• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Rapport oer nije Fryskpraters

6 juli 2023 door Redactie Neerlandistiek Reageer

(Persbericht Fryske Akademy)

Foto: Hindrik Sijens

Ruth Kircher (Fryske Akademy/Mercator) en Mirjam Vellinga (Afûk) hawwe it rapport New Speakers of West Frisian: Promoting Language Learning and Use to Foster Revitalisation skreaun. Yn it rapport giet it oer nije sprekkers fan it Frysk en it befoarderjen fan taalwinning en taalgebrûk om revitalisaasje te stimulearjen. It rapport is basearre op it ûndersyksprojekt oangeande nije Fryskpraters. It jout earst in oersjoch fan de opset fan it projekt, dêrnei komme de fjouwer ferskate ûnderdielen fan it projekt oan ‘e oarder: 1. Motivaasjes om Frysk te learen; 2. Hâlding neffens it Frysk; 3. Evaluaasjes fan de standerdisearre fariant fan it Frysk en 4. Brûken fan it Frysk. It rapport presintearret de wichtichste útkomsten en resultaten fan it projekt en slút of mei op ûndersyk basearre oanbefellings oangeande taalbelied en planningsmaatregels en takomstich ûndersyk.

Nije sprekkers kinne in grutte rol spylje by it yn stânhâlden fan in minderheidstaal en it tal sprekkers fan dy taal fergrutsje. Se kinne de sosjale netwurken dêr’t tradisjonele sprekkers harren taal yn brûke kinne fergrutsje en derfoar soargje dat der op mear plakken en mei mear minsken Frysk praat wurde kin. Dat kin der mei foar soargje dat de status fan de taal ferhege wurdt. 

Ferstean kinne

De measte nije Fryske sprekkers wolle benammen Friezen ferstean kinne. Krekt wat mear as in treddepart fan de respondinten wol it sels ek aktyf brûke kinne. De grutste motivaasje om it Frysk te learen is de wurkrelatearre sitewaasje, in oare motivaasje is om der by te hearren en ûnderdiel wêze wolle fan de lokale mienskip, lykas it doarp, de buert of famylje. In lytse groep jout oan dat men de taal leare woe fanwege leare woe fanwege de leafde foar talen yn it algemien.

It is wichtich om yn de takomst rekken te hâlden mei de winsk fan learders en nije sprekkers om op lokaal nivo (doarp, buert, famylje) ûnderdiel te wurden fande mienskip. It gefoel wolkom te wêzen yn de lokale Frysktalige omjouwing kin in ekstra ‘boost’ wêze om Frysk te learen.

Yn it ûndersyk is frege nei de status-relatearre hâlding en de solidariteits-relatearre hâlding fan de dielnimmers tsjinoer it Frysk. De status-relatearre hâlding fan de dielnimmers tsjinoer it Frysk wie sa goed as neutraal. De dielnimmers skreaunen net in hege nuttichheidswearde ta oan it Frysk. Dat hat nei alle gedachten benammen te krijen mei it feit dat behearsking fan it Frysk net in betingst is foar sosjaal-ekonomysk sukses. Der is in dúdlik posityf ferbân tuskende taalfeardigens fan de dielnimmers en de status-relatearre hâlding tsjinoer it Frysk. Wat better de behearsking fan de taal wat positiver men is oer it nut fan de taal. De solidariteits-relatearre hâlding fan de dielnimmers tsjinoer it Frysk wie licht posityf. Dat hat nei alle gedachten te krijen mei de winsk om by de lokale mienskip te hearren. Ek hjirby wie der in dúdlik posityf ferbân tusken de taalfeardigens fan de dielnimmers en harren hâlding tsjinoer de taal. Dêrby hiene dielnimmers dy’t op it plattelân/yn in doarp wennen in sterkere emosjonele bân mei de taal as de dielnimmers dy’t yn mear stedske gebieten wennen. It soe oan te rieden wêze om lokale sosjale identiteiten te promoatsjen dy’t dield wurde troch sawol tradisjonele as nije sprekkers fan it Frysk, sadat nije sprekkers echt it gefoel krije dat se by de lokale mienskip hearre.

