It kolleezje fan bestjoer fan ûnderwiisorganisaasje Firda hat dr. Lysbeth Jongbloed-Faber fan Fryske Peallen beneamd as praktor Fryske taal en taalfeardigens yn in meartalige kontekst. Se set op 1 maaie 2025 foar 0,5 fte útein. Dêrneist wurket se troch by de Provinsje Fryslân.
Lysbeth Jongbloed is op it stuit wurksum as strategysk beliedsadviseur Frysk by de Provinsje Fryslân, dêr’t se ûnder oare ferantwurdlik is foar de kontakten mei oare minderheidstaleregio’s en it gebrûk fan it Frysk yn digitale tapassingen en keunstmjittige yntelliginsje. Se hat ek meiwurke oan it ta stân kommen fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) 2024-2028.
Foardat frou Jongbloed by de provinsje oan ’e slach gie, wurke se as ûndersiker, sawol yn it bedriuwslibben as yn de wittenskip. Hja hat wiidweidige ûnderfining mei it útfieren fan merkûndersiken, helberens- en evaluaasjestúdzjes en sosjolinguïstysk ûndersyk nei it gebrûk fan it Frysk. Har promoasjeûndersyk die se by de Fryske Akademy en de universiteit fan Maastricht. Foar har proefskrift Frisian on social media: the virtuality of minority languages in a multilingual online world hat se twa grutskalige ûndersiken ûnder Fryske jongelju útfierd, ek op de lokaasjes fan Firda yn Ljouwert, Dokkum, Drachten en Snits. Troch dat ûndersyk hat se goed ynsjoch yn de taalhâlding fan Fryske jongelju en driuwfearen en beheiningen om it Frysk wol of net te brûken. Dy kennis slút goed oan by de programmalinen fan it praktoraat.
Dit berjocht is earder publisearre op Goeie.frl
Laat een reactie achter