• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Dr. Mirjam Günther-van der Meij nije lektor Meertaligheid & Geletterdheid

18 juni 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Dr. Mirjam Günther-van der Meij is mei yngong fan 15 juny de nije lektor fan it lektoraat Meertaligheid en Geletterdheid fan NHL Stenden Hegeskoalle. Günther-van der Meij folget Joana Da Silveira Duarte op, dy’t lektor wie sûnt 2019 en no heechlearaar Underwiiswittenskippen is oan de Ryksuniversiteit Grins.

Günther-van der Meij, sûnt 2017 wurksum foar NHL Stenden, wurke de ôfrûne jierren al as assistint lektor by itselde lektoraat. Under har lieding binne ferskate ûndersyksprojekten opset op it mêd fan meartaligens yn it primêr en fuortset ûnderwiis, rjochte op it Frysk en yn syn algemienheid op streek- en buortalen yn Noard Nederlân. Ek rjochtet se har yn har wurk op it ferminderjen fan letterswakkens (laaggeletterdheid) en it befoarderjen fan meartalige geletterdheid.

Yn 2021 waard har wurk beleanne mei de wittenskipspriis fan Campus Fryslân. Yn 2018 promovearre se oan de Ryksuniversiteit Grins en de Fryske Akademy op har ûndersyk nei de effekten fan twataligens op it learen fan in tredde taal.

De ynauguraasje fan de nije lektor sil nei alle gedachten yn it foarjier fan 2025 wêze.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Nieuws Tags: geletterdheid, lectoraat meertaligheid en geletterdheid, meertaligheid, NHL Stenden, onderwijs

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Gleed

Gleed: fan ‘e gleed (fan ‘e wize); oan ‘e gleed wêze (oan ‘e gong wêze); oan ien gleed (wei) (sûnder op te hâlden); op gleed komme/reitsje (op gong komme/reitsje)

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

24 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 maaie 2026: Deadline Gjalp

10 maaie 2026: Deadline Gjalp

16 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

14 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 april 2026: presintaasje ‘Wytbekroek’ fan Elmar Kuiper

26 april 2026: presintaasje ‘Wytbekroek’ fan Elmar Kuiper

11 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d