Ofrûne moandei 14 april krigen learlingen fan basisskoalle It Bynt yn Winsum in Lêskiste mei Fryske berneboeken kado út hannen fan René de Vries, wethâlder fan de gemeente Waadhoeke, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn't alle skoallen fan de gemeente in fergeze Lêskiste oanbean krije. Yn de meartalige gemeente kin it … [Lees meer...] overFeestlike oanbieding meartalige berneboeken Waadhoeke
Frysk yn it ûnderwiis
21 maaie 2025: WOW Frysk ûnderweis
WOW Frysk ûnderweis is it evenemint foar Frysk en meartalich ûnderwiis. WOW is der foar alle profesjonals yn it wurkfjild fan it foarskoalske en it primêr ûnderwiis om har ynspirearje te litten ta ryk taalûnderwiis. De edysje fan 2025 is op 21 maaie yn Wergea en hat as ûnderwerp it nije kurrikulum Fryske taal en kultuer, wêrby’t wy longerje nei rike taal foar alle bern. WOW … [Lees meer...] over21 maaie 2025: WOW Frysk ûnderweis
Lysbeth Jongbloed nije praktor Fryske taal en taalfeardigens
It kolleezje fan bestjoer fan ûnderwiisorganisaasje Firda hat dr. Lysbeth Jongbloed-Faber fan Fryske Peallen beneamd as praktor Fryske taal en taalfeardigens yn in meartalige kontekst. Se set op 1 maaie 2025 foar 0,5 fte útein. Dêrneist wurket se troch by de Provinsje Fryslân. Lysbeth Jongbloed is op it stuit wurksum as strategysk beliedsadviseur Frysk by de Provinsje … [Lees meer...] overLysbeth Jongbloed nije praktor Fryske taal en taalfeardigens
Dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025
Wa wint dit jier de felbegearde Gouden Fear? Alle bern út de groepen 7 en 8 fan basisskoallen yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025. Foar skoallen dy’t meidwaan wolle oan dizze dichtwedstriid, is der in online lesbrief mei wurkblêden, te gekke filmkes én in dosintehantlieding beskikber. Leaver in fergeze workshop Frysk dichtsjen op … [Lees meer...] overDichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025
Femke van Kammen wint Lyts Frysk Diktee 2025
Femke van Kammen fan de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 10 flaters wie se hjoed de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it Provinsjehûs, de skriuwwedstriid foar learlingen út groep 7 en 8. Twadde waard Dieuwke Buma fan de Master Frankeskoalle yn Earnewâld mei 11 flaters. It tredde plak, mei 13 flaters, … [Lees meer...] overFemke van Kammen wint Lyts Frysk Diktee 2025
21 maart 2025: ynauguraasje dr. Günther-van der Meij en dr. Walsweer
Het College van Bestuur van NHL Stenden Hogeschool nodigt u van harte uit voor de inauguraties van dr. Mirjam Günther-van der Meij, lector Meertaligheid & Geletterdheid en dr. Albert Walsweer, bijzonder lector Fryske Taal & Kultuer yn it ûnderwiis op vrijdag 21 maart 2025. Het thema van de rede van Mirjam is: “Talen als verbindende kracht.” Het thema van de rede … [Lees meer...] over21 maart 2025: ynauguraasje dr. Günther-van der Meij en dr. Walsweer
Fakatuere: praktor Frysk en Meartaligens Firda
Voor het nieuw in te stellen practoraat Friese taal en geletterdheid in de meertalige context is Firda op zoek naar een practor met hart voor de Friese taal. Ben jij onze inspirerende practor voor de Friese taal? (0,4 à 0,5 fte) Als practor Friese taal en geletterdheid voer je (praktijk)gericht onderzoek uit en richt je je op de vraag hoe het Friese mbo de Friese taal en … [Lees meer...] overFakatuere: praktor Frysk en Meartaligens Firda
11 febrewaris 2025: Ynspiraasjesessy Eksamenfak Frysk
Op tiisdei 11 febrewaris 2025 fan 14.30 oant 17.00 oere is der yn Kafee Bergsma, Easterein in Ynspiraasjesessy Eksamenfak Frysk. Op it programma stean ûnder oaren bydragen fan skoallen dy’t it Frysk al as eksamenfak oanbiede of oan it opsetten binne. Fansels is der ek romte foar fragen, ferlet en útwikseling. De offisjele útnûging folget noch, mar set de datum no alfêst yn dyn … [Lees meer...] over11 febrewaris 2025: Ynspiraasjesessy Eksamenfak Frysk
31 jannewaris 2025: deadline opjefte Lyts Frysk Diktee
Learlingen út groep (7,) 8 kinne meidwaan oan it Lyts Frysk Diktee. Alle skoallen yn Fryslân wurde dêr foar útnûge. De learlingen kinne proefdiktee meitsje en kwalifisearje harren oan de hân fan in seleksjediktee. De bêste learlingen út groep (7,) 8 fan de Fryske basisskoallen dogge mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. It Lyts Frysk Diktee wurdt yn de steateseal yn … [Lees meer...] over31 jannewaris 2025: deadline opjefte Lyts Frysk Diktee
Twa nije publikaasjes oer it Frysk by Mercator Europeesk Kennissintrum
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) hat twa nije publikaasjes oer it Frysk: Sa leit it lân derhinne en in nije edysje fan it Regionale Dossier. It ynformaasjeboekje Sa leit it lân derhinne (Scarse & Ybema, 2024) jout in hânsum oersjoch fan de wetten, ôfspraken en ynstellings dy’t mei it Frysk te krijen hawwe. … [Lees meer...] overTwa nije publikaasjes oer it Frysk by Mercator Europeesk Kennissintrum
