• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

30 oktober 2025: stúdzjemiddei Fierder mei Frysk 2025

15 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en mbû, organisearre troch de VLLT seksje Frysk, de Learareoplieding Frysk fan NHL Stenden en Cedin. Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s.

Hoe krije wy learlingen entûsjast om te skriuwen yn it Frysk? Dy fraach stie sintraal yn it projekt MultiLit Fryslân. Lektor meartaligens en skriftlike taalbehearsking Mirjam Günther en dosint-ûndersiker Myrthe Coret-Bergstra fan NHL Stenden Hegeskoalle fierden mei kollega’s dit ûndersyk út op ferskeidene fû- en mbû-skoallen yn Fryslân. It ûndersyk die bliken dat de motivaasje fan jongeren om Frysk te skriuwen op skoalle net altyd like heech is, wylst se de taal wol regelmjjittich brûke op sosjale media. Binnen MultiLit Fryslân waard ûndersocht hoe’t it Frysk skriuwen yn de frije tiid en it skriuwen op skoalle better mei elkoar ferbûn wurde kin. Yn de keynote nimme de ûndersikers dy yn 3 stappen mei:

  1. hoe’t learlingen skriuwe yn har frije tijd – wêrom appe se wol/net yn it Frysk?
  2. de stim fan de learling – wat motivearret learlingen om Frysk te skriuwen? 
  3. fan ynsjoch nei klassepraktyk – konkrete tips en hânfetten foar it ûntwerpen fan skriuwlessen. 

Dêrneist binne der ynspirearjende wurkwinkels dy’t oanslute op ferskate kearndoelen.  

Bist ynteresearre yn de oplieding Frysk? Dan is der op dizze dei ek de mooglikheid om in kolleezje by te wenjen en fragen te stellen oer de oplieding. Fan 13.00 oant 14.30 oere kinst oanskowe by ‘Lêsdossier’ (it bepraten fan ‘Anna’ fan Aggie van der Meer ûnder lieding fan ien fan de dosinten) of by ‘Taalkennis’ (in kwis oer de stof dy’t behannele is, yn de styl fan “2 voor twaalf”). Op it oanmeldformulier kinst oanfinke oftst komst en dan kinst ek de kar foar it kolleezje trochjaan.

Ta eintsjebeslút is der in buorrel dêr’t elk alle ynformaasje útwikselje kin ûnder it geniet fan in hapke en in drankje. De stúdzjemiddei is fergees. Wy hoopje safolle mooglik dosinten en studinten wolkom te hjitten!

Programma

14.45 Ynrin
15.15 Iepening
15.25 Plenêr part mei Mirjam Günther en Myrthe Coret-Bergstra en in spetterjend optreden fan winners fan SjONG 2025.
16.45 Wurkwinkel 1
17:30 Diner mei boekemerk en tentoanstelling fan winnende wurkstikken Grutte Fryske Wurkstikpriis
18.35 Wurkwinkel 2
19:20 Ofsluting, buorrel en neiprate

Oersjoch wurkwinkels

  • #DIMF. Dat is moai Frysk
  • Lêsno; ja, fansels!
  • Nij eksamenprogramma Fryske Taal en Kultuur
  • Op paad mei it ferline: Fryske skiednis yn de praktyk
  • Fan tip nei praktyk: oan ‘e slach mei Frysk skriuwen
  • Keunstryk

Datum en oanmelde

30 oktober 2025 | NHL Stenden Hegeskoalle Ljouwert

Oanmelde kin oant 16 oktober

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: docentendag, Frysk yn it ûnderwiis, Taalplan frysk

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

10 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
13 novimber 2025: iepening ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

13 novimber 2025: iepening ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

9 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
12-14 novimber 2025: Conference on Frisian Humanities

12-14 novimber 2025: Conference on Frisian Humanities

9 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
12 novimber 2025: boekpresintaasje ‘Wêr bliuwe de froulju?’

12 novimber 2025: boekpresintaasje ‘Wêr bliuwe de froulju?’

8 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10-14 novimber 2025: Lêzingen Kadoboek 2025

10-14 novimber 2025: Lêzingen Kadoboek 2025

7 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d