Klokken hear ik klinken
Yn de stille jûn;
’t Sintsje sjoch ik sinken,
Wolkjes sjoch ik blinken,
’t Hiele swurk yn ’t rûn.
Kij stean yn de greiden
Heal yn dauwe wei;
Feinten gean te meiden,
’t Fûgeltsje yn de reiden
Jout har sankjes mei.
Klokken sjonge d’ ierde
’t Leaflikst widzeliet;
Soargen moatte skiede,
Frede glydt oer d’ ierde,
Frede, ûntinkber swiet!…
D’ ierde lei yn slomme,
’t Klokkeliet wie dien;
’t Fûgelt wie ferstomme. –
‘k Bin, it hert ferromme,
Stil nei hûs ta gien.
Snjeuntojoun, It jonge Fryslân, 1882. Pieter Jelles Troelstra. Ferzje mei nije stavering út: Samle fersen, s. 134
Laat een reactie achter