarn oan inoar prate. Kom op sneon 22 maart yn ’e kunde mei de skriuwer en syn oeuvre. Durk van der … [Lees meer...] over22 maart 2025: Kofjemoarn mei Durk van der Ploeg
Fakatuere: promovendus Speech technology and computational modeling of Frisian-Dutch Bilingual Speech: Switch, Loan & Change
De Stifting Fryske Akademy docht wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonaal wittenskiplik debat, draacht by oan it akademysk klimaat yn Ljouwerten Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis … [Lees meer...] overFakatuere: promovendus Speech technology and computational modeling of Frisian-Dutch Bilingual Speech: Switch, Loan & Change
6 maart 2025: Lettertreffen
Op tongersdei 6 maart 2025 organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de tredde edysje fan Lettertreffen, ús gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân. We prate dy middei skriuwers, útjouwerijen, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes graach by oer ús plannen en litte sprekkers oan it wurd. En fansels is der tiid om inoar te … [Lees meer...] over6 maart 2025: Lettertreffen
Alders socht foar ûndersyk nei taaloerdracht by jonge bern yn Fryslân
Foar ûndersyk nei taaloerdracht yn ’e opfieding binne Afûk en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) op ’e syk nei oansteande âlders en âlders mei jonge bern yn Fryslân. Mei in fragelist wolle sy mear te witten komme oer hoe’t it is om in âlder yn Fryslân te wêzen, mar ek hokfoar stipe âlders graach krije wolle … [Lees meer...] overAlders socht foar ûndersyk nei taaloerdracht by jonge bern yn Fryslân
23 jannewaris 2025: Gedichte-aven
Gedichte-aven 2025, op donderdag 23 jannewary in de bibletheek fan St.- Anne om 19:30 uur. 't Maakt niet út wêr't it gedicht over gaat. Ok niet at 't Bildts, Frys of Nederlâns is. 't Mag 'n sels skreven gedicht weze, maar ok 'n al bestaand gedicht. Gedicht foordrage? Anmelde fia: info@bildtsaigene.nl. … [Lees meer...] over23 jannewaris 2025: Gedichte-aven
By de presintaasje fan de nije roman fan Marga Claus: Libbe
Tongersdeitejûn 10 oktober fûn yn Tresoar yn Ljouwert de presintaasje plak fan de nije Fryske roman fan Marga Claus. By dy gelegenheid mocht ik wat sizze oer it wurk fan dizze Fryske skriuwster en fansels oer har nije boek. Hjirûnder stiet myn ferhaal by dy gelegenheid. Foar’t ik wat oer Libbe sizze sil, de nije roman fan Marga Claus dy’t fan ’e jûn presintearre wurdt, wol … [Lees meer...] overBy de presintaasje fan de nije roman fan Marga Claus: Libbe
25 oktober 2024: Dei fan de Fryske taalkunde
13e Dei fan de Fryske taalkunde || 25 oktober 2024 || Ljouwert De Fryske Akademy organisearret op freed 25 oktober de 13e Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy't direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk. It programma stiet no online. Opjaan kin troch in mail te stjoeren nei taalkundedei@fryske-akademy.nl. … [Lees meer...] over25 oktober 2024: Dei fan de Fryske taalkunde
Ammerins Moss-de Boer: ‘Fertale mei AI en de oersetter as kulturele brêgebouwer’
Hieltyd faker wurdt AI (artificial intelligence) ynset om teksten te fertalen. Dochs kin in goeie oersetting net sûnder de kulturele ekspertize fan minsklike oersetters. Ammerins Moss-de Boer jout har fyzje dêrop. Moss-de Boer studearre Ingelsk, ferbleau in skoft yn Ierlân, mar wennet no alwer mear as tweintich jier mei har Ierske man en twa bern yn Fryslân. It skeakeljen … [Lees meer...] overAmmerins Moss-de Boer: ‘Fertale mei AI en de oersetter as kulturele brêgebouwer’
‘Ik wie benijd hoe’t it eartiids wie’
Philippus Breuker hat tsientallen boeken en noch folle mear artikels op syn namme te stean. Dêr die de âld-heechlearaar Frysk in soad ûndersyk foar, ûnder oare yn de argiven fan Tresoar. No’t er meikoarten 85 jier wurdt, is er syn eigen ûnbidich grutte argyf oan it oarderjen, om it stadichoan oer te dragen oan Tresoar. Yn syn studearkeamer yn Boazum stean de boekekasten fol, … [Lees meer...] over‘Ik wie benijd hoe’t it eartiids wie’
Rin voor den droes en lit dy wæge
“Jij stinkt en je moeder ook”, typt in lulk jongfaam op har laptop. De adressant is in blier jongfaam (itselde jongfaam), dat as influencer ‘bjoetie’-tips jout. Dit komt út in licht-pedagogysk tv-programma fan de VPRO. It hat wis en wrychtjes humor, mar wol in komplekse humor, sa’t it liket. “Do stjonkst” is net aardich. De muffe mof stonk yn de santjinde iuw al op ‘e … [Lees meer...] overRin voor den droes en lit dy wæge
De alsidige Freark Dam