YnSicht earste tmbû-skoalle mei Frysk as eksamenfak yn beropsrjochte profilen
YnSicht, skoalle fan OSG Piter Jelles (ûnderdiel fan OVO Fryslân-Noard), sil as earste tmbû-skoalle yn Fryslân it Frysk as eksamenfak oanbiede yn de beropsrjochte profilen op it tmbû. Tongersdei 14 novimber is by in besite fan amtners fan it ministearje fan OCW en Provinsje Fryslân stilstien by dy mylpeal foar it tmbû. Deputearre Eke Folkerts: “YnSicht hat sjen litten dat … [Lees meer...] overYnSicht earste tmbû-skoalle mei Frysk as eksamenfak yn beropsrjochte profilen
Ynternasjonale WikiWomen-útwikselingFryslân 2024 set froulju yn de skynwerper
Ofrûne novimber foarme Ljouwert it brûzende middelpunt fan de tredde en lêste útwikseling fan boppeboulearlingen út minderheidstaalregio’s yn it ramt fan it projekt WikiWomen. Learlingen en dosinten út Ierlân en Baskelân kamen nei Fryslân ta om trije dagen lang te learen oer de Fryske taal en kultuer en om mei-inoar gear te wurkjen op it mêd fan betsjuttingsfol … [Lees meer...] overYnternasjonale WikiWomen-útwikselingFryslân 2024 set froulju yn de skynwerper
24 oktober 2024: Fierder mei Frysk
Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en mbû, organisearre troch de VLLT seksje Frysk, de Learareoplieding Frysk fan NHL Stenden en Cedin. Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s. Sjoch foar mear ynformaasje oer it programma en oanmelden de webside fan Taalplan Frysk 2030. … [Lees meer...] over24 oktober 2024: Fierder mei Frysk
24 oktober 2024: Fierder mei Frysk
Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en mbû, organisearre troch de VLLT seksje Frysk, de Learareoplieding Frysk fan NHL Stenden en Cedin. Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s. Sjoch foar mear ynformaasje oer it programma en oanmelden de webside fan Taalplan Frysk 2030. … [Lees meer...] over24 oktober 2024: Fierder mei Frysk
Learlingen op útwikseling yn Baskelân foar WikiWomen-projekt
Yn april gienen acht learlingen fan de Havotop yn Burgum op útwikseling yn Baskelân yn it ramt fan it projekt WikiWomen. WikiWomen is in gearwurking fan Fryske, Ierske en Baskyske organisaasjes om lesmateriaal te ûntwikkeljen foar it fuortset ûnderwiis, wêryn’t learlingen digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden opdogge troch Wikipedy-artikels te skriuwen. Oanlieding … [Lees meer...] overLearlingen op útwikseling yn Baskelân foar WikiWomen-projekt
Jan Minno Rozendal skriuwt boek foar Lês No: ‘Young adult is in nijsgjirrige leeftiid’
It nijste boek yn de rige fan it lêsbefoarderingsprojekt Lês No is 11 jannewaris presintearre. It boek Tie / Break is skreaun troch Jan Minno Rozendal. Sa’n 5.200 brêgeklassers fan it fuortset ûnderwiis lêze it yn dit lêsbefoarderingsprojekt mei elkoar. Jelle en Femke binne al jierren de bêste freonen. Se spylje tegearre tennis en binne altyd byinoar. Mar no hat Femke op ’e … [Lees meer...] overJan Minno Rozendal skriuwt boek foar Lês No: ‘Young adult is in nijsgjirrige leeftiid’
Hoe sit it no krekt: Frysk yn it spesjaal ûnderwiis
Op dit stuit wurdt wurke oan de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028 (BFTK). De foarige edysje is jildich fan 2019 oant 2023 (Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties & Provinsje Fryslân, 2018). Neffens de ‘âlde’ BFTK is in útgongspunt dat it Ryk en Provinsje der tegearre op lange termyn foar soargje dat op alle ûnderwiisnivo’s en yn de … [Lees meer...] overHoe sit it no krekt: Frysk yn it spesjaal ûnderwiis
Differinsjearje by it fak Frysk, hoe pakke je dat oan?
De rol fan de dosint is tige wichtich yn taalûnderwiis. Mar wat we no krekt bedoele wannear’t we it oer in goede dosint hawwe, is dreech om út te drukken. We hawwe allegear wol in idee fan in dosint dy’t strang, mar rjochtfeardich is, dy’t aardich is, mar ek dúdlik en konkreet. Miskien ropt it fuort in dosint by dy op dy’tst sels hiest doe’tst noch op skoalle sietst. In dosint … [Lees meer...] overDifferinsjearje by it fak Frysk, hoe pakke je dat oan?
Media: Learlingen Frysk te gast by Op en Ut
Learlingen Senne Everhard en Sofie Maret Smilde fan it Piter Jelles !mpuls yn Ljouwert hawwe keazen foar it fak Frysk. Op snein droegen se foar út eigen wurk op it troch it Feitsma Fûns organisearre Bûter yn 'e brij-festival. Sneon wienen se tegearre mei harren dosint en bestjoerslid fan it Feitsma Fûns Pieter Duijff te gast yn it radioprogramma Op en Ut fan Omrop Fryslân en … [Lees meer...] overMedia: Learlingen Frysk te gast by Op en Ut