• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Frysktalige skripsjes yn de prizen

12 juli 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Ofrûne wiken foelen twa Frysktalige skripsjes yn de prizen. Thom de Haan wûn de Grutte Fryske Wurkstikpriis, mei syn Frysktalige masterskripsje dy’t er skreau foar de Master Multilingualism oan RUG. De Grutte Fryske Wurkstikpriis is yn it libben roppen troch de fakseksje Frysk fan de Vereniging Leraren Levende Talen, om learlingen yn it fuortset ûnderwiis en studinten yn it beropsûnderwiis en it heger ûnderwiis te stimulearjen om mei it Frysk en Fryslân oan de slach te gean. Thom syn skripsje gie oer de ynfloed fan it Biltsk en it Stedfrysk op it Frysk en seach nei de ynfloed fan sawol it praten fan it Biltsk of Stedfrysk as it identifisearjen
as Biltker op de attitudes foar it Frysk oer en de taalfeardigens yn it Frysk. Foar frisistyk skreau er der foarich jier al in stik oer.

Welmoed Sjoerdstra wûn de EFNIL Master’s Thesis Award fan de European Federation of National Institutions for Language, mei har Frysktalige skripsje oer differinsjaasje by it fak Frysk yn de ûnderbou, dy’t se skreau foar de Master Applied Linguistics oan de RUG. Dizze thesis award wurdt alle jierren útrikt oan de trije bêste Masterskripsjes yn Europa op it gebiet fan taalgebrûk, taalbelied en meartaligens. As ûnderdiel fan de priis mei Welmoed yn septimber har skripsje presintearje op de EFNIL-konferinsje yn Budapest. Ek Welmoed skreau oer har ûndersyk foar frisistyk, dat is hjir te lêzen.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: frysk, scriptie, scriptieprijs

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

18 novimber 2025: Akademylêzingen Herman de Vries & Anna de Vries

18 novimber 2025: Akademylêzingen Herman de Vries & Anna de Vries

11 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

10 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
13 novimber 2025: iepening ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

13 novimber 2025: iepening ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

9 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
12-14 novimber 2025: Conference on Frisian Humanities

12-14 novimber 2025: Conference on Frisian Humanities

9 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
12 novimber 2025: boekpresintaasje ‘Wêr bliuwe de froulju?’

12 novimber 2025: boekpresintaasje ‘Wêr bliuwe de froulju?’

8 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d