It is presys 100 jier lyn dat literêr skriuwer, sjoernalist en FLMD-konservator Freark Dam (1924-2002) berne waard. Pieter de Groot, sjoernalist en kenner fan de Fryske literatuer, skôget it libben en wurk fan Freark Dam en bringt syn betsjutting foar de Fryske literatuer yn kaart. Dêrneist fertelt De Groot oer syn persoanlike moetings en ûnderfinings mei Dam. Lês op de webside … [Lees meer...] overDe alsidige Freark Dam
Op syn Iermodern-Frysk
By de publikaasje fan ‘Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal’* Een historisch-taalsociologisch onderzoek naar de perceptie van het Fries in en rondom de vroegmoderne periode yn Taal en Tongval, Volume 76, Issue 1, jun. 2024, p. 66 - 101. Koarte ynlieding op it artikel yn Taal en Tongval Yn de foarige kollum ‘Op syn Hylpersk’ fan juny ll. haw ik ynhâldlik al preludearre … [Lees meer...] overOp syn Iermodern-Frysk
Frysktalige skripsjes yn de prizen
Ofrûne wiken foelen twa Frysktalige skripsjes yn de prizen. Thom de Haan wûn de Grutte Fryske Wurkstikpriis, mei syn Frysktalige masterskripsje dy't er skreau foar de Master Multilingualism oan RUG. De Grutte Fryske Wurkstikpriis is yn it libben roppen troch de fakseksje Frysk fan de Vereniging Leraren Levende Talen, om learlingen yn it fuortset ûnderwiis en studinten yn it … [Lees meer...] overFrysktalige skripsjes yn de prizen
Klaes Dykstra en syn betsjutting foar it Frysk
Presys 100 jier lyn waard Klaes Dykstra, berne as Klaas Dijkstra, berne yn Sigerswâld. In iuw nei syn berte siket kollegaskriuwer en -oersetter Geart van der Meer foar Tresoar út wat krekt Dykstra syn betsjutting foar de Fryske taal en literatuer west hat. Van der Meer sjocht dêr nei mei syn eigen oersetterseach en fertelt syn ferhaal yn syn eigen stavering. Lês op de … [Lees meer...] overKlaes Dykstra en syn betsjutting foar it Frysk
400 Frysktaligen socht foar online eksperimint oer ûnderbewuste foaroardielen
Assosjearret it brein positive dingen mei de Fryske taal, of dochs earder mei de Nederlânske taal? En hoe sit dat dan mei negative dingen? Dr. Hielke Vriesendorp fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utert freget de help fan 400 Frysktaligen, binnen en bûten de provinsje Fryslân, en fan 400 net-Frysktaligen om dit te ûndersykjen. Vriesendorp ûntwikkele in online … [Lees meer...] over400 Frysktaligen socht foar online eksperimint oer ûnderbewuste foaroardielen
Het Friese klinkersysteem versimpelt
De klinkers van het Fries zijn aan het verschuiven. Het is het de doorgewinterde Fries geheid opgevallen dat de jongerei woorden als wiet ‘nat’ en wiid ‘wijd’ hetzelfde uitspreekt. Ook setjes als hûd ‘huid’ en hoed ‘hoed’ klinken hetzelfde. De lange klinkers, die van wiid en hûd, worden steeds vaker vervangen door een tweeklank die eindigt op schwa (dus: [iˑə] en [uˑə]). Op … [Lees meer...] overHet Friese klinkersysteem versimpelt
Op syn Frânsk II
Yn de earste wike fan it nije jier haw ik yn Op syn Frânsk I in opstapke makke mei it oanstipjen fan de maatskiplike taalkontekst yn de Nederlannen yn de iermoderne tiid, fan belang foar it begryp fan de doetiidske status fan en de ynfloed op it Nederlânsk en it Frysk. It gong yn dy bydrage oer it dominante plak dat dy bûtenlânske taal dêr earder ynnaam. Dy ynfloed wie oars net … [Lees meer...] overOp syn Frânsk II
Op syn Frânsk I
SinjalemintNicoline van der Sijs, Daar is geen woord Frans bijHet beeld van vreemde talen in Nederlandse uitdrukkingen.Leiden: Uitgeverij Scriptum 2023 In hiel aardige publikaasje is wer fan Nicoline van der Sijs. Op Neerlandistiek wie it boek op 24 novimber ll. al as oankundiging foarbykommen, mar ik tocht dat de neamde taal ek moai paste yn myn ‘Op-syn-****’-rige fan … [Lees meer...] overOp syn Frânsk I
In tuskenstantsje
Yn oktober (Op syn Gryksk) en yn novimber (Op syn idioatysk Frysk) haw ik my hjir op frisistyk dwaande holden mei de taalpersepsje fan Everwinus Wassenbergh, de earste heechlearaar ‘neerlandistiek’ yn Frjentsjer (en hiele Nederlân). Nei it sekuer trochnimmen fan syn bekendste wurk Idioticon Frisicum fan 1802-1806 kaam ik as Fries yn de moderne tiid ta in frij ferrassende … [Lees meer...] overIn tuskenstantsje
Fryske jongeren sette harren yn foar mear Frysk by it stimproses
22 novimber is it wer tiid om nei de stimbus ta te gean. Mar wêrom is de stimpas eins folslein yn it Nederlânsk? Oer dy fraach bûgden de studinten fan Yung Frysk harren de ôfrûne wiken. Dat late allinnich mar ta mear fragen: wat wurdt der eins dien mei it Frysk yn de stimproseduere? En wa bepaalt dat? Om dy fragen te beäntwurdzjen gienen de studinten op ûndersyk út. Dat … [Lees meer...] overFryske jongeren sette harren yn foar mear Frysk by it stimproses