Omtinken foar regionale farianten

Ut de kwantitative gegevens kaam nei foaren dat de dielnimmers it Afûk-Frysk as sawat neutraal wurdearren as it giet om anonimiteit en licht posityf as it giet om autentisiteit. Dat wie in ferrassende útkomst. By fierdere analyze kaam nei foaren dat neist dat de dielnimmers Afûk-Frysk as Standertfrysk beoardielen, se it ek autentyk fûnen, om’t yn alle gefallen in part fan de lesjouwers ek omtinken jout oan regionale farianten fan it Frysk. Dat waard troch de dielnimmers as posityf wurdearre. Dit slút oan by de eardere útkomsten dat learders en nije sprekkers graach diel út meitsje wolle fan de lokale mienskip en it Frysk prate wolle dat dêr sprutsen wurdt. As oanfolling op it learen fan it Standertfrysk soe it goed wêze om ek omtinken te hawwen foar de regionale fariaasjes fan it Frysk yn de kursussen. It learen oer en fan dy fariaasjes helpt de nije sprekkers oan te sluten by de tradisjonele sprekkers yn de lokale mienskip.

Nije sprekkers brûke it Frysk mar in lyts bytsje yn de praktyk. Dielnimmers joegen oan dat se it Frysk 20% fan de tiid brûkten yn in trochsneed wike. Allinnich ûnder de lessen waard der troch guon dielnimmers mear Frysk as Nederlânsk brûkt. Bûten it klasselokaal wurdt der benammen Frysk praat mei buorlju, by ferieningen of binnen de famylje, mar faak giet dat net fierder as in pear standert wurdsjes of sintsjes. De dielnimmers fiele har minder noflik as se Frysk prate mei tradisjonele sprekkers dan yn in petear mei nije sprekkers.

De dielnimmers jouwe oan dat se troch it hâlden en dragen fan de tradisjonele sprekkers ûntmoedige wurde om Frysk te praten. Dêrby moat tocht wurde oan: wegerje om Frysk te praten, yn it petear oerskeakelje nei it Nederlânsk, grapkes meitsje oer it Frysk fan de nije sprekker, en it korrizjearjen fan flaters. De komplekse dynamyk tusken tradisjonele en nije sprekkers draacht dus by oan de taalûnwissigens fan de nije sprekkers. Dat wjerhâldt harren derfan om it Frysk te brûken en dat behinderet its úkses fan de refitalisearringsynspanningen.

Tradisjonele sprekkers kinne nijsprekker stypje

Fan de 4 oanjûne mooglike positive gedragingen dy’t tradisjonele sprekkers sjen litte kinne: 1. maklikere wurden brûke, 2. stadich prate, 3. geregeld freegje oft ien it ferstiet en 4. eksplisite oanmoedigingen om troch te gean mei it praten fan it Frysk, waard dat lêste as it meast posityf en weardefol beskôge. De útkomsten litte sjen dat positive reaksjes en oanmoedigingen troch tradisjonele sprekkers bot bydrage kinne oan it brûken fan it Frysk by nije sprekkers. Tradisjonele sprekkers kinne sa in grutte rol spylje yn it aktivearjen fan nije sprekkers en de refitalisaasje fan it Frysk. It soe goed wêze om by planningsmaatregelen net allinnich te fokusjen op it learen fan de taal, mar de fokus te ferbreedzjen nei it aktyf brûken fan de taal ûnder nije sprekkers. Stipe foar mear harmonieuze relaasjes tusken tradisjonele en nije sprekkers en it kreëarjen fan mienskiplike sosjale identiteiten soene wichtige stappen wêze kinne yn de aktivearring fan nije sprekkers. Dit ûndersyk jout tal fan oanliedingen en mooglikheden foar oanfoljend ûndersyk op it mêd fan taalhâlding, motivaasjes om de taal te learen, it tinken oer de ferskillende taalfariaasjes en it Standertfrysk en it aktive taalgebrûk by learders en nije sprekkers.

  • It folsleine rapport: New Speakers of West Frisian: Promoting Language Learning and Use to Foster Revitalisation (Ingelsktalich).

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Nieuws Tags: Fries, frysk, taalbeleid, taalkunde, taalsociologie

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

moderne maaie • André Looijenga

mêsten koperglânzgjend
meitsje har út pannedakken, beammen
los, glide beret efter de flatsjes
hinne, Ljouwert ûnder ’t pompeblêd
skûtsjes stome de stêd wer út
de ûnsichtb’re Greuns, de marren op

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

20 juny 2025: deadline Lytse Gysbert Japicxpriis

20 juny 2025: deadline Lytse Gysbert Japicxpriis

23 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
12 juny 2025: Skriuwerskafee

12 juny 2025: Skriuwerskafee

22 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 juny 2025: Silent Book Club Fryslân

5 juny 2025: Silent Book Club Fryslân

22 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
25 maaie 2025: Dichter op de Deel

25 maaie 2025: Dichter op de Deel

18 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 juny 2025: boekpresintaasje Schitteren en schuilen

1 juny 2025: boekpresintaasje Schitteren en schuilen

18 